Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
2023
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,973 datasets found
Place of Narration: Harkema

Hindrik Ophuis wie kammeraet mei Ruerd van der Veen (Mike Ruerd woarde er altyd neamd), de beide raersten fan Harkema. Alde Willem Bos wie der ek faek by (de skoanheit fan Albert Land).
Mike Ruerd is al ris troch de duvel smiten woarn.

Harkema

Myn pake Hindrik Ophuis wie in earsten rakkert. Hy hie gjin wurk en dêrom gong er nei de boer ta. Mar dy hie neat foar him to dwaen, sei er. Doe gong pake hinne en lei yn alle fjouwer hoeken fan it lân, dêr't de kij roannen, duveldrek. Der kom dy jouns dauwe oer 't lân en 't gjers woarde wiet. Doe bigong dy duveldrek sa bot to stjonken dat de kij stouden ta 't lân út. Doe woarde de boer binaud en krige pake wurk fan him.

Harkema

Beppe wie op in snein nei Surhuzum nei tsjerke ta mei guon fan 'e bern. Yn 'e Harkema wie doe noch gjin tsjerke. Mem moest thúsbliuwe en foar 't iten soargje. Sy gong wylst even nei de buorren ta, nei't se de doar op slot dien hie.
Doe't se wer thúskom wie de doar los en siet pake (de tsjoenster Hindrik Ophuis) op 'e stoel mei in panfol sop foar him.
Mem frege him hoe't hy der ynkom wie.
Troch 't slotsgat, sei er.
Mem en de bern doarsten sa net fan 't sop to iten. Earst dienen se der in stikje roggenbrea yn en doe bigongen se der fan to iten. Hwant doe koed er harren net mear bitsjoene. Pake hie it slot springe litten mei helske stien en noch hwat.
Ien fan memme susters woe net leauwe, dat er tsjoene koe, hwant hy koe wol oer de drompel komme dêr't duveldrek ûnder lei.
Wy hienen froeger wol roggebrea yn 'e seamen fan 'e klean binaeid om net bitsjoend to wurden.

Harkema

De minsken wienen bang foar pake Hindrik Ophuis. Se hienen him allegear yn 'e rekken, omdat er tsjoene koe. Op in kear gong er nei Willem Hiemstra ta.
"Hy mat net by ús bargen komme!" rôp it wiif. Mar hy wie der al.
"Moaije bargen," sei er, "moaije bargen." En hy streake se mei de hân oer de rêch.
En dêr hienen jy 't al. De beide bargen woarden siik. Tsjitsmoai (it wiif) frege Holthuis, in âlderling fan 'e grifformearde tsjerke of it wol mooglik wie, dat de duvel yn 'e bargen fearn wie. En dy sei: "Wis en seker, soks lêst men ommers yn 'e skrift."
Ien fan 'e beide bargen is stoarn.

Harkema
As men net ien troch 't slotsgat ha woe, itsij in tsjoenster as in nachtmerje, dan moest men der roggebrea yn dwaen.
Hindrik Ophuis syn wiif gong der wol op út to naeijen. Sy kom ek by in frommes, dat wie in tsjoenster. Dêr krige se in stik krintebôlle en hja hie forgetten de earste hap út to spuijen. Hie se dat dien dan koe 't gjin gefaer. Sy kom thús, deabinaud. Mar har eigen keardel Hindrik Ophuis wie ek in tsjoenster. Dy wist der alles fan en sei: Dû mast roggeieren...

Yn 'e Harkema hie ien in moart dien. De moardner moest der jouns alve ûre altyd út. Dan koe er it net langer yn 'e hûs úthâlde.

Harkema
In moart komt altyd út, al sille de bolstiennen 't ek útsprekke.

Yn 'e Harkema hâldden se froeger hoannegefechten op sneinto-middei. Guon hâldden der in keppeltsje hinnen mei in hoanne op nei. Sy kommen op 'e heide byinoar en elk nom in hoanne mei. Dy hoannen moesten inoar bite. Dy syn hoanne it bêste bite woe dy hie it woan. Myn pake Hindrik Ophuis wie in tsjoenster (vrouwelijke vorm), en in great dogeniet. Hy gong hinne en die syn hoanne griene sjippe ûnder 'e wjukken. Dat spatte de oare hoannen yn 'e egen. Dan koenen dy neat mear sjen en dus net mear pikke. Foaral yn 'e Smoarhoeke wie dit gebrûk.

Harkema

In omkesizzer fan Sterke Hearke, Egbert Witteveen, fan Harkema hie ek hiel hwat yn 'e bouten. Hy wie yn 'e haeijing west achter Ljouwert. De sinten hied er by him yn 'e knikkert. Fan Ljouwert roan er de greate strjitwei del en hy wie sahwat oan Quatrebras ta, doe moete er in ploechje fan trije man.
Hastû der op út west?
Jongeja.
Yn 'e haeijing.
Ja, yn 'e haeijing.
Dan hast ek hwat sinten bard, tink.
Ja, ik arbeidzje net om 'e nocht.
Dan moesten wy eins dy sinten ha, jonge.
Egbert seach dat it tinken wie en hy sei: Eefkes wachtsje, dan sil 'k de pong krije. Mar hie nom de pûde mei spullen fan 't skouder en doe krige er de stevichste fan de trije mannen beet en soalde him oer de gracht hinne. Syn bidoeling wie, dat er him yn 'e gracht smite soe, mar de man kom in moai ein yn 't lân torjochte.
De oare beiden hienen genôch sjoen en makken dat se fuortkommen.

