There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Yn ldwâldumersyl wenne froeger in boerefeint, dy kaem ris in kear út 'e kroech. Doe kaem er by de brêge en dêr sprong er oer de feart mei in oanloop. Doe sei er:
"Net in duvel dy't my nei giet."
Mar de oare moarns komt er dêr wer lâns en dan sjocht er de print fan 'e duvel syn hynstepoat yn deselde leasten dêr't hy ek yn roun hie.
De duvel wie him wòl neisprong. Dy print fan 'e duvelspoat is dêr noch altyd to sjen.
Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei heit lâns. Doe fleach er heit by de hûd op fan angst. Hy seach hwat dat him sa bang makke. Heit seach neat. Hy switte as in oandrager doe't se yn 'e buorren kamen.
Oan 'e Godloas Singel wie nachts altyd ien warber.
Dêr is ris ien deamakke woarn. Sûnt spûket dyselde dêr om. Doe't se 't heechhout dêr ôfbrutsen ha, ha se dêr it geraemte foun.
Yn Kollum wenne Simen Wybenga. Dy hie de bynamme Simen liger. Wy wienen dêr ris oan 't leikjen en doe fortelde er ús de folgende forhaeltsjes:
Eigenaerdich, sei er, ik hie de keallen útlitten, en de snein-to-middeis sitte myn frou en ik foar 't glês.
Doe wie dêr in keal op 'e dyk by de feart en dat keal waerd raemd troch in fisk. Dat keal waerd wei. Dat hat in walfisk west.
Dat wie in hiel djip gat dêr't dy fisk yn wie.
Oan 'e Lange Loane (fan Sweagerfean nei de Triemen) wenne Boate Griet. Dat wie in tsjoenster. Hja hie poppen, dy stiek se mei spjelden yn 't boarst. Dy poppen stelden har slachtoffers foar.
Ik wit noch bêst dat der ris in fremde kat om ús hinne roan en dat mem doe sei: "Och heden, hjir is Griet ek wer." En dan sei se út gekheit: "As hja dea is, krij ik it baentsje ek noch."
Der wenne in jong frommes oan 'e Triemster loane, dy is dêr apart om Griet wei gong to wenjen, sa bang wie dy foar har.
Anne Veenstra (Anne Carro seinen se tsjin him) dy fortelde my doe't ik in jonge wie fan in jier of alve, tolve:
"Ik kaem de Wedze del fan Sânbulten nei Twizel. Dat wie doe noch in sânwei. Doe't ik oan 'e diken ta wie - dêr't de diken bigjinne - kaem der in greate walfisk op my ta. Doe't er hast oan my ta wie skeat er oer de beammen hinne yn in stik lân op it plak dêr't nou de dobbe is. Dêr skeat er de groun yn. De modder spatte alle kanten út. Sa is dy dobbe dêr ûntstien. Hy mat ûnwittende djip wêze. (Der binne letter ris in pear yn fordronken, dy binne troch 't iis sakke.)
Ik (Anne Veenstra) bin sels oer de beammen hinne, oer de sparrebosk en sa bin 'k thús wer toplak kommen. Ik haw de groun net roerd. Sa'n gisel haw ik dêr makke."
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
Hjir yn 'e Dôlle mat in gat wêze, dat is ûntsettend djip. Dêr mat ris in klok yn slingere woarn wêze.
Soms let dy klok noch.
By de Westerein oan 'e Boppewei op 'e hoeke by 't Spûkloantsje sit in kiste mei jild yn 'e groun. As de minsken nei dy kiste bigjinne to graven en se reitsje him mei de lodde, dan sakket er.
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem in man by him.
"Hwer wennet de man dy't se Sterke Hearke neame?" frege er.
Hearke tilde de ploech mei ien hân op en wiisde op syn hûs.
"Dêr wennet er en hjir stiet er", sei er.
Oan 'e Lange loane healwei Kollumersweach en de Triemen wennen Marten en Saep. Saep fortelde, der kaem moarns bitiid altyd op 'e Loane in âld-wyfke mei in skiepmolke-ammerke om 'e hikke. Dat hie se ettelike kearen sjoen.
Dat âld-wyfke spûke dêr.
Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.