Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
66
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
67 results
Place of Narration: Drachten

Heit fortelde ek:
Der wie ris in faem, dy woe sa graech in feint ha.
Doe waerd it merke. De faem sei: "Nou wol 'k joun merke hâlde, as soe 't ek mei de duvel wêze."
Doe krige se de jouns in feint en dat wie de duvel. Hja waerd it gewaer, doe't se seach, dat er in hynstepoat hie.
Doe waerd se sa bang, dat sy fleach nei hûs ta.
"Nou wol 'k ek noait in feint wer ha", sei se.
En hja hat wurd hâlden.

Drachten
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...

Heit fortelde ek it forhael fan 'e boer, dy't in nije plaets fan 'e duvel krige. It wiif brocht de hoanne oan 't kraeijen en doe rekke dy boer frij.

Drachten

Der wie in mier, dy swetste wakkere bot oer syn meanen. Net ien dy't sa goed meane koe as hy, sei er. De duvel net iens. Mar doe wied er ris in kear wer oan 't meanen doe kaem der ien njonken him, dy meande ek, en dy rekke him foar. Mar doe wie 't ynienen 'krak'. Dêr meande dy oare de kop fan it harspit ôf, dat dêr stie.
Doe wist er, dat er mei de duvel meand hie, hwant in gewoan minske koe dat net. Letter hat er net wer sein dat er noch better meane koe as de duvel.

Drachten

As guon it raer opseinen en biwearden dat se foar gjin duvel bang wienen, woarden se soms troch de duvel smiten.

Drachten

Der wie in boer dy hie slim forlet fan jild. Doe kom er mei de duvel oerien, dy soe him de lears fol jild smite, as er dy oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre hong. Yn ruil dêrfoar soed er him letter ophelje.
De boer hong in lears oan in hoannebalke, mar sloech earst de soale der ûnderwei.
Doe bigong de duvel mei jild to smiten. Mar alle jild sakke troch de lears hinne. Wylst de duvel oan 't smiten wie, skepte de boer mei in jirappelskeppe it jild oan kant. De duvel smiet mar troch, krekt sa lang oant it ljocht woarde. Doe joech er 't oer.
De boer lake yn syn fûstje. Hy wie nou net fan 'e duvel en hy hie in knoarre jild.

Drachten

Der wie us in man, dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy moest noadich jild brûke, dat hy tocht, der mat mar in slim set fan wêze. Hja praetten ôf, hy soe in koer ophingje oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre en dan soe de duvel dy fol ryksdaelders smite.
Mar dy man gong hinne en sloech earst de boazem der ûnder wei en doe hong er de koer op.
Doe de duvel mar oan 't sjouwen mei ryksdaelders. Mar fansels, de koer rekke noait fol. De hiele soudersflier lei op 't lêst fol ryksdaelders.
Op 't lêst hâldde de duvel op. Der siet net in inkelde ryksdaelder yn 'e koer.
De duvel kom syn bilofte dus net nei en sadwaende wie de man frij. En hy hie in moai soad jild.
Mar heit fortelde der by, dat in jier of trije letter is de duvel mei him fuortflein.

Drachten

Der wie in boer dy hie twa mieren hierd, dy't in hiel great stik greidlân meane moesten. De iene like hwat âlder as de oare en dêrom ornearre de boer dat de jongste mar foarop moest en de oare, de âldste achter him oan.
Mar dy achterste koe omrake hurd mei de seine omgean. Hy helle de foarste samar yn en sloech him hyltyd mei de seine tsjin 'e hakke oan. Doe soenen se dan mar ruilje. De âldste foarop en de jongste achteroan.
Yn 'e tiid fan in mum hie de âldste in hiel fjild meand. Hy meande de oare kant al wer út, wylst syn maet mei de seine to harjen siet. Dêr wie 't ynienen krak - dêr meande de âldste samar even de kop fan 't harspit ôf. Hy hie de jongste net sjoen.
Mar dy wist genôch. It wie de duvel dêr't er mei meande.

Drachten

Der wie ris in boer, dy kom de moarns fan bêd ôf, doe stie der in wein fol mei dong op 'e nael fan 'e skuorre by him.
De boer hie soks noch noait meimakke en sei: "As de duvel him der op set hat, dan hellet dy him der ek mar wer ôf, hwant ik kin it net."
De oare deis stie de wein mei dong kreas op 'e groun.
"Sjoch jo wol," sei de boer, "de duvel hat him der op goaid en dy hat him der ek wer ôfsmiten."
Dy boer wenne yn Surhuzum.

Drachten

Der wie in boer, dy wie oan legerein rekke. Syn skuorre wie tige min, mar hy koe net in nijen bitelje. Doe kaem de duvel by him. Dy sei: "Ik sil fannacht foar dy in nije skuorre bouwe. Dy skuorre sil klear wêze foardat de hoanne kraeit. Dan helje ik letter dyn siele op. Is de skuorre noch net klear foardat de hoanne kraeit, dan bistû frij."
De boer sei, it moest mar oangean.
Dy nachts kaem de duvel mei in hiele ploech folk. En dat gong op in slaen en klappen op dy skuorre om, dat de boer koe der net fan sliepe. Mar it wyfke wol.
De oare moarns bitiid, doe't se wekker waerd, tocht se: "Bliksem, dit giet mis." Dat sy klapte yn 'e hannen en bigoun to kraeijen, krekt as in hoanne.
En dêr smearde de duvel him, hwant dy tocht net oars as de echte hoanne kraeide. De pleats wie klear op 'e ûlebuorden nei.
Dy ûlebuorden foelen der letter altyd út dat op it lêst hat de boer de gatten tichtmitselje litten.

