Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Drachtstercompagnie
Der wie in feint, dy wie by de boer. Hy sliepte yn 't bêdsté yn 'e stâl, achter de kij. Op in nacht doe seach er in bigraffenis de mjilgong lâns gean. Der wie hielendal net in siken yn 'e hûs, mar trije dagen letter is de boer syn soan forstoarn. Doe is de bigraffenis de mjilgong delgong. Dit hat ús pake forteld.
nl.verhalenbank.22176
Op in kear moest Ynse mei in skiep nei de raem yn Bakkefean. It skiep woe net rinne. Ynse hie de hannen op 'e rêch en hâldde it tou beet, dêr't it skiep oan fêst siet. Hy fornom net dat it skiep net meiroan. Hy luts it fan achteren mei. It skiep sleepte oan it tou. Mar dat fornaem Ynse net. Doe't er oan 'e raem ta wie, wie 't skiep dea.
nl.verhalenbank.24201
As in houn spûkgûlde, wie dat in teken, dat der gau ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.24600
Bearn van der Woude fortelde: Op in nacht kaem ik mei in kameraed de Skieding del. Doe seach ik in lykstaesje oankommen, myn maet seach it net. Ik luts him gau oan kant, dat de lykstaesje passeare koe. Oars wie er oan kant stompt woarn.
nl.verhalenbank.31959
Doe't ik as jonge yn Dútslân op 'e minen arbeide, wie dêr ek in sekere Tiense Boomsma. Dy wie mei de helm geboaren. Dy gong nachts fan bêd ôf. Dan seach er lykstaesjes
nl.verhalenbank.21945
Yn froeger tiid is 't gebeurd, dat der ergens yn 'e Grinzer Pein by minsken hyltyd in fremde kat by de doar siet. Ik wie doe noch mar in jonge. As dy kat der wie, gebeurde der altyd hwat. Der stoar in kou of ien fan 'e bern waerd siik of sokssahwat. Dat die dy kat, dat wie in tsjoenster. It wie de mem fan Sierd Polderdyk dy't it die. As de frou de kat by...
nl.verhalenbank.24183
Rikele Myt wie de tsjoenster fan 'e Skieding. It gebeurde ris dat in streuper op in hazze skeat. Hoewol't er him goed rekke wie de hazze net dea. Dy naeide út. Mar hy liet in bloedspoar achter. Hy roun 't lân yn en folge it spoar. Op 't lêst rekke er 't kwyt. Mar de oare moarns roun Rikele Myt mei in doek om 'e kop. (dy hie harsels yn in hazze foroare.)
nl.verhalenbank.31943
Op 'e Omloop ûnder Surhústerfean is froeger ris in bern bitsjoend woarn. Dat bern rekke dea. De namme fan 'e tsjoenster wol my net tobinnen sjitte.
nl.verhalenbank.24185
Der roannen us twa man by nacht fan Drachten ôf de Hegebrechster loane del. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Even oan kant. Der komt in lykstaesje oan." Doe seach er in lykwein mei in wyt hynder der foar. Doe't de lykstaesje foarby wie sei er tsjin 'e oare: "Nou gean wy mar wer fierder." In wike letter doe kom der in man fan 'e Dammen (ûnder Drachtster...
nl.verhalenbank.24596
Op 'e Skieding wie de Janke-dobbe. Dêr is alris in bern yn fordronken. Letter woarde der jouns út dy dobbe wei altyd roppen: "Brand, help my!" De lju dy't dêr jouns lâns gongen, hearden dat. Dat wie dat fordronken bern, dy't dat rôp.
nl.verhalenbank.24186
Dy't lid wurdt fan 'e frijmetselaers kriget noait wer forlet fan jild. De iene krijt in skaef, de oare in troffel, wer in oaren in hammer. Dy't ien kear lid is mat altyd lid bliuwe. Jo kinne der net wer by wei. Om de safolle jier mat der ien dea. Se jowe noait de hiele hân, altyd ien of twa fingers.
nl.verhalenbank.31950
It wie op in joun letter en der hong in mist fan sa'n heale meter hichte oer de groun. Doe seach dyselde Anders de Haan fan Garyp in bigraffenis. Se roannen boven op 'e mist. In pear dagen letter wie der op itselde plak in bigraffenis.
nl.verhalenbank.22180
Doe't ús heit in jonge wie fan in jier of sawntsjin, achttsjin, wied er by in boer yn 't wurk. Hy sliepte thús yn 't bûthús yn in bêdsté achter de kij. Moarns bitiid moest er by de boer wêze. Dan wie by 't winterdei alles noch tsjuster. Hy fortelde, dat alle moarnen, yn 'e neinacht roan der hwat oer syn boarst hinne. Dat gyng hiel fluch. 't Wie ek samar...
nl.verhalenbank.22185
35