There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search















Der binne plakken, dêr doarre de skippers noait to lûken hwant dan komt der ien njonken harren, dy lûkt mei, sûnder dat se him sjen kinne. Dan giet it ynienen hiel licht. Dan binne se deabinaud, hwant it is de kweade, dy't dan meilûkt.
De duvel boude tabaksplanten. Dêr smookte er fan.
"Wist ik mar hwat er dêr yn 'e tún hat," sei in man, "dan bistelde ik it sied, hwant it rûkt sa lekker, as er smookt."
Mar de duvel woe net sizze, hwat it wie.
"Stil mar," sei it wiif tsjin har man, "ik wurd it wol gewaer." En doe smarde se har alhiel mei tar yn.
"Nou mastû my yn 'e fear birolje", sei se tsjin har man.
Doe't dat gebeurd wie, like se krekt in greate fûgel. Doe gong se nei de tún, dwars troch de tabaksplanten hinne. De tabaksplanten dêr rekken de blêdden fan stikken.
Doe rôp de duvel: "O, myn tabaksblêdden!"
Doe wist it minske genôch. Sy gong wer nei hûs ta en sei tsjin har man: "It binne tabaksblêdden, dêr't de duvel fan smookt." Doe wist de man de namme en koed er se bistelle. En doe koed er èk smoke. Syn wiif wie de duvel to glêd ôf west.
Der wie in boerefaem, dy tsjinne by in boer. Dy faem seach nou en dan de geast fan in man by har kommen. Hja sei it tsjin 'e boer en de boer sei: "Ik sil dûmny ophelje. Hwant hoe't wij dêr mei oan matte, wit ik net."
Doe kom de dûmny en dy bigong to bidden.
Doe sei de geast, de eardere faem, dy't dêr wenne hie, hie him hwat biloofd, mar dat hie se net folbrocht. Hja hie net oan har forplichting tsjinoer him foldien.
De faem wie dêr net mear. Dy tsjinne by in oare boer. De dûmny hat dêrhinne west en dy faem hat dien hwat de geast bigearde. Doe hied er rêst.
Alde Albert Gjaltema wie koopman. Dy hie noait forlet fan jild. Hy hie in forboun mei de duvel. Mar by joun wied er altyd deabinaud.
Der wie in man, dy hie forlet fan jild. Dy man hiet fan Albert Gjaltema en hy wenne yn 'e Grinzer Pein.
De duvel kom by him. Dy frege him: "Hoefolle sinten mast ha?"
"In greate kuorfol mei in hiele dikke kop der op, dan ha'k wol genôch, leau 'k", sei Albert.
"Goed", sei de duvel.
Doe joech er him in kuorfol jild mei in dikke kop der op. Hy sei: "Nou rekkestû dyn siele skielk kwyt, jonkje. Mar astû 't fóár nije wike wer sljocht meitsje kinst, dan meist dyn siele hâlde."
De duvel rekkene der op, dat Albert dat doch noait koe.
Mar Albert wie snoader as de duvel tochte. Dy krige de koer mei jild en struts mei syn earm de hiele kop der ôf, dat der foel in berch jild oer de flier.
Doe joech Albert him de koer werom en sei: "Nou ha 'k it sljocht makke. Wy binne lyk. En jo wurde bidankt."
Der lei sa'n hoop jild oer de flier, dat Albert hie mear as genôch.
As ien dronken wie en him mâl tjirge ensa, koe 't gebeure, dat de duvel him even letter yn 'e sleat smiet.
Albert Gjaltema wie frijmetselder. Hy wie smoarryk en hie noait forlet fan jild. Dat krige er fan 'e duvel.
Frijmitselders hienen in wikseldaelder. Dy matte se noait hielendal út jaen, dan groeit er altyd wer oan.
As se dy wikseldaelder kwyt wienen, krigen se noait hwat wer.
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek.
Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud.
Myn man syn broer hie in dochter fan him.
Sipke Gjaltema wie hynstekoopman hjir yn 'e Pein. Hy wie de rykste fan 't doarp. Dat kom, hy hie in wikseldaelder. Die hied er fan 'e duvel krige. Hy leefde tige sober.
Mar de duvel hie him yn 'e macht. As er mei de Feanster boat gong nei Grins ta en hy nom in bakje kofje en hy lake, dan foel alles yn diggels op 'e groun.
Hy gong altyd ûnder geleide nei de boat. Allinne doarst er net. Sa bang wie er foar de duvel.
Mei Skoppenboer kin men in flesse drank komme litte. Twa man matte earst in akkoart mei elkoar meitsje. De oare set de lege flesse mei de kaert der oan bûten de doar, en wy prate ôf, ik sil de folle flesse aenst oankrije. Hwant dat mei hy net dwaen dy't de flesse fuortstjûrt. Even letter dan komt de flesse mei jenever der oan. Ik pak him oan en jow him dan oan myn maet. Dy jit it earste yn in romer en dy smyt er leech oer 't linkerskouder hinne en dan seit er: "Dêr, duvel, dat is foar dy." Dan komme de romers op 'e tafel en dy drinke se meielkoar leech.
In Niebert in café Vermeulen woaren us op in oavend zes man. Die hielden doar in fergoadering. Sy spilen dêr mei kaerten. Deselde dy't woun, moest in flesse drank komme litte. Doe't it spultsje út wie gongen se mei har seizen nei in aparte keamer ta. Dêr woarde in kaert fuortstjûrd.
Dy't it woun hie moest de flesse drank oankrije. Mar doe't dy flesse kom, doarst er net. Doe is 't raer mei him gong. 't Wie in âld-feint, hy wenne by syn âlden yn.
Syn mem fortelde de oare deis: "Hij is fannacht half doad thúskomd. De duvel het him topakken had." De hiele kop wie him forskuord.
Hwat der krekt gebeurd is, is net bikend.