There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
Van Netten syn mem wenne as lytsfaem by in boer yn de Haske. Dêr stie in âlde kas, dy 't mar seldsum iepen kaem. Yn dy kas stie in greate skinkel. Dy kas stie yn it bûthús, en die men de doar fan dy kas iepen, dan wie der in heislik lawaei troch it hiele hûs, hearren en sjen soe je dan forgean.
Yn de Haske wenne alear in man dy 't grouwélich flokke en ûnbidich sûpe koe. Hy wenne by syn mem, en dy warskôge him faek "Jonge, dit komt noait goed mei dy!".
Op in joun sieten hja togearre op in bankje. De soan sei: "Sjoch mem, dêr sit in kardoeshountsje ûnder de hage".
"Ei jonge, dat is dyn kwea gewisse. Ik sjoch gjin houn".
Mar hy seach de houn op him takommen en aloan greater wurden. Optlêst wie it in houn as in keal, en hy sette de jongkeardel de foarpoaten op 'e skouders.
Nei dy tiid hat de man nea wer drank brûkt en flokt.
Van Netten syn pake, Hylke de Jong, kaem út 'e Haske, dêr 't er yn it baggerwurk wie. Der wie in arkje, dêr 't in wyfke yn wenne, dy 't mei in helm berne wie. Op in kear leine se oan 'e wâl en hellen dan molke fan in boer. Doe sei it minske tsjin beppe Ybeltsje: De boerinne makket it net lang mear.
Ei kom, sei beppe, de frou is soun en goed.
It wyfke sei: nou it is sa 't ik Jo siz, binnen de trije wike is de boerinne dea. Ik ha har yn 'e kiste lizzen sjoen, en Jo sil it kleed oer de kiste lizze.
Beppe woe it net leauwe, mar it kaem út sa 't it minske it sein hie. Doe 't de frou forstoarn wie en yn de kiste lei, frege men beppe oft se even helpe woe. Doe 't dat sa útkaem en beppe klearstie om it kleed oer de kiste to lizzen, skeat it har yn it sin hwat it wyfke foarsein hie.
Har omke yn 'e Haske hat ris bitsjoend west. Hy hie al even siik west, doe't se de duvelbanner út it Mar by de Knipe der byhellen. Yn it holkjessen siet in krânse, dy't noch net alhiel roun wie. As dat al sa west hie, dan wie it tolet west. Nou waerd omke wer better. Yn it kjessen sieten ek allerhande dingen út 'e húshâlding, dy't men al in skoft miste. In âld minske waerd foar de tsjoenster hâlden.
De bern mochten net in appel fan dy frou oannimme. Diene hja dat al en waerd de appel trochsnien, dan siet der in pod, in kikkert of in spin yn.
Dêr't nou de Badwei (by it Nannewiid lâns) wie eren in iensume sânwei. Foar har skoanheit is dêr ris in great bist - it like wol heal-fûgel heal-fisk - de wei oerstutsen. De man sei: "Heare biwarje my". Doe wie it ding fuort en nearne mear to bikennen.
Eartiids wie der in jongfeint yn 'e Haske, dy't tige foreale wie op in faem dy't dêr yn dy streek tsjinne. Hja krigen hwat gedoente, mar de lju, dêr't hja by tsjinne, woen net ha dat hy dêr oan hûs kaem, hwant hy soop noch al hwat en koe ysbaerlik flokke. De faem hie ris nei de sjongforiening, wie krekt thús binnendoar, de't der kloppe waerd. It wie de feint, dy't smeke om der ynlitten to wurden. Hy wie deabinaud, in raer great bist, it like wol in houn, mar wie it ek wer net, wie mei him oproun en deun by him bleaun. De faem sei, dat hatst nou fan dyn flokken.
