Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
1218
1218
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,207 datasets found
Place of Narration: De Westereen

Op in kear wie de tsiiskoopman achter Grins yn Onderdendam. Hy bleau dêr de sneins oer yn in loazjemint. Hy makke dêr de sneins in kuijerke troch 't doarp. Doe wie dêr in folksoploop. De tsiiskoopman wie nijsgjirrich, en sei: "Hwat bitsjut dit?"
"Hjir is in man en dêr is elkenien bang foar", seinen se.
"De plysjes doarre net by him to kommen. De burgemeester rint hjir ek al om. Dy man is sa sterk en sa ûnforskillich, dat hy is ta alles yn steat. Hy is dronken."
"'t Liket my raer ta," sei de tsiiskoopman, "dat net ien him oandoar. As ik yn myn rjocht stie, dan soe ik der wol mei ôfweve."
De burgemeester hearde dat en sei: "Je hebt het recht."
Doe roan de tsiiskoopman op dy man ta en smiet him oer in stiennen muorre hinne, dy't om it hiem hinne wie. Hy kom op in stiennen flierring tolânne. Dêr bleau er foar dea lizzen.
Doe sei de tsiiskoopman: "As ik dat witen hie, hie 'k it net dien." Hwant dit griisde him oan.
Mar de man woardde al gau wer better. En doe wied er bikom. Se ha noait gjin lêst wer fan him hawn.

De Westereen

Fan dyselde Popke Kaert wurdt it folgjende forteld.
Hy kom in reed lâns. Doe siet der in hynder yn 'e sleat. Hy warskôge de boer. Dy kom der by.
"Hoe mat wy hjir mei oan?" sei de boer.
"Mei touwen", sei de tsiiskoopman.
"Wienen jo mar sa sterk as ik", sei de boer. "Ik kin in heal hynder tille. Dan koenen wy it der togearre úthelje."
De tsiiskoopman sei: "Dat wol 'k mei jo prebearje."
Doe stie de boer forsteld. Popke hie 't hynder der sahwat allinne útkrige. Hy wie folle en folle sterker as de boer.

De Westereen

Hjir yn 'e Westerein hat in man wenne, dy wie ôfgryslike sterk. Popke Kaert neamden se him en hy wie tsiiskoopman. Hy roan mei de tsiiswein rounom hinne en sa kom er ek al ris de reed del by in boer dy't yn Nandel wenne, achter Grins.
Mar de boer woe net ha, dat der weinen op dy reed kommen, dat hy sei: "Werom."
Popke sei: "Ik bin hjir krekt, ik gean nou net werom."
De boer sei: "Dan mat ik jo werom smite."
Popke sei: "Dan matte jo dat mar ris prebearje."
De boer wie as izer, en hy pakte de tsiiskoopman. Mar de tsiiskoopman krige de boer ûnder.
De boer wie alhiel net lulk. Hy sei: "Dit ha jo earlik woun. En nou wol ik jo dit sizze. Wy binne maten. Tonei meije jo hjir altyd lâns dizze reed èn jo meije hjir fannacht èk bliuwe. Hwant ik ha noch noait yn myn leven myn partij troffen. Ik tocht, dat dy net bistie. Ik ha 't nou ûnderfoun."
Letter kom de tsiiskoopman dêr geregeld. Hy en de boer woarden kameraden.

De Westereen

It wie sahwat yn 1910. Myn suster roan mei in tas mei negoasje by de huzen lâns. Doe't se de jouns thúskaem, sei se: "Hjoed ha 'k hwat wûnders bileefd. In plaetske yn Sânbulten oer 't spoar hinne stie yn ljochte lôge, doe't ik der lâns kom. Ik roan der hurd op yn, hwant sa'n greate brân hie 'k noch noait sjoen. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat fan in brân to sjen."
Hja wie nòch fan 'e wize doe't se it ús fortelde. Wy ha der letter altyd om tocht as it ek ôfbrânne soe, mar dat is noait gebeurd.

