Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
1218
1218
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,207 datasets found
Place of Narration: De Westereen

Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.

De Westereen

It teltsje fan Jan en Griet
Hjir yn 'e Westerein wie 't froeger allegearre heide. En dêrby ien en al earmoed.
Jan en Griet hienen seis berntsjes. Dy sieten op in jountiid om 't fjûr hinne dat boppe de hurddobbe brânde.
Jan en Griet hienen honger. En hja hienen neat gjin itenspul yn 'e hûs.
"Wy matte der noch mar ris op út", seinen se. "Faeks skarrelje wy hjir of dêr noch wol hwat op."
Mar it wierre de beide minsken net mei. Der wie net ien dy't har hwat joech. Hja rounen al mar fierder en op it lêst wienen se wol trije ûren fan hûs.
Dêr wenne in boer, dêr hie Jan kunde oan.
Jan sei tsjin Griet: "Dêr matte wy fannacht mar bliuwe. De berntsjes matte har sa lang mar rêdde."
It jounmiel stie ré en de boer en de boerinne seinen: "Kom mar yn 'e hûs. Jimme kinne mei oanfalle."
Jan sei tomûk tsjin Griet: "Griet, nou mastû der om tinke, hear, en net wer safolle ite as lêstendeis. Ik sil dy op 'e tean traepje, ast' de leppel dellizze mast."
"Wel, hoe smakket it?" frege de boerinne
"Bêst", antwurde Griet, mar de houn woartele ûnder 'e tafel en trape Griet krekt op 'e tean. Hja tocht net oars as dat hie Jan dien en dêrom sei se: "Ik gjin mear." En sy lei de leppel del.
Jan wie tige lulk en sei: "Dû kinst doch noch wol hwat op, net?"
"Né", sei Griet.
"Dan mat se aenst mar hwat mear brij ha", sei de boerinne.
Mar Griet hie har boardfol brij noch net earlik op, doe trape de houn har wer op 'e tean. Griet lei de leppel del en woe bislist neat mear ha.
"Dû ytst joun ek neat", sei Jan.
Mar Griet wie lulk.
Doe't it bêdgongerstiid wie, brocht de boer syn beide gasten yn 't hea.
Griet wie prot en sei tsjin Jan: "Hoe koestû my sa gau op 'e tean traepje. Ik wie noch net heal sêd."
"Dat haw ik net dien," sei Jan, "dat sil de houn wol dien ha."
"Hwat ha 'k noch in honger", sei Griet.
"Ik net", sei Jan.
"Ik leau," sei Griet, "ik gean nei de kelder ta."
"Net dwaen", sei Jan.
"'t Kin my neat skele hwatstû seiste, ik doch it àl," sei Griet, "ik gean der hinne. Ik sil wol oppasse en gjin leven meitsje."
Al gau wie se yn 'e kelder. De katten blaesden. Hja iet alles op dat se fine koe. Doe gong se wer nei Jan ta.
"Ik ha alles opiten", sei se.
"Hast de jonge katten ek opiten?"
"'k Wyt net, it is my al rûch om 'e mûle."
"Wy matte mar gau fuort", sei Jan.
Doe roannen se sa hurd ta de skuorre út, dat Jan hufte de doar út 'e hingsels en sa, mei de doar op 'e rêch, sette er 't op in rinnen.
"It is mei dy ek altyd raer", sei Griet.
"Ei nou, hwat soe 't", sei Jan. "Dan ha wy ek in stik branthout, as wy aenst thúskomme."
Doe't se in ein op stap wienen, sei Griet: "Dêr komt hwat oan."
Jan seach it ek. It wienen mear as ien twa.
"Sille wy mar yn 'e beam klimme?" sei Jan. Dat like Griet skoan ta.
Jan naem de doar mei yn 'e beam.
Hwat minsken binne dat dy't se sjoen ha? Rovers, en dy ha in hiele bringst jild by har. Dat ha se stellen. Ûnder 'e beam, dêr't Jan en Griet yn sitte, bliuwe se stean. En dêr bigjinne se to jildtellen.
"Ik mat pisje", seit Griet, en hja docht it.
"Daar valt hemels water", seit ien fan 'e rovers.
"De lucht staat anders niet slecht."
"Ik mat broekseare", seit Jan.
"Net dwaen", seit Griet, mar 't wie der al.
"Daar valt ook nog wat moster", seit in oare rover.
Jan seit: "Ik kin de doar net langer fêst hâlde." En hy lit de doar falle.
Nou wurde de rovers ôfgryslike kjel.
"De hele wereld valt van boven!" roppe se.
En hja naeije hurd út en litte alle jild lizze.
Dan komme Jan en Griet út 'e beam. Hja nimme it jild mei. It is in knoarre. Noch noait ha se safolle byelkoar sjoen.
Hja sette sokken en komme midden yn 'e nacht thús.
De berntsjes lizze by de hurddobbe tsjin elkoar oan to sliepen.
"'t Stiet der goed foar," sei Jan, "wy ha nou in protte jild."
It hout waerd op 'e hurd lein, dat al gau lôge der in great fjûr.
Griet gong midden yn 'e nacht nei de bakker ta dy't der útkloppe waerd, en ek nei de winkelman en hja kaem mei in skelkfol guod thús.
Doe hienen de berntsjes dy nachts noch in feestmiel!

De Westereen

Jehannes (Hindrikje) koe minsken stean litte.

De Westereen

Auke van der Heide hie himsels oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, hong er jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. Dan siet dy ponge de oare moarns fol jild.

De Westereen

Baeije (de tsjoenster) har suster hie in feint. Dat wie Durk fan Sibe Tieke. Mar dy suster fan Baeije wie ek in tsjoenster. Sy siet njonken Durk yn in pânse. Ek us in kear, doe wie hja wer fuort, doe hie der in klok mei pykjes om him hinne roan. Doe hie se har dêr yn foroare. Har mem wie ek in tsjoenster. 't Wie in echt tsjoensterslaech.

De Westereen

Eiberts Rinske wenne by de Swâdde. Dêr dobbelen se altyd meielkoar en allerhande folk kaem dêr. Myn broer kaem dêr ek wolris. Op in kear soe myn broer nei hûs ta, doe wie der in beest deun achter him. It like wol hwat op in grouwe, swarte houn. It hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. Dat bist bleau hyltyd by him. It folge him op 'e hielen. As hy stean bleau, bleau dat bist ek stean. Dy houn brocht him oan 'e doar ta. It wie in pleachbeest.
Der wienen folle mear dy't krekt itselde dêr ûnderfoun ha. Altyd wie it beest deun by harren. Letter doarst der net ien mear lâns.

De Westereen

As in arbeider froeger de koarts krige, dan koed er dy soms wer kwyt wurde troch nei de klaei ta to gean.

De Westereen
As de eksters skatterje, dan komt der hwat nijs. Meastal is it gjin moai nijs. As der in fûgel tsjin 't glês oankomt, dan bitsjut dat in sterfgefal.
Bontsje Douma har heit hearde froeger psalmsjongen yn 'e loft. Dat hat de foarboade west fan 'e radio.

It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.

De Westereen
As se de trije krânsen út in kessen forbrânden, dan forbrânde de tsjoenster sels ek.

Alde Minne Ale wenne by de Swâdde. Dat wie ek in tsjoenster.
In soan fan âlde Hanne fortelde, dat Ale kom faek by harren, mar altyd troch de achterdoar, noait troch de foardoar. Doe hie Ale wer ris by harren west, wylst hie hy gau in krús mei in koarste brea ûnder 'e drompel fan 'e achterdoar dien. Brea is heilich. Doe't Ale wer fuort soe en oan 'e achterdoar ta wie, kom se werom en sei: "Mei 'k wol troch de foardoar?"
Mem wist nergens fan en sei: "Jawol." Dat gebeurde doe. Mar oer de drompel fan 'e achterdoar koe se net komme. Wol in biwiis, dat it in tsjoenster wie.

De Westereen

Myn man hie in broer, dy wie fjirtsjen jier. Sels wied er twa jier âlder. Dy jonge tsjirme. Hy woarde minder en minder. Op 't lêst woarde er ek noch blyn. Op in snein-to-moarn, doe gongen him de egen iepen. Hy woe sa graech nei syn beppe ta, dy wenne tichte by. Mar skoanmem sei: "Dan mat dat moarnier mar." Mar doe wied er wer blyn. Twa dagen letter wied er wei. Hy wie net stiif, lyk as oare liken, mar hielendal slop. Hy wie bitsjoend troch âlde Baeije, dêr kom it fan dat er slop wie. Mem en dy ha syn kessen iepentoarnd, dat siet fol krânsen. Alde Baeije kom alle wiken by him to sjen, soms wol twa kear. Doe't er hiel min wie, kom se troch de lannen mei twa skeaven tek op 'e rêch om to sjen hoe't it mei him wie. Letter hat se der noait wer west. Mar it wie âlde Baeije dy't him deatsjoend hat.

De Westereen
Harke Woudwyk wenne mei Gels syn suster yn 'e Westerein. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en dy soldaetsjes bigongen dan op 'e tafel to dounsjen.

Yn Kollumersweach by 't spoar wenne in âld man, dy moest der nachts faek út om hwat to sjen. Bleau er lizzen, dat joech neat. Dan waerd hy der út dreaun, ja smiten hast. Hy moest dan faek nei 't tsjerkhôf fan Kollumersweach ta. Dêr seach er dan in lykstaesje. Dy man wie Bontsje Knjillis.

De Westereen

't Wie froeger greate earmoed yn 'e Westerein. Der wie in âld minske dy biferve de muorren fan binnen mei reade jiske en wetter. Doe kom de bakker dêr. Dy gong tsjin 't sket oan stean.
"Och, och," sei 't âld- minske, "dêr giet de man hinne mei syn hiele portret op 'e rêch."

De Westereen
Der wie in jongfeint út 'e Westerein, dy moest ûnder tsjinst. Dokter frege him by it ûndersyk of er ek hwat yn to bringen hie. "Ja, dokter," sei er, "elke avond een schaap voor vader."
Hoe dom de minsken yn 'e Westerein wienen. Ielke en Baeije wienen âlde minsken. Ielke rekke siik. Dokter moest komme. Dy frege: "Is de deurgang wel goed?" "Né dokter," sei Ielke, "hjir komt net folle lâns." "Braakt u wel eens?" frege dokter. "Né dokter," andere Ielke, "mar ik bin wol faek oan 't reapdraeijen."
Yn 'e Mieden seagen wy froeger wol wylde lantearnen. Letter, doe't de fytsen en de auto's kommen, seinen se: Dat ha dy ljochtsjes west.

Froeger waerden der wol wite wiven sjoen nachts yn 'e Westerein.

De Westereen
1219