There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search














Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei.
Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol thé. Dan rêste wy even út."
Hja kommen by de muoike, mar dy sei: "Jimme binne to let foar de thé en to bitiid foar de kofje. Mar ik haw noch wol hwat ûnder 'e koark." Doe krigen se elk twa kognakjes.
Dêrnei stapten se wer op 'e fyts. Doe't doomny op 'e preekstoel stie rôllen him de wurden suver ta de mûle út.
Doe't hja werom op 'e fyts soenen frege er de âlderling:
"Hoe is 't gong mei 't preekjen?"
"Bêst," sei de âlderling, "mar jo matte hjirom tinke, as jo de preek dien ha matte jo sizze fan 'amen'."
"Sei ik dat dan net?" frege de doomny.
"Né," sei de âlderling, "jo seinen: - proost -"
Japik Ingberts wie ris op in joun by boerelju to praten. De boer hie syn horloazje njonken de boazum fan 'e skoarstien to hingjen. Japik Inberts seach dêr hyltyd mar nei. Dat krige de boer yn 'e gaten.
Doe't Japik Ingberts fuort gong tocht de boer by himsels:
Ik gean mar net op bêd. Hy die it ljocht út, en gong sitten op in stoel mei in tou yn 'e hân, dêr't er in strûp yn makke hie.
Doe't it tolve ûre wie hearde de boer wol dat ien in leider by 't hûs op sette. Even letter gong der ien by de leider op en doe gong der in glês kapot. Doe seach de boer dat ien in hân troch it kapotte rút stuts om it horloazje to gripen. Mar hy wie der op klear. Hy die de dief de strûp om 'e hân en doe siet dy fêst.
Doe smeke Japik Ingberts dat er it noait wer dwaen soe en al sa mear, dat doe hat de boer him op 't lêst gean litten.
Mar dit kear wie der ien dy't Japik Ingberts oermâns wie. Dit mat gebeurd wêze yn Twizel.
Yn Boarnburgum hat in doomny stien dy hat ris op in kear in gedielte fan 't folk ûnder 'e preek laitsje litten en in oar gedielte gûle. Dat die er sjesa. Hy hie in kattesturt op 'e rêch boun. Hy hâldde in oandwaenlike preek. Wylst skodde er dy kattesturt hinne en wer.
Deselden dy't achter him sieten en oan 'e kant koenen dat sjen en laken har slop. De oaren, dy't it net seagen hellen de bûsdoek foar 't ljocht fanwege syn oandwaenlike wurden.
Sterke Hearke mat yn Droegeham wenne ha. Der kom ris in kear in man by him. Doe wie Hearke krekt op it lân oan 't ploegjen.
Dy man frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Doe tilde Hearke de ploech op en krige him by de sturt beet. En doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde it sté mei de ploech oan. "En hjir stiet er", sei er.
Der wie ris in âld mantsje, dy kuijere yn 'e bosk. Doe't er op 't lêst nei hûs ta soe, koed er de yngong fan 't bosk nergens fine. Hy dwaelde mar om en hy dwaelde mar om. It woarde al letter en letter. Op 't lêst seach er in ljochtsje yn 'e fierte. Doe tocht er: "Dêr mat ik mar op ôf, hwant dêr sille wol minsken wêze."
It wie noch in hiel ein rinnen, mar op 't lêst wie er op it plak dêr't er dat ljochtsje sjoen hie.
Doe stie dêr in lyts hûske en dêr kloppe er oan. En doe kom dêr in âld wyfke by de doar.
Hy klage syn leed tsjin dat âld wyfke. Hy woe graech hwat rêste en hwat to drinken ha. Doe sei 't âld-wyfke, dan moest er mar yn 'e hûs komme, dan soe se gau hwat kofje sette.
Doe sette se kofje.
Doe sei er: "Ik hie oars ek wol sin oan hwat iten."
Doe sei 't âld-wyfke: "Dat treft net sa bêst. Ik haw oars net yn 'e hûs as hwat moal. Dan sil 'k ús dêr gau in pear pankoekjes fan bakke."
En doe bakte se fjouwer pankoekjes. Doe ieten se dêr dy jouns elk ien fan op. De oare beiden sette 't âld-wyfke achter op 'e tafel. Dy soenen se de oare moarns opite, as se fan bêd ôfkommen.
Hja praetten noch hwat togearre en sa woarde it op 't lêst bêdtiid. Doe sei 't âld-wyfke: "As jo nou op dat bêd gean, dan gean ik op 't oare."
Doe rekken se elk op in bêd. Mar sliepe koenen se net.
Hy kearde him alris in pear kearen om. Dat hearde it âld-minske yn har bêdsté; hja kaem oerein en kipe mei de holle om 'e bêdsdoar. Tagelyk kipe it âld-mantsje èk mei de holle om 'e bêdsdoar. Dat gebeurde al ris wer, en noch alris wer. Doe sei 't âld-mantsje: "Sil 'k mar..." "Jamar", sei 't âld-wyfke.
En doe stapte er fan 't bêd ôf en gong nei de tafel ta en doe iet er de beide pankoeken op.
Hearke wie yn Den Helder ûnder tsjinst. De tsjinst dêr hie er it mier oan en hy woe graech frij.
Dêr lei in anker fan 1500 poun by de kaserne. Doe frege er de overste of er út 'e tsjinst wei mocht as er dat anker om 'e kaserne hinne tilde. Mar 't woarde him net tastien.
As hounen spûkgûle sil der ien stjerre. Ek as de eksters om 't hûs hinne skatterje.
By 't Blauhûs ûnder Boelensloane tusken de beide plaetsen yn gong it altyd op in spoekjen.
In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't ien hat hat noait forlet fan jild.
Hanne Ljibbes wenne op 't Heechsân. Beppe fortelde, hy hie forkearing hawn yn Droegeham. Doe sei beppe op in kear tsjin him: "Dû mast net wer nei de Ham ta, jonge, hwant sy loere op dy." Hanne sei: "Ik gean der àl wer hinne."
Hy gong binnentroch. Hy wist dat se op him pasten. Doe trof er twa man. De iene sei: "Hjir is er."
Doe sei Hanne: "Ja, hear, hjir is er." En doe hied er him pakt en oer de dyk hinne smiten. Doe sei er tsjin 'e oare: "Hwer bistû." Mar dy wie hurd ôfset. Letter hat er noait wer lêst hawn.
Hanne Ljibbes wie myn âldomke.
Der wie in boer, dy kom op 'e merk.
Dêr seach er kokosnuten lizzen. Dy hied er noch noait sjoen.
"Hwat dingen binne dat?" frege er de koopman.
"Dat binne oaljefantsaeijen", sei er.
"Hwatte? Komme dêr de jonge oaljefanten út?"
"Ja," sei de koopman, "mar dan mat men der op sitten gean to brieden. Dan binne se der samar út."
De boer kocht in kokosnút en sette der mei op hûs ta. Dêr gong er fuort nei 't hea ta, hy strûpte syn broek út en gong op it 'aei' sitten to brieden.
De boerinne sei tsjin 'e faem: "Dû meist wol us sjen, hwer't de boer bliuwt. It is aenst iterstiid."
De faem rôp yn 'e skuorre: "Boer!"
"Ja," sei de boer, "hjir bin ik! Ik bried in oaljefant út!"
Dêr woe de faem mear fan wite. Hja gong by de healeider op en kom sa op 't heafek, dêr't se de boer sitten seach. Hja roan op him ta en sei: "Boer, boer, de jonge oaljefant is der al. Ik haw him al by 't slurfke!"
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr allegearre skippersbern. Dy skippersjonges soenen mei Ruerd de stêd yn. Mar doe't se goed en wol yn 'e stêd wienen hie Ruerd samar ynienen fuort west en net ien hie him fuortgean sjoen. Dat doogde net fansels. Ruerd koe mear as in oar omdat er in tsjoenster wie.
Wylst Ruerd mei de jonges op stap wie siet der by Aen van Huzen yn 't foarûnder fan 't skip in kikkertsje yn 'e tsjettel fan 'e pipe. Mar even letter wie dat kikkertsje samar spoarloas. Dat kikkertsje dat hie Ruerd west. Dy hie him yn in kikkert foroare. Dat wie in biwezen feit dat Ruerd tsjoene koe.
Hy hie 't bern dus ek bitsjoend.
Doe gongen se nei Smoarge Jantsje ta. Dat wie in duvelbanster, dy wenne yn 'e stêd. Hja namen smoarge doeken fan 't bern mei.
Jantsje sei, hja moesten 't kessen iepenmeitsje. Dat dienen se en doe kommen dêr krânsen út to foarskyn. Mar wylst as se dat dienen kom Ruerd der by. Hy fleach suver ta 't foarûnder yn, sa'n haest hied er. Hy wie alhiel opljeppen en sei: "Hwat is hjir gebeurd?"
Jantsje sei: "'t Is ien mei skaed dy't it bern bitsjoend hat." En dat is ek útkom.
Letter, doe't Ruerd al dea wie, seagen se yn 'e Rottefalle by de slûs ien stean. Dat wie Ruerd. 't Wie dus ien mei skaed. It bern hat it net opret, it is stoarn.
Karst van der Veen fan Bûtenpost sei ris in kear tsjin Ruerd: "Hastû dat bern fan Aen fan Huzen ûnder 'e pantoffel?" Doe wie 't bern noch net dea.
"Hoe soe 'k dan dàt bern..." sei Ruerd. Hwat er dêr mei sizze woe, wyt men net.
Sterke Hearke wenne yn de Ham.
Op in kear kaem der in jonge man by syn mem. Dy sei, hy woe Hearke wolris sjen. Mar Hearke wie net thús.
Hwat er dan woe, frege Hearke syn mem. Hy woe wolris wite hwa't it sterkst wie, Hearke of hy.
Doe sei de mem: "Sjoch, dêr achter 'e skuorre leit in grouwe bolstien mei in ring der oan. Dy matte jo mar ris optille."
Mar dat koed er lang net dwaen.
Doe sei se: "Hearke tilt him mei ien hân op, mei gemak."
By Fokke Jansma to Eastemar wie in koe siik. Tseard Norbruis wie by Fokke yn 't bûthús. Doe sei Fokke: "Myn iene koe is lang net goed en ik wyt net hwat der oan mankeart."
Tseard stie achter de koe en sei: "Mast him ris yn 'e bek sjen."
Dat die Fokke. "Nou," sei Tseard, "sjochst my nou wol?"
"Né," sei Fokke, "ik sjoch dy net."
"Nou, dan is de koe forstoppe", sei Tseard.