Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
42
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
43 results
Place of Narration: De Westereen

Yn 'e Westerein wenne in man, dy wie skjin forlegen om jild. Hy hie heard, dat men koe jin oan 'e duvel forkeapje. Dan moest men nei in trijesprong ta by in hantwizer. Doe gong er nei de Boppewei ta. Op 'e ein stie in hantwizer. Dêr gong dy man stean en hy sei trije kear achter elkoar: "Hwa wol in swarte kat keapje?"
Doe kom de âld duvel by him en doe forkocht er him oan 'e duvel.
Doe joech de duvel him in wikseldaelder en doe hied er noait wer forlet fan jild. Hwant in wikseldaelder rekket noait op.

De Westereen
As de duvel oan 't meanen is hat er de seine sa skerp, dat er de kop samar fan 't harspit ôfmeant, as dat yn 'e groun sit.

Der wie in faem, dy stie bûten op 'e trap. Hja wie oan 't glêzewaskjen. Der rint in jonge it trottoir del. Dy bliuwt stean dêr't de faem op 'e trap stiet en sjocht yn 'e hichte.
Sa wie der ek in doomny, dy't dêr passearde. Dy sei: "Jongen, kijk niet in de hel."
"De hel?" seit de jonge, "nou doomny, dan haw ik de duvel yn 'e broek, hwant dy wol der nei ta."

De Westereen
Er is iemand ziek; dokters zijn er weinig. Geen nood, de mensen gaan naar de duivelbanner. Die geeft een flesje met de of andere vloeistof mee. Maar telkens zegt hij bij het weggaan: “Denk er om; zeg onderweg tegen niemand iets; hou je flesje goed in de zak, want er kon een staan, die je t flesje wil kapot drukken.” Dat zou dan de duivel moeten wezen.
Frijmetselers wienen guon dy wienen oan 'e duvel forkocht. De duvel krige har siele letter. As se gjin jild mear hienen hongen se de lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. Dan siet dy in skoft letter fol jild. Om 'e sawn jier timmeren se oan har hûs, dat se noait ôfmakken. Se timmeren altyd om 'e sinne hinne. Wienen jo ienkear frijmetseler dan koenen jo net...

Op 'e Wâlddyk is in brechje. Dêr fuortby leit in bolstien, dêr sit de print yn fan in hoefizer. Dy print is der sa yn kom:
Froeger is der ris in man oer de feart sprong. Dy wie hwat rûch yn 'e mûle. Hy sei: "Der is gjin duvel dy't my dat nei docht."
Mar doe wie de duvel der oan kom. En dy wie der samar oerhinne sprong. Yn 'e bolstien hat er de print fan syn hoefizer achter litten.

De Westereen

Der wie in faem dy woe in frijer ha. Hja sei: "It mei om myn part de duvel ek wol wêze."
Dat hie de duvel heard fansels en op in joun, doe stie er foar har. Mar dy faem wie net dom. Hja sei: "Mei 'k earst de skûtels dien waskje? Dêr bin 'k mei oan 'e gong. Wolle jo sa lang wachtsje oant ik dy omwosken ha?"
"Jawol", sei de duvel, en hy bleau bûten stean. Doe kom de faem oansetten mei alle smoarge reaukes en boarden ensa en dy smiet se foar de duvel syn fuotten del, dat it wienen allegear diggels. En sy sei: "Yn der ivichheit waskje ik dizze skûtels net ôf."
Doe moest de duvel lang wachtsje. Hy is mar gau fuort gong.

De Westereen

Frijmitselers binne lju, dy ha har oan 'e duvel forkocht. Is it jild op, dan hingje se in ponge op en de duvel soarget der foar dat dy wer fol rekket. Ienkear hat sa'n frijmitseler de duvel to fiter hawn. Doe hong er net in ponge op, mar in lears. En dêr hied er de soale ûnder wei snien. Doe't de duvel dêr dy nachts jild yn die, rekke dy lears noait fol, hwant it jild foel der ûnder wer út en dêrtroch kom der in hiele bult jild op 'e groun to lizzen.
Frijmitselers stjerre in rare dea. Faek wurdt har de nekke omdraeid. Dy't ienkear oan 'e duvel forkocht wie, bleau yn syn macht.