De Westereen

Heit fortelde ús froeger oer de roggemantsjes. Wy moesten net ûndogensk wêze en fral net yn 'e rogge komme, hwant dan pakte in roggemantsje ús. Sa'n roggemantsje hie mar ien eech, en dat siet flak boppe de noas. Syn kopke wie like hurd as in spiker. Sokke roggemantsjes dogge de bern neat, mar wolle har goeije dingen leare, dat se letter net wer ûndogensk wurde. Sy nimme de bern mei har mei yn 'e hoale en bringe se letter ek wer thús. Folle iten krije de bern dêr net.
It bearewyfke komt hyltyd by de bern as se dêr by in roggemantsje yn 'e hoale sitte. Dat bearewyfke is sa mâl mei bern, dat sy tutet se hyltyd en sa'n wyfke is tige rûch om 'e mûle. Dat sa'n tútsje is net sa noflik.
Ien of twa dagen bliuwt it bern by it roggemantsje. Dan lit er it wer gean.
Winterdeis hâldden hjir de rûchfuotten ta. Dy binne tige rûch en ien skonk sleept mei. Dy skonken sitte fol hier. As it winters tige kâld is, klopje se by de minsken oan om iten. Dan ha se honger. By 't maitiid geane se nei Ruslân en yn 'e lette hjerst komme se hjir wer.

De Westereen
Om tsjoensters to kearen moat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen of in krús foar de doar sette.

Ik ha faek in nachtmerje by my hawn. Myn broer ek. Sa'n nachtmerje hat de gedaente fan in frommes. Ik ha se wol yn 'e hân omknypt. Se ha grouwe poddige hannen. Se gongen altyd boppe op my sitten en knypten my de hals ticht. Se sizze dat út ien húshâlding fan sawn froulju ien in nachtmerje is.

De Westereen
Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har. Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er. Heit en dy seinen: "Dat treffe we,...

Der kom us in feint by de froulju wei yn 'e Westerein. It wie stil op 'e wei en der wie neat to hearren of to sjen. Mar doe stied er samar ynienen midden yn 't folk. Dy minsken roannen him allegear stadich foarby, sûnder dat se ien wurd seinen. 't Wie midden yn 'e nacht.
In dei of hwat letter stoar der ien by Klaes Pink (= Kl. Lulofs). Dat waerd de bigraffenis dy't hy sjoen hie.

De Westereen

In pleachbeest is in soarte fan houn, mar dan folle mear mâns, hast as in lytse oaljefant mei plompe greate fuotten, greate earen en greate eagen. Der binne genôch lju dy't wol us sa'n pleachbeest troffen ha yn 'e Westerein.

De Westereen

Op itselde plak hat in feint fan in jier of twintich deselde forskining sjoen. Hy kom by de faem wei, sa'n fjirtich jier lyn. It roan -of leaver sweefde- by syn fyts lâns en sette doe it lân yn. Hy ried yn Westlike rjochting en sy sweefde it suden yn.

De Westereen

Us mem hat itselde famke dêr èk sjoen. Dat is al sahwat tachtich jier lyn. It famke gong foar har lâns op in swevende manier it noarden yn. Mem moest sels it oasten yn. 't Wie yn 'e nacht en op itselde plak by itselde hûs.
Letter hat der him yn dat hûs ien ophong. 't Stiet yn 't suden fan 'e Westerein.

De Westereen

Ik roan mei Wibe Visser, Teatske de Bruin en Jan de Bruin om in nacht om tolwe ûre hinne troch de Westerein. Doe sei Jan: "Sjoch dêr is ek noch in famke." Wy seagen it bern allegear tagelyk. It wie sahwat in 35 à 40 meter fan ús ôf. Mar doe't wy better taseagen, doe sweefde it. It gong regelrjocht op in hûs oan, doe dêr by lâns, nei in hokje dat der achter stie. Wy woenen der mear fan wite, mar doe't wy der kommen, wie der neat mear to sjen. It bern sweefde like hurd as in oar bern rint.

De Westereen

Heit en dy hienen to flaechslûken west yn Pitersbierrum yn Grinslân. Yn 'e nacht, sahwat om twa ûre wienen se ûnderweis. Se roannen net hurd, hwant der roan in ploechje folk út 'e Harkema foar har, en dêr wienen se hwat binaud foar. Dêrom bleauwen se hwat achter. It paedtsje dêr't se lâns roannen, dêr wie in stikje rogge njonken.
Doe seagen se dat der yn 'e fierte hwat oankaem. Se koenen net sjen hwat it wie, mar sy tochten dat it it ploechje fan 'e Harkema wie en dat dy it op har jild forsjoen hienen. Dêrom fluchten se allegear yn 'e rogge en sy hâldden har sa stil as in mûs.
Mar sy wienen dêrom wol op har iepenst en seagen goed út nei hwat der gebeurde. Heit hie de holle boppe de rogge. Doe kommen der wol in 30, 40 man oan. Dy roannen allegear plechtich en statich en net ien fan har dy't in wurd sei. De achterste hie in flipjaske oan, en dy hie even oan kant sjoen en heit oansjoen. Mar der waerd neat sein.
Heit tocht, dat dat in lykstaesje west hie.

De Westereen

't Wie yn 'e simmer en tige waerm. Wy leinen mei in man of tolwe as Westereinders mei in man of tolwe yn in droege sleat yn 't hite sân. 't Wie sahwat ien ûre à healwei twaën yn 'e nacht. It waer wie to moai om yn 'e hûs to gean. Doe hearden we sa'n sawntich meter fan ús ôf forskeidene hammers tagelyk timmerjen. Mar der wie abslút neat to sjen. Wy woenen der mear fan wite en roannen der hinne, mar doe wie der gjin timmerjen mear to hearren. Doe gongen we wer nei 't selde plak ta en krûpten yn 't sân. Doe't wy goed en wol leinen bigong it wer to klikjen mei de hammers. Wy der wer hinne. Mar ek nou wienen de lûden fuort, doe't wy der kommen. Dat gong sa oan trije kear ta. Nei in jier trije, fjouwer kom op datselde plak, dêr't wy it timmerjen hearden, de nije grifformearde tsjerke fan 'e Westerein to stean.

De Westereen

It is nou sahwat in tachtich jier lyn. Heit en mem wienen noch mar in pear maenden troud. Heit wie stuolwynder en fortsjinne dêr de kost mei. Mem gong mei him op 'e swalk. Se slepten nachts yn in lange siewein mei hege sketten oan 'e kant, dy't se dan meastal by in boer yn 'e skuorre stean hienen. Se hienen dêr hwat strie en hwat kledeguod yn.
Sa wienen se us swalkjende achter Grins. De wein stie op 'e tellen fan in greate boereplaets. De telle wie wol in fjirtich à 50 meter lang. 't Wie yn 'e iere moarn. It dage. Mem slepte noch, mar heit wie al wekker. Hy tocht: "Ik mat noch mar hwat stuolwine. Hwat dien is is dien." Dat hy kom út 'e wein en bigong op 'e telle to stuolwinen.
Doe bigong samar ynienen dy wein út himsels to roljen. Hy rolle nei de oare ein fan 'e telle ta en doe werom. Dat gong sa trije kearen hinne en trije kearen werom. Heit hat it faek forteld. Hy makke mem net wekker hwant hy tochte dat se dan ek noch bang wurde soe.

De Westereen

Op in joun stie der in ploechje jongfolk út 'e Westerein by inoar. Greate Hindrik wie der ek by. Doe woardde der ynienen samar ien by harren weinom, sûnder dat se seagen hwa't it die. Sy ha dy fint noait wer sjoen.

De Westereen
Rottebrij Lubbert en Griet koenen fersknorrende min meiïnoar. Lubbert hie ek wol foar 't ferstân, dat Griet him wol fan kant ha woe en dat er mar oppasse koe. Op in moarntiid sei Griet: 'Wy ite hjoed grouwe rys, Lubbert'. 'Moai', sei Lubbert. Griet gong nei de apteek om rottebrij (of rottefergif, dat is itselde). De oerdei kaam Lubbert by de apteek lâns...

As in bjirkleed op snein naeid waerd, krige de deade wer it foar makke waerd gjin rest.

De Westereen

Suster van A. sukkele. Op in kear kaem it âld buorwiif by har. "As ik jim wie, makke ik it kjessen es iepen. 'k Woe wol es sjen hwat dêr yn sit." Wy hellen in krante fan 'e kast en leine dêr it spul op, dat út it kjessen kaem. En hwat kaem er út? In mud. Hy wie klear op in poatsje nei en in stikje fan 'e sturt. It âld wiif sei: "Dêr ha je it geduvel al" De suster is stoarn. Hja spuide yn 't lêst kleare brûs. Hja wie bitsjoend.

De Westereen
1219