Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
38
38
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
38 results
Place of Narration: Boelenslaan

Feitse Brants wie by ljochtmoannewaer oan 't meanen. Doe sei er sa by himsels: Der is gjin duvel dy't tsjin my meane kin.
Even letter komt der him in swarte gedaente op side. Dy bigjint èk to meanen. Feitse seach, dat dy hurder koe as hy. Doe gong Feitse hinne en roan him in eintsje foarút en stuts doe gau it harspit yn 'e groun op in plak dêr't dy oare meane moest. Doe bigong hy sels wer to meanen.
Mar even letter wie 't krak. De swarte hie de kop fan 't harspit ôfmeand. Doe wist Feitse genôch. It wie de kweade, mei hwa't er meande.
Dû kinst hurder meane as ik, duvel, hied er sein, en doe wied er útnaeid.

Boelenslaan

Sa wie der in man dy forkoft him oan 'e duvel, en hy koe safolle ryksdaelders krije as er ha woe. Mar op 't lêst as it sa stoppe dat ding, dan wie er forlern.
Mar hwat docht dy man? Hy snijt in lears ôf. En hy giet hiel heech yn 'e skuorre sitten en dêr hâldt er de lears op en dêr rôllen de ryksdaelders mar hinne en einlings en to'n lêste sei de duvel, hwant der kaem gjin ein oan: Ik ha gjin mear. Dat hy hie knap de duvel to pakken.
(Poortinga, September 1971. FAP)

Boelenslaan

Greate Jasper (= J. Veenstra) hie in synwetterbult op 'e holle sitten. Hy hie allegearre jonges (ien wie in wjerwolf).
it gong dêr by Jasper en dy snein-to-moarns altyd op in pikjesjitten.
Snein-to-middagen dan plichte Jasper altyd to kaertspyljen. Dan forlear hy hast altyd.
Op in snein-to-joun, doe't er nei hûs ta gong, sei er by himsels: "Nou woe 'k foar den duvel dan wol, dat ik ek us in kear woun."
Hy soe ûnder 'e doar troch, doe't er thúskom - mar dy doarkes fan 'e spitketen wienen tige leech - doe stompte er him oan 'e bult. Dêr kom synwetter út - dy bult rekke der njonkenlytsen hielendal ôf.
Nei dy tiid woan hy altyd. Mar hy hie de duvel ta maet krigen.

Boelenslaan

Yn Beets wenne in faem dy wenne by in boer oan 'e feart dy't nei de Feenhoop giet. 't Wie yn 'e winter en der lei in laech iis yn 'e feart.
De faem sei: "Ik wol to riden, as soe 'k ek mei de duvel ride." Dat wie yn 'e moarn, dat se dat sei.
De middeis kom de duvel by har. Hy hie redens by him. Oan syn knolfoet seach se dat it de duvel wie.
Hja wie oan 't ôfwaskjen, mar doe't se seach dat it de duvel wie, woarde se binaud.
De boer sei tsjin har: "Dû mast de boarden foar syn fuotten smite en sizze: 'Meitsje dy earst hiel, duvel!'"
Dat hat se dien. Mar de duvel koe de boarden net wer hiel krije en hy is wer fuortgong.

Boelenslaan

Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.

Boelenslaan

In wikseldaelder, seinen se, wie jild dat altyd wer oangroeide. In wikseldaelder rekke noait op.

Boelenslaan

Myn wiif har pake, âlde Foppe Nieuwenhuis fortelde: Der wie us in faem, dy tsjinne by de boer. Dat fanke hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wol 'k joun in feint ha, as wie 't de duvel ek."
Dy jouns kom der in feint om har. Sy lieten him der yn. 't Wie in hiele raren ien om to sjen en hy hie in pear fremde fuotten. De boerinne hie fuort troch, dat it de duvel wie. De faem wie deabinaud. Mar de boerinne joech har rie. Sy moest de duvel freegje of se it diggelguod omwaskje mocht. As er sa lang wachtsje woe oant dat birêdden wie. Nou dat wie him goed. Mar doe smiet dy faem de hiele brut foar him del sa dat alles yn diggels lei.
"Nou kin jo lang wachtsje," sei se, "hwant troch my wurde dy diggels net omwosken." Doe gong de duvel fuort.

Boelenslaan

De twa stiennen ûlebuorden
Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe sei er: Ast nou mynt wurde wolste, dan stiet der moarnmoanne foar hanengekraei in nije plaats foar dy. Hy wegere earst (??)
Nou, it moast mar angean. Mar hy en de frou geane de jounes op bêd, mar hy wie sa ûnrêstich en sa ûnrêstich. En hy lei mar to skeuken op bêd. Doe sei de frou: Hwat is der? Doe sei er: Sa en sa, moarn foar hanengekraei stiet hjir in nije pleats. En it mar op in klunderjen de nachts. En de frou de moarne(s) bitiid fan 't bêd ôf en dy nei 't hinnehok ta en dêr klapt se yn 'e hannen (Anders docht it) en op 't lêst: kukelekú, seit de hoanne. En dêr de duvel en de ingelen dy stouden by't dak del. En doe wie de plaats klear op de beide ûlebuorden nei. Sy sloegen der houtene foar, mar dy waerden der altiten wer foar wei slein. En dêr setten se der twa stiennene foar. En nou neame sy plaats noch: de twa stiennene ûlebuorden.
(Hat er heard fan syn pake Alle Bijma.) [Transcriptie Y. Poortinga]

Boelenslaan

Egbert Sint wie ek in raren. Dat wie myn pake. Hy wenne ek yn 'e Harkema. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Ik ha dy wikseldaelder net fan him erfd.

Boelenslaan

Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.

Boelenslaan
Hjir wenne in man dy wie ris by nacht op in paed. Doe kom der in grouwe, swarte houn by him, dy woarde stadichoan greater. Dat wie de duvel.

Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.

Boelenslaan
Akke Kaert lei de minsken altyd de kaert. Mar heit fortelde doe't it mei har ôfroun wie siet de kop achterstefoar op 'e romp. Dat hie de duvel dien.

Yn 'e Rottefalle wenne in man, dat wie in raren-ien. Op in kear wied er yn 't tsjuster dêr op 't tsjerkhôf en doe sei er: "As der dan in duvel is, dan woe 'k him wolris sjen."
Doe hie dêr in fanke op it graef fan har mem [stien]. Dat fanke sei: "Hjir bin ik Heare."
Doe wie dy man hurd útnaeid.

Boelenslaan
Mike Ruerd is smiten woarn fan 'e Satan. De duvel hie him foargoed topakken. Op ien fan 'e houtsjes dy't oer de sleatten leinen fan 'e Skeanpaden (fan Readskuorre nei de Heide) dêr is Bouke Schievink al us smiten woarn. Bouke wie in raren en sûpte as in kreupel.

Bareld Nieuwenhûs syn heit dy siet fol stienwolms. Doe is er op oanrieden fan ien nei 't tsjerkhôf ta gong en hat dêr in deabonkje weihelle. Dat biskrobbe der en hy naem safolle skeapsel yn as op in dûbeltsje lizze koe. Doe hat er gjin lêst mear hawn.

Boelenslaan

Wibe Alma fan 'e Harkema is us in kear dronken út 'e kroech wei kom. Hy sei: "De earste de bêste, dy't my tomjitte komt, dy smyt ik oer 't lân, as wie 't de duvel ek."
Mar doe is er sèls smiten woarn, troch de duvel.

Boelenslaan
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.

Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net.
Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?"
Wer in lyts eintsje fierder woarde er wer opnom en yn 'e feart smiten. En der wie doch net ien to sjen dy't it die.
It wie noait liker as skatteren der eksters yn 'e sleat, doe't er dêr yn smiten woarde.

Boelenslaan

Yn Grinzer Pein wenne in sekere Albert, dy leefde fan 'e handel. Mar hy hie noait sinten. De gong er op in joun mei in swarte kat nei 't tsjerkhôf ta en sei: "Wie koopt mijn poesje?" Doe hied er in wikseldaelder krige. Doe woarde er ryk.
Mar letter doarst er noait wer bûtendoar, as 't skimerjoun woarde. Dan siet er altyd thús. Dan wied er bang foar de kweade.

Boelenslaan
38