Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
1218
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,207 datasets found
Place of Narration: De Westereen

Wie der ien bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander. Dat wie Wopke to Kûkherne. Dy joech in drank mei. Dan sei er: "Jim matte 't fleske goed beethâlde. En as der jim aenst ien passeart, tink der om en gean him noait foarby oan 'e kant dêr't jim it drankje ha. Ek al matt' jim der troch yn 'e sleat, dat is better as him oars passeare."

De Westereen

Greate Pier wenne achter Ljouwert. Hy wie ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him op 'e ikker, dy koe him net, mar dy moest nei him ta. Hy frege him hwer't Greate Pier wenne. Doe hie Pier de ploege mei ien hân optild en foar him útstutsen en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."

De Westereen
Froeger seinen se: Noait op in pod traepje, oars komt der tonger.

Dy't op it stjerbêd leit en klean oan hat dy't op snein naeid binne, kinne net ta stjerren komme. Dan matte se dy klean earst út ha.
Dy't op snein neilknipt, mat dy neils yn 't hjirneimels allegear wer opsykje.

De Westereen

Der kom ek ris in man by Hearke thús. De dochter fan Hearke kaem by de doar.
"Wennet Sterke Hearke hjir?" frege er.
"Ja," sei de dochter, "dy wennet hjir. Hiene jo boadskip?"
"Ja," sei de man, "ik woe myn krachten wolris mei sines mjitte. Hwant ik bin èk sterk, sjoch."
"O", sei de dochter. "Nou, dêr leit in stien." Dêr lei in grouwe bolstien mei in ring der oan. Hja naem de bolstien oan 'e ring fan 'e groun en smiet him in moai ein fuort.
Doe sei se: "Us heit smiet him noch wol helte fierder."
De man koe de stien net iens optille. Hy gong gau fuort.

De Westereen

Sterke Hearke wenne op 'e Ham. Op in kear komt der in man by him. Hearke is oan 't ploeijen op it lân.
Dy man sei, hy moest by Sterke Hearke wêze. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy wennet?"
Doe krige Hearke mei ien hân de ploech beet en stuts dy rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er."

De Westereen

Myn man wie op in moarntiid ier ûnderweis op 'e fyts nei 't wurk ta. Doe roun der in frommes njonken him. 't Wie noch tsjuster. Myn man stapte fan 'e fyts ôf. Hy woe sjen hwa't dat wie sa ier yn 'e moarn. Doe wie se ynienen fuort west. Der wie gjin spoar fan har to bikennen.

De Westereen

As in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der hiel yn 't koart ien deagean soe dy't tichteby wenne. Dêr wienen de minsken froeger o sa bang foar.

De Westereen
Mei tsjoenderij dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.

Hjir hat froeger yn 'e Westerein in tige sterke man wenne, dat wie sterke Hearke. Hy wenne hjir flak by ús. Wy ha hjir noch in stik tún, dat is nei him neamd, dat sil wol fan him west ha. Hearke tún hyt it.
Hearke wie sa sterk, dat hy stiek samar 100 poun moal yn ien hân omheech.

De Westereen
In pleachbeest wie in dier, dat sprong de minsken ûnderweis op 'e rêch.

It is sa'n tachtich jier lyn, wy wienen noch fan dy bern. Doe wienen der noch sânloanen yn 'e Westerein en hjir en dêr stie in húske. Wy wennen oan in donkere loane.
Us heit fortelde, hy wie ris op in nacht dy loane lâns kaem, doe wie er oan kant skoud woarn. In hiel ein, sûnder dat er hwat seach. Dêr hat in lykstaesje west dy't dêr lâns kaem, mar heit koe der net by komme. In skoftsje waerd er sa oan kant skoud, doe wie 't oer.
Doe wie de lykstaesje foarby.

De Westereen
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Wopke om in drankje. Dat drankje mochten se oan net ien sjen litte, dêr mochten gjin fremde egen oer gean. Dan woarde alles ticht makke yn 'e hûs, alle kieren en alle lytse gatsjes. En dan woarden der spjelden en nuddels yn in panne dien - fan elk in ûneven tal - en dy moesten dan yn wetter siede. Hwa't dan de oare...

Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del.
De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan.
Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.

De Westereen

Hearke wie ris oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy woe wite hwer't Hearke wenne. Hearke tilde de ploech op en wiisde dêrmei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."

De Westereen

Ik ha by de Baersma's yn 'e tsjinst west. Alde Baersma krige 't oan 'e knibbel en dat like net sa aerdich. Hy hie twa skoansoannen. De iene wie dokter (Theo de Jager to Kollum), de oare wie doomny.
De dokter behandele de knibbel, mar 't skeat neat op. It woarde earder minder as better.
Ik kom mei âlde Baersma to praten. Ik sei: "Jo matte nei Oene ta gean."
"Né," sei er, "dêr gean 'k net hinne. Ik ha twa skoansoannen: de iene is hielmaster foar it lichum en de oare foar de siele. Dat, as it dàn net better wurdt -"
Mar it woarde net better en hy liet Oene Kempenaar komme. Baersma hie in lulke herdershoun, dy siet oan in lang ketting.
"Pas op, Oene," rôp Baersma, "kom der net to ticht by, hwant dan wit ik net hwat der gebeurt." De houn blafte mei gewelt.
"Dat hountsje?" sei Oene, en hy makke de houn los. Dy lei de poat op syn knibbel en wie àl sa mak as hwat.
Doe moest Oene mei de knibbel oan 'e gong. Hy sei tsjin dokter de Jager: "Koenen jo jou heite knibbel net better krije?"
"Dat wol 'k net biweare," sei de dokter, "mar soks mat syn tiid ha." "Ei man, hwat prate jo fan tiid", sei Oene.
Doe't Oene de knibbel bihandele hie, sei er: "Nou kom ik moarnjoun even wer. Wy sille ris sjen, hoe fier it dàn is."
Doe't er de oare jouns wèr kom, koe Baersma wer stappe.
Dit is allegear wier gebeurd. Ik ha 't sels meimakke.

De Westereen
Traepje noait op in pod, oars komt der ûnwaer.

Ik haw sels ek ris by Oene Kempenaar west. Doe hie 'k myn earm forknoffele. Mar ik hie doe noch gjin fortrouwen yn syn kunsten en wurke him tsjin. Hy sei: "Dû wolst net meiwurkje, baeske, dû mast moarnjoun nochris in kear komme."
Ik kom de oare jouns wer. Hy wreau de earm, preuvele der hwat wurden by, dêr't ik neat fan forstie en ik wie wer better.

De Westereen

De beppe fan ús mem wie in tsjoenster, mar dat hat mei dit teltsje neat út to stean. It wol allinne mar sizze, dat it net likefolle is hwat men seit.
Har buorlju, dat wienen dy beide âldfeinten Auke en Minse. Dêr hie se faek rûzje mei. Op in kear doe krige se rûzje, doe stie se by harren yn 't winkeltsje foar de toanbank. Doe fortelde se hwