There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Ús Tseard wie noch sa 'n lyts jonkje. Jouns tusken 9 en 12 ûre wie der ek dagen eftermekoar sa stiif as in planke. En mar gûle. De suster fan myn man sei: "Dat bern is bitsjoend. Dou moast hwat duveldrek by syn klean yn dwaen." Ik die it dy jouns noch net, mar de oare jouns wier it wer itselde spul. Doe troude ik in stikje duveldrek by syn klean yn en yn twa tellen wie it oer, it gûlen en de stivens. In dei letter kaem in âld wiif by ús. "Hwat gûlde jim jonkje justerjoune, net?" zei hja. "Nou, wierne jo hjir dan ek?" En dat wiif wier net by us wei to slaen. Wy binne nei in oar hûs forhuze. Yn dat hûs wier krektlyn in jonkje stoarn. De mem sei: "Hwat ha ik in lêst fan dat âld wiif hawn. Dy hat fêst us jonkje bitsjoend," Mar wy ha nea gjin lêst wer fan har hawn.
Och hea ja, dêr ha 'k sa 'n lêst fan hawn. Dan wie alles jin stiif. Je koene neat forwege. Sa hie ik it es wer in kear. En doe kaem der in swarte kat op my ta. Ik seach fansels neat, mar it fielde sa. Earst oan 'e fuotten en sa nei boppen, oan 'e kiel ta. Mar ik hie dochs noch de krêft, him fêst to gripen en to sizzen: "Hwa is hjir de baes, dou of ik ......" (in grouwe knoop.) En de kat waerd meiiens wei.
As min in tsjoenster keare woe, koe dat troch in krús op 'e wei of it paed to meitsjen. Dat hie bliken dien mei Akke Spinster. Die soe nea oer in krús hinne stappe.
Ek Hanne Kreamer waerd fortocht, dat hy tsjoene koe. Dêrom makken se, doe 't hy der oankaem ek in krús op 'e brêge by Kûkherne. Hanne bleauw der foar stean, roun hwat hinne en wer, mar op it lêst klattere hy oan 'e bûtenkant fan de leunings lâns de brêge oer.
It bjirkleed moast fan ûnderen hwat koarter makke wurde as it lyk wier. De fuotten moasten altyd goed bleat wêze. Oars waerden se smoarch. En dan soe de deade nea rêst fine.
Wopke Minke wier in tsjoenster. Min moast oppasse, dat hja nea yn 'e hûs kaem. Derom lei min in bytsje duveldrek ûnder de drompel fan 'e doar. Fortroude min it noch net, dan makke min de kjessens iepen. Siet dêr in krâns yn, dan wie hja der dochs yn west.
Bontsje Knilles hat foarsjoen, dat der soe in trein yn 'e feart ride, oan disse kant fan Kûkherne. De trein soe út tije rydtugen bistean. It is oan nou ta noch net útkaem, hwant sûnt dy tiid is er nea in trein mei 5 rydtugen lâns kaem.
It wier by de Oare Hoek. Yn 'e nacht. Der wie in lykstaesje. De minsken rounen doedestiids altyd oan 'e kant fan de wei, nea yn 'e midden. Bynammen nachts net. Hwant in lykstaesje gyng midden op 'e wei.
En dr wie sa 'n bigraffenis. Der kaem ien oan. Dy soe dwers oer. En dy gyng samar oer 'e lykwein hinne. De iene kant der by op, de oare kant der by del.
Sa is it ek foarfallen efkes fjidder dan Janke Fokke. Dêr waerd in man, dy 't Geart hiette, midden yn 'e nacht opnommen en yn 'e sleat smiten. Dat kaem troch de lykstaesje. In pear dagen letter stoar Geart.