Drachten

Myn frou wie us by har âlden. Hja hie hwat spul hawn mei my. Dêr wie se al fjirtsjin dagen.
Doe kom Tryn Snipel dêr us in kear. Doe't se wer fuortgong sei se tsjin myn frou: "Lieve, wolst net in eintsje mei?"
Underweis seach myn frou tafallich, sûnder erch oer Tryn har linker skouder hinne.
Doe't myn frou de jouns op bêd lei, hearde se in freeslik gebolder op 'e souder. Dy souder wie sa ôfgryslike min, dat dêr koe neat op forkeare.
Myn wiif gong der ôf. Sy gong nei de keamer dêr't skoanmem slepte. Dêr brânde in nachtpitsje.
Dat krige myn frou yn 'e hân. Doe woarde skoanmem wekker. Dy sei: "Hwat silstû?"
Myn frou sei: "De duvel krijt my net!" Doe hat se dat pitsje yn 't keammerke by harsels delset.
Doe is se op bêd gong en koart dêrnei hat se wer hwat heard. "De Heare is sterker as de duvel", plichte se to sizzen.

Drachten

Der wie in faem, dy tsjinne by de boer. Dy faem woe noait forkearing ha. Hja krige wol genôch oansyk, mar sy stegere alle manlju ôf. Dêr woarde se faek om pleage. Op in kear, doe't se wer ris tige narre woarn wie, doe sei se: "Goed, de earste de bêste, dy't om my komt, dy bliuwt, as wie 't de duvel ek."
De earste dy't kom, mocht bliuwe. De frou seach dat it gjin goed spul wie. Mar hy kom der yn en siet by de faem. Hja hienen to kuijerjen west. Doe soenen se dan de breatafel bihimmelje. De frou frege of se earst de skûtels waskje mocht. Dat wie de duvel goed. Doe liet de frou de skûtels yn diggels oer de flier falle, flak foar de duvel en sy sei: "Dan wurde se yn der ivichheit net wosken." Doe sette de duvel ôf.

Drachten

Der wienen in feint en in faem, dy kommen togearre op Gerdykster merke. De feint krige dêr rúzje mei it jongfolk.
Sy woenen net lije dat hy mei dy faem gong.
It fanke sei tsjin him: "Lit ús nou mar fuort gean." Hwant sy hie in hekel oan rúzje.
Mar de feint sei: "Ik bin net bang foar de hele Gerdyk en foar de duvel der by net. Dy keart my likemin."
Op 't lêst gongen se fuort. de feint hie de faem yn 'e earm. Doe kommen se oan 'e brêge ta fan 't Godloaze tolhek tusken de Sweach en Lippenhuzen.
Doe woarde de feint keard, sûnder dat der ien to sjen wie.
Hy bleau stean.
It fank roan troch. Hja sei: "Hwat wolstû, healwize?"
Doe sei er: "Ik kin der net oer."
"Hoe soestû der net oer kinne", sei se. "Ik krij dy yn 'e earm," sei se, "dû sakkest der net troch."
"Ik kin net fierder", sei er.
It fanke luts oan him, mar it joech neat, hy koe net fierder.
De duvel kearde him, hy is der net oer kom.

Drachten
Der wienen trije doomny's, dy kommen faek byinoar. Op in kear wienen se oan 't kaertspyljen. Sy praetten ûnder inoar ôf, sy soenen der net by flokke. Sy setten hyltyd in sint yn. Op 't lêst wie 't in dikke pot. De iene doomny hie in moaije kaert.. "Bliksem," sei er, "duivel, ik neem de hele pot." "Dat doarstû snein-to-moarn net op 'e preekstoel to...

To Eastemar hat men it Jan Koartslân. Dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid.

Drachten

In wikseldaelder komt altyd wer by jo. Dy hâlde jo salang jo libje.

Drachten
In evangelist en in doomny en in joad, dy forskynden mei har trijen foar de himelpoarte. Petrus sei tsjin 'e evangelist: "Jo ha 't goeije wurd net brûkt, ik kin jo net talitte." Doe kom de doomny. "Jo binne de rjochte ek net," sei Petrus, foar jo ha 'k like min plak." Doe kom de joad foar Petrus to stean. Dy hie in protte pakjes fan Van Gend en Loos by...
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.

Sy leinen by ús ûnder 'e drompel duveldrek. Dan koe Rikele Myt der net oer komme.
Wy hienen ek duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat wie ek om net bitsjoend to reitsjen.
Duvelsdrek woarde ek wol as genêsmiddel brûkt.

Drachten

Us mem tsjinne as faem by in boer op Topweer. Doe wie der op in joun har in houn om 'e rokken roan en dy wie mar net by har wei to krijen west. Guon seinen, 't wie in pleachbeest, mar mem sei, 't wie de duvel west yn in hounegedaente.

Drachten
70