Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Pake leaude sterk oan tsjoensters en spûkerij. Sy hienen buorlju en dy frou gong foar in tsjoenster troch. Pake hie it net op dat âld minske stean. Hja kaem wol by pake en dy. Jouns op bêd dan wie der wolris gerattel by de muorre lâns. "Hark," sei pake dan, "dêr komt se wer oan."
Op in nacht kaem se yn 'e hûs yn 'e gedaente fan in swarte kat. Doe pakte...
nl.verhalenbank.22177
Der wie in feint, dy wie by de boer. Hy sliepte yn 't bêdsté yn 'e stâl, achter de kij. Op in nacht doe seach er in bigraffenis de mjilgong lâns gean. Der wie hielendal net in siken yn 'e hûs, mar trije dagen letter is de boer syn soan forstoarn. Doe is de bigraffenis de mjilgong delgong. Dit hat ús pake forteld.
nl.verhalenbank.22176
Pake fortelde, 't wie faek gebeurd, dat se yn 'e nacht terskjen hearden op it lân. Dan woarde der in dei of hwat letter ek werklik tursken.
nl.verhalenbank.22175
Alde Bearn v.d. Woude wenne yn 'e Parken. Hy fortelde, dat hy seach dêr in ljocht, dat biweegde fan Oast nei West. 't Wie op in joun. Syn frou wie syklik, dy lei op bêd, dy rôp hy der ek by, doe seach dy it ek. 't Wie in wylde lantearne. Letter kaem de tram dêr lâns, dêr wie 't de foarboade fan.
nl.verhalenbank.31939
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen.
Doe kom der ien by him, dy't him frege hwer't dy en dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech beet krigen en him optild en it plak oanwiisd (mei de ploege) hwer't dyselde wenne. Hy stuts de ploech rjochtút.
nl.verhalenbank.24203
Alde Sytse Postma wenne yn 'e Kompenije yn 'e Bearnebosk oan 'e Bearne-wyk. Syn wiif fortelde oan 'e grifformearde doomny hja hie dy jouns de duvel yn 'e kroade hawn.
Doe sei de doomny tsjin har: "Als ik het geweest was, dan had ik hem er uitgewipt."
Hja sei, hja hie de kroade net ride kind, sa swier hied er west.
nl.verhalenbank.36983
In pear hûndert meter hjir fandinne is in dobbe, dêr stie froeger in âlde jasker by. It is de Janke-dobbe. Yn dy dobbe is in sekere Janke forsûpt. It wie fantofoaren al bikend dat dêr ien yn forsûpe soe. Guon hienen dat sjoen.
nl.verhalenbank.36968
It Spûkeloantsje rint fan 'e herfoarme tsjerke fan 'e Kompenije nei Luchtenfeld. De namme is nou Klamersreed. Dêr spûket it, is de hiting.
nl.verhalenbank.31949
As der yn dizze buert in lytse poppe geboaren wurdt, dan seit men: "dy komt út 'e Puntpeal."
nl.verhalenbank.31948
Yn Drachtster Kompenije stiet in grifformearde tsjerke.
Foardat dy dêr stie ha de minsken op dat plak al psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.36969
Hindrik de Haan wie in kringeslachter. Hy wenne oan ien fan 'e wiken yn 'e Kompenije. De duvel siet him altyd op 'e hielen.
Oan syn eigen kant koe de duvel him net krije, mar oan 'e oare kant de wyk wol.
nl.verhalenbank.36982
Ynse baggelde froeger. Hy wie spitter yn 'e bak. Hy makke ôfgryslik dikke spitten omt er sa sterk wie. De minsken hienen der in protte wurk mei, hwant dy moesten de spitten fyn meitsje.
nl.verhalenbank.24202
Sterke Ynse fan Bakkefean wie ris op in kear op Drachtster merke. Doe kom er by de Sla jut op 'e kop. De man frege of Ynse ek slaen woe. "Bêst", sei Ynse. Hy krige de hammer yn 'e iene hân. "Set alles der mar op", sei er. Doe kom de hammer del. Alles rekke yn ien slach stikken.
nl.verhalenbank.24200
Tsjoensters koenen har foroarje yn katten, seinen se.
nl.verhalenbank.24599
Sahwat om 1900 hinne stie der tichte by ús in boereplaetske dêr hienen se in hynder. Dat hynder koenen se yn 'e nacht noait fêsthâlde. 't Koe neat skele hoe't se 't fêstbounen, se wienen net sadra wer yn 'e hûs of 't hynder wie wer los.
Dat wie it wurk fan âlde Sierde Jets. Dat wie in tsjoenster.
In kear of sawn, acht achter elkoarren rekke 't hynder los....
nl.verhalenbank.36980
Yn Grinzer Pein hienen forskeidene lju duveldrek ûnder 'e drompels, dat wie om 'e tsjoensters.
nl.verhalenbank.24189
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.24188
Ien fan sawn famkes út ien gesin wie in nachtmerje.
Ien fan sawn jonges út ien gesin wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.36981
Der wenne hjir âlde Tseard v.d. Burg. Dy fortelde, dat by âlde Geart Elzinga op 'e Dwasfeart lieten se mûzen ta de hurddobbe útkomme. Dat die Geart sels. In stik of sawn, acht tagelyk. Dy mûzen bigongen to dânsjen. As dat dan gebeurd wie, sei er: "Mar wer yn jim hoale, jonges." Dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24598
Op in kear moest Ynse mei in skiep nei de raem yn Bakkefean. It skiep woe net rinne. Ynse hie de hannen op 'e rêch en hâldde it tou beet, dêr't it skiep oan fêst siet.
Hy fornom net dat it skiep net meiroan.
Hy luts it fan achteren mei. It skiep sleepte oan it tou. Mar dat fornaem Ynse net.
Doe't er oan 'e raem ta wie, wie 't skiep dea.
nl.verhalenbank.24201