De Westereen
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel.

Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"

De Westereen

By 't brechje oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld is de duvel oer de feart sprong. De print fan syn hynstepoat is dêr noch altyd to sjen.

De Westereen
Der wie in doomny, dy hâldde tige fan kaertspyljen. Hy siet jouns faek yn 'e kroech en dan brûkte er krekt deselde wurden as syn maten. Dan wie 't: "Troef, zei de duivel" en "troef, zei de bliksem." Doe seinen de maten ris in kear tsjin him: "Sokke wurden doart doomny snein net op 'e kânsel to sizzen." "Waarom niet?" sei er. Doe wedde hy mei de oaren, dat...
Froeger, doe't wy bern wienen, kom der in sekere Jan Hamstra by ús, dat wie in kolporteur fan boeken en bibels en kalenders ensa. Hy kom wol gau us by ús to jounpraten. It wie in froom man. Op in kear sei er: "Ik ha us hwat bileefd, dat woe 'k net graech wèr bileve. Hoewol, ik bin net bang. As ik yn Garyp sutele mei boeken, slepte ik dêr yn 'e koarte...

Alde Antsje wenne tichte by ús. Dy fortelde ús al us, hja hie us sjoen - doe lei se op bêd - hja hie opsjoen en doe stie de duvel gleon by har oer 'e flier.

De Westereen
Stammerige Harm (H. Veenstra) hie in wikseldaelder. As er in goune útjoech hied er him in ogenblik letter wer yn 'e bûs. 't Wienen duvelskunsten.

"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha.
Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.

De Westereen

Ulesprong. Der wurdt biweard, dat dat eins duvelsprong wêze mat. De duvel is dêr us oer de feart sprong en op 'e stiennen tolânne kom. De print fan syn poat stiet noch yn dy stiennen.

De Westereen

Mar Jelle krige it der mei to dwaen en woe 't boek wol graech kwyt. Dêrom sei er op in kear tsjin Boele: "Hjir hastû it boek hwat earder wer as de ôfspraek wie. As ik it wer noadich ha, dan freegje ik dy der wol om."
Mar dat die er net, hy frege der noait wer om. Sadwaende hâldde Boele it boek.
Boele wie âld-feint en wenne by syn mem yn 'e hûs. Op in kear wie Boele wei. Syn mem socht om him. Sy foun him yn 'e skuorre yn 't hea. Dêr lei er.
"Yn 'e hûs komme, jong", sei se.
"Ja mem," sei er, "mar ik mat earst noch hwat hea splisse."
Mar hy kom net.
Even letter gong se der wer hinne. Doe lei er yn 't heafek, mei de nekke omdraeid.
Doe't Boele dan dea wie, wisten se net hoe't se mei dat duvelsboek oan moesten. Sy koenen it mei gjin mooglikheit kwyt wurde. As se it yn it fjûr smieten, lei it even letter wer yn 't finsterbank. Bidobben se it yn 'e groun, dat joech ek neat. It lei hyltyd op nij wer op 't âlde plak.
Doe ha se it by him yn 'e kiste dien. En dêr is it yn bleaun. Sa is it tagelyk mei Boele yn 'e modder kom.

De Westereen

Hjir skean oer de wei wenne âlde Willemke. Dat wie in tsjoenster. Wy moesten der jouns faek hinne om molke. Dan sei se: "in healmingelen molke of in mingelen molke." Hja hie 't hier noait útkjimd en seach der o sa raer út.
Heit sei: "As se jim hwat jaen wol, dan matte jim altyd tinke: - Duvel, dû krigest my net!" Dy gedachte hienen wy altyd by ús, as wy nei har ta moesten.

De Westereen
De duvel hie pake foargoed yn syn kloeren, doe't er noch jong wie. Pake hat wol us sa binaud west, dan roan er sa hurd, dat it boppeste fan syn klompen ôfbarstte. Dan siet de duvel him nei.
43