There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search














Sterke Hearke hat ris pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. It hynder koe 't net lûke. Mar hij wol.
Foar spûkgûlen wienen de minsken froeger och sa bang.
Sokken binne der trouwens nòch wol. Der waerd algemien sein dat it op in sterfgefal útdraeide.
Us mem wie siik. Doe wekken myn broer en syn frou dy nachts by har. Dy tochten: "Wy matte de kessens mar ris nei sjen. Hwa wit, is 't âld-minske net bitsjoend."
Doe founen se in hiele greate krâns yn it iene kessen. Dy ha wy lang biwarre yn it kammenet.
Dêr wie jern troch dy fearrene krâns hinne woun.
Sjoukje, 't famke fan myn broer hie hoasbantsjes om har hoaskes hinne, 't wienen reade bantsjes. Dêr wie ien fan wei, dêr hienen se bot om socht. En nou siet dat hoasbantsje yn dy krâns bifrissele. Yn 't kessen! Hoe koe soks. Allinne troch tjsoenen!
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin."
Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie.
Hja wie troch 't kaeisgat yn 'e hûs kaem.
Nachtmerjes komme ek wol by hynders. Dêr ride se op en wylst meitsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
Fan sawn dochters út ien húshalding is ien in nachtmerje
fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Hjir foar oer wenne in âlde frou. Der wenne in jonge by har yn, dy't se yn 'e kost hie.
Yn it hûs dêrnjonken wennen jonge minsken, in man en in frou. Op in joun doe wie dy jonge frou der op út west. Doe't se thús kom, doe klemde de doar hwat. Har man lei al op bêd. Hja klaeide har ek út en gong lizzen.
Doe't se in skoftsje op bêd lein hie bûgde der ien oer har hinne. It wie in hiele lange keardel, as in reus.
Hja tochte: "Dû krigest my net, as wiest de duvel ek!"
Doe rôp se oan har man, dy't njonken har lei to sliepen. Mar dy wie yn 'e sliep fortiisd en koe net oerein komme, sa sliep-dronken wied er.
Mar de jonge frou wie klear wekker. Doe wie de lange man fuort. De oare moarns kom de âlde frou - har buorfrou - by har om wetter to heljen. Dy fortelde se de hiele tadracht.
It âld-minske sei: "Och fanke, dat hat dy jonge west, dy't by my is, hwant dat is in nachtmerje."
Nachtmerjes koenen troch alle lytse gatsjes komme.
Alde Jiske Geart wie stoarn. Hy hie by syn leven in bilofte dien oan ien en dy bilofte wie er net neikom. Nou koed er de rêst net fine yn it graef. Hy kom út en troch by it hûs fan deselde oan hwa't er dy bilofte dien hie en dan kloppe er dêr op 'e doar. Op in kear woarde him de doar iependien en doe hat er hwat mei dy man bipraet.
Doe hat er sein: "Nou is 't goed." En doe hat er him net wer sjen litten.
Foar tsjoensters wienen se froeger bang. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net yn 'e hûs. De berntsjes krigen stikjes duveldrek yn in pûdtsje op it boarst, dêr kom in lintsje oan.
De tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
Soms krige sa'n kat in skop. Dan seinen se de oare deis:
"Ha jim 't wol sjoen? Hja hat it fannacht west. Hja hinkt oan 'e foet." Dan wiisden se nei in âld-minske, dy't foar de tsjoenster hâlden woarde.
As der ien bitsjoend woarde dan fielde dat krekt as krige er allegear spjeldestekken.
De tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan deselde dy't se bitsjoende.
Foar deselde dy't bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne of Jonge Jan fan 't Wytfean. Meast gongen se hjirwei nei Wopke, dat wie tichterby. As Wopke in drankje joech, knapte it drankje soms al by him yn 'e hûs. Of 't gebeurde ûnderweis. Dan kearden se werom. Dan sei Wopke: "'k Hie 't wol tocht. Mar nou sil 'k it oars bisykje. Dan doch ik de blinen ticht."
By sawn jonges yn ien húshâlding is in wjerwolf.
By sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
De haechskjirre
De hage moest knipt wurde. De man helle de haechskjirre op en sei tsjin 't wiif: "Ik sil de hage even skeare."
"Dû mei dyn 'skeare'," sei se, "knippe."
"Ik skear de hage", sei er.
"Dû knipst him," sei hja, "hwa skeart nou mei in skjirre."
"Ik skear him", sei er.
"Dû knipst him", sei se.
"Skeare", sei er.
"Knippe", sei se.
Dat gong sa in skoft troch. Se krigen sa'n rûzje, dat de man sei: "'k Sil dy fuort forsûpe."
Doe treau de man har ûnder wetter. Doe sei er: "Is 't nou skeare of knippe?"
Doe brocht hja de hân boppe wetter en sy makke in biweging fan knippen mei de fingers.
Traepje net op in pod, oars bigjint it to tongerjen!
Oan 'e Godloaze Singel hat in rike âld-hear wenne. Hy wie dêr forûngelokke mei in hynder en nou sit syn skat dêr yn 'e groun. Dy âlde hear dy spoeket der sûnt altyd om en in protte minsken wienen froeger deabinaud op 'e Boppewei. It sizzen is dat de âlde hear alle jierren in hoannestap neijer komt.
Froeger waerden hjir ljochtsjes yn 'e loft sjoen. Dat wienen de lettere fliegmesines. Omke hat se faek sjoen.
De tsjoensters matte op syn minst yn sawn jier tiid ien deatsjoend ha. Oars geane se der sels oan.
In tsjoenster kin oeral trochhinne. Dat komt, sy kinne har oeral yn foroarje. Yn mûskes en fûgels en neam mar op.
Hjir achter ús hat in man wenne, dy hat himsels dearide litten troch de trein. Guon minsken ha koarte tiid derfoar by him thús syn deakiste ergens by lâns skaevjen heard. Doe wie de man dus noch levend.
As de houn spûkgûlde koe men der mar fan op oan dat der in deaden kom. Ik wit noch bêst dat der by ús yn Twizelerheide in houn sahwat de hiele dei spûkgûlde. Hy hie de kop omheech en seach mar ien kant út. Der is doe ien stoarn, tichteby, de kant út dêr't de houn de kop hinne draeid hie.