Harkema
It spoekjend frommis fan 'e Lange Loane Hjir op 't Fean (Surhústerfean), hat ris in dokter west dat wie in frijgesel. Hy wenne mei syn suster. Dat wie in hiele frjemde keardel, de namme kin 'k op 't heden net betinke. Hy hie net in wein; hy gong geandefoet nei de pasjinten en dan hie er in dikke swarte hûn mei. As er fierder nei de klanten moast, dan...

It wie wol in dit en in dat
Us heit wie klompmakker en doe arbeide er by âlde Marten Skoechje te Koartwâld. Jûns sa'n oere of acht kaam er thús. Der lei wat snie en doe trof er Sake Hofstee. Sake Fleisbakje neamden se him wol. Hy wie sa'n bytsje slachter en dan rûn er mei it fleisbakje by de streek. 'Dan kinne wy moai meiïnoar gean, Adam', sei Sake.
En doe wienen se de Kettingerwei del nei de Komizebosk ta—omtrint troch de Komizebosk hinne, dêr wie Sake te plak. Mar se wienen dan safler en doe sei ús heit: 'Dêr komt ek ien oan'. 'Oh, dat is ús Jetske, moatst tinke', sei Sake, 'dy giet fuort te naaien en jGns acht oere is se frij. Dêr kin ik no moai mei gean'.
Doe wienen ús heit en Sake by âlde Geart Mink, by 't loantsje. Se seagen om, en doe seagen se de gedaante noch wol. Se hie in bonte wollen skelk foar. Dat wie foarhinne in middelskelkje, dêr wienen de froulju netsjes mei. Mar doe sei Sake: 'No giet dat minske ek noch troch de Leien hinne (de Leien by it Surhústerfean). Kinst dy dat begripe—troch de snie hinne en it iis kin net hâlde! Dêr moat ik mar even hinne'.
Se gongen der hinne, heit en Sake. Se seagen har noch wol, en wat neier as se oan har kamen, wat fierder as se fan har ôf wienen. 'Och heare', sei ús heit, 'no sil 'k it dy sizze, dat kin de duvel ek wol wêze'. 'No', sei Sake, 'dêr seist wat—dat kin hiel bêst wêze'.
'Bliuw stean!' rôpen se, mar hja bleau net stean—wat neier as hja op 'e râne kaam, wat fierder as hja fan har ôf wie. En sy wâde mar troch de snie, dat seagen se klear en bleat. Se binne der hinne gongen te sjen—der wie noait in fuotstap set yn 'e snie!
Doe frege âlde Geart Mink: 'Wêr sykje jim om?'
'No', seinen heit en Sake, 'hjir wie nijs in frommis efter ús'.
'Oh', sei Geart Mink, 'dat is gjin wonder. Dy is alle nachten by my yn 'e moestún, mar ik sjoch noait in fuotstap en dêr mist noait in bledsje fan 'e moes (boerekoal) ôf. Nee, dat binne wy hjir wol wend, jonge. Sy smit (smyt) de doarren ek samar iepen, al sitte se noch sa bot op slot'.
'No', frege ús heit, 'binne jo dêr dan net bang foar, Geart?'
'Mmm, mmm', sei Geart, 'bang? Duvel jonge, ast der op sjitste, is 't krekt, of st op in peteroaljetonne sjitste. Dû kinst wol sjitte, mar dû rekkest se net'.
'No', sei âlde Sake mei de fleisbak, 'dan is dat Rikele Myt, moatst tinke, by de Skiering wei. Dat is in âld tsjoenster, sizze se—ast dêr op sjitste, dan sjitst ek op in tonne, mar dy kinst net deasjitte'.
Us heit fertelde dat yn 'e hûs en ik beloof jo, dat ús mem yn har skiterke siet. Us heit en mem wennen by ús beppe yn, it âld hûske stiet der noch. Us âlde beppe wie net benaud, dy wie nearne foar te finen. 'Ei minsken', sei se, 'dêr ha jim jim fersjoen, wat sil dat minske dêr troch de Leien en troch de lannen dwaan?' 'Ik ha 't klear sjoen, minske', sei ús heit, 'en Sake ek. As ik no allinne west hie, dan koe 't noch ferbjustering wêze'.
Us mem koe der nachts net fan sliepe. En dy treau in protte fodden yn sa'n lyts gleske, dat wie stikken. 'Dat gat wol 'k even ticht ha', sei se. De oare moarns wienen de fodden fuort. It protsje fodden miste elke kear út it finster wei. Der wie in foddejoad, dy kaam om wat fodden. Doe sei us mem: 'Nee, myn fodden wurde hjir by nacht ferkocht, mar net by dei'. De man lake. Doe fertelde ús mem dat oan ús heit. 'Wa wie dat?' frege er. No, dy en dy, hy wennet dêr by de Skiering. 'Och hea', sei heit, 'no wol 'k it wol leauwe—soenen dy nachts ek al om fodden gean sille?' 'Ja', sei mem, 'dan kostje se har teminsten neat, mar ik bin se kwyt'. 'Dan moatst it net wer dwaan'.
'Nee', sei sy, 'mar dan tink ik iderkearen mar wer oan Abrams Jetske—dy wol ik hjir nachts net graach yn 'e hûs ha'. Jetske gong foar in tsjoenster. 'Nee mar', sei heit, 'wês mar rêstich, minske, jou dy mar del. Dit is wat oars. Geart Mink seit, dizze komt alle nachten by har yn 'e moestún, mar dû sjochst der noait in fuotstap fan'. 'Dan sweeft dy', ornearre ús mem.
Letter prate heit der noch mei Sake oer. 'Ei jong', sei dy, 'doe't ik thúskaam, hie Jetske wol in oere thús west. Ik ha wol sjoen, dat dat frommis dy bonte skelk foar hie, mar ús Jetske tôget jûns de naaimasine ûnder 'e earm mei nei hûs en ik ha noait sjoen, dat dizze wat ûnder 'e earm hie. Dû wol, Adam?'
'Nee', sei ús heit, 'dat ha 'k net sjoen. It wie oars moai ljocht waar, wy koenen it goed sjen. Dus—it wie wol in dit en in dat!'

Harkema

Lytse Oege en de reus
Lytse Oege en Grutte Oege dy gongen in sânreed lâns. It wie yn 'e boskeweareld. Lytse Oege hie fan alles by him, want hy tochte, myn skonkjes binne mar koart, en dan njonken de Grutte te bokseljen, ik moat my rêde kinne. En doe fertelde Grutte Oege dan, dat der hâlde in reus yn 'e bosk ta. 'Dêr bin ik net bang foar', sei Lytse Oege, 'want dy kin my wol yn 'e bûse stekke en dan spring ik der oan 'e oare kant wer út'. Grutte Oege sei: 'Ja, pas mar op dû hast al in grut mûltsje, mar hy kin dy yn ien slach wol dwerstroch bite'. 'Dêr ha 'k ek wol wat foar, Oege', antwurde de Lytse. En Grutte Oege leaude dat, de Lytse wie snoad.
Se rûnen in ein yn 'e bosk, en dêr fûnen se sa'n dikke reus. Hy lei rjocht op 'e rêch te sliepen. 'Sille wy him ris wekker meitsje?' frege Lytse Oege. 'Ikke net' sei Grutte Oege. Mar it barde al, hy waarde wekker. Hy kaam oerein en seach as hie er al in pear op en soenen dizze twa der no oan. En Lytse Oege krige út syn bûse in pear hazzenútsjes en dy knapte er stikken en dat pitsje iet er op. Hy hie der aardich wat fan.
Doe sei de reus, dat hy woe ek wol ris sa'n nûtsje fan him ha. Mar Lytse Oege hie ek in bûsfol grintstiennen fan 'e selde gruttens as de hazzenuten, en dêr joech er him ien fan. De reus die him ûnder de kiezzen, mar hy knapte fuort in heale kies der ôf. Doe frege er, hoe't dat wie, dat Lytse Oege dy nútsjes samar bite koe. Dat hy krige hie, koe hy net bite.
Doe sei Lytse Oege: 'Wer in nijenien besykje?' Dat gong oant salang, dat de reus net in tosk noch kies mear yn syn bekje hie. En Lytse Oege dy pluze syn nútsjes mar op.
Grutte Oege stie der in eintsje ôf en dy wist net, oft er op 'e rin gean soe of noch wachtsje. Doe wie 't dan safier hinne, doe sei Lytse Oege, hy hie genôch nútsjes hân en hy hie noch in pear oer foar de reus. Doe ferslokte de reus him - hy krige sa'n grintstientsje yn 'e hals en hy waarde smoarend benaud.
Doe sei Grutte Oege: 'Dû kinst him al helpe. Dan moatst him even dyn bûsdoekje jaan, dat er dat yn 'e mûle kriget. En as er dat trochslokt, dan is er dat nútsje út 'e hals ek wol kwyt'.
Lytse Oege joech him tsjin 't sin syn lyts bûsdoekje oer. 'Dan bin 'k dat ek noch kwyt', sei er, 'as er dat opfret'.
No, de reus slokte it troch, mar doe bleau dat bûsdoekje him yn 'e hals sitten. De reus betsjutte oan Lytse Oege, dat hy moast syn stokje krije en him der in bytsje mei yn 'e hals rame. It bûsdoekje siet tsjin it stientsje oan, hy wie smoarend benaud en miskien is hy der ek yn smoard. Dat wisten Grutte Oege en Lytse Oege net, want die binne fuortgongen. 'Sjoch', sei de Lytse tsjin 'e Grutte, 'no kin jim sjen, wat ik om in reus jou'.

Harkema
2025