Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us:
Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou.
Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne.
Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei.
Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
Wy wennen froeger yn it húske, dat nou krekt ôfbrutsen is. It stie by de brêge, tusken Stiensgea en de Hamster Pein yn. Hwat yn 'e lichte. Dêr bin 'k geboaren en dêr ha 'k oan 1903 ta wenne.
Wy hienen dêr in stuoltsjeklok.
Wy slepten yn bêdsteden. Yn 't iene slepten heit en mem en ik slepte mei in pear bruorren yn 't oare. Der slepten ek noch guon achter....
nl.verhalenbank.21849
Der hat hjir in man yn Stiensgea wenne, dy flokte en swetste dat it raer wie. Dy man hearde op in nacht de klappen fan 'e flaeije. Hy der ôf en nei de skuorre ta. "Ik sil se opsitten leare", hied er sein en dêr rare flokwurden oerhinne.
Mar hy is dêr raer wer weirekke. De duvel hat him by de lurven hawn.
nl.verhalenbank.23859
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat.
Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien.
Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Yn 'e tiid doe't er noch gjin trein ried fan Ljouwert nei Grins hearden se op it Blaufallaet al it sûzjen fan 'e fjilden oer de rails. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.22732
Der wenne in man yn Lytsepost, dy hearde al fan to foaren, foardat de spoarlyn oanlein wie, de trein fan Bûtenpost.
nl.verhalenbank.23758
Yn Surhuzum hat in âld skipper us heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. Dy stem kom út it wetter wei. In skoftsje letter rekke der in man oer board en fordronk op in plak, krekt efkes fierder as dêr't it lûd weikom. De skipper hat dit sels forteld.
nl.verhalenbank.23639
Ik wenne yn Stiensgea as boerefeint yn 't Oast. Op in joun hie 'k nei myn suster ta west, dy biwosk my. Ik hie forskjinnersguod ophelle. Doe't ik al hast wer toplak wie, en oan in âld húske ta wie, doe hearde ik der by dat húske allerhande lûden fan smiten mei stiennen en planken. Doe't ik dêr hinne gong wie der neat to sjen.
In skoft letter kom dat húske...
nl.verhalenbank.27978
Sa hearden wy - ek wol faker as ien kear - by 't winterdei jouns it klipperdeklap fan 'e flaeije. Dan bigongen wy de oare deis to terskjen.
nl.verhalenbank.23854
De trein fan Ljouwert nei Grins wie der noch net, doe sei in man: "Ik ha dêr hwat fleanen sjoen troch 't Noarden. Tolve, trettsjen weinen achter elkoar oan, sûnder hynder en dat gong pof - pof - pof - pof."
Letter kom de trein dêr lâns.
nl.verhalenbank.23855
Dêr't nou de molkfabryk to Twizel stiet, wie froeger in sûkerijfabryk. Heit wie druijer oan dy fabryk. Hy moest dêr sûkerij druije.
Doe gebeurde it op in nacht dat hja it getuf en gerattel fan in motor hearden. Mar der wie hielendal gjin motor.
Mar it sûkerijfabryk kom mei gauwens to forfallen en doe woarde it in moalfabryk mei in motor der yn.
(Sikke...
nl.verhalenbank.32425
Even bûten Stiensgea oan 'e Oastkant hearden wy as jonges dat se mei planken oan 't smiten wienen, wylst der neat to sjen wie. Letter stie der op dat plak in moaije woaning.
nl.verhalenbank.23852
Op in joun sieten wy as manlju yn 't bûthús. De froulju wienen wylst oan 't skûtelwaskjen.
Doe hearden wy dúdlik de tsjerne gean. En dochs waerd der net tsjerne. Dat gebeurde de oare deis pas.
nl.verhalenbank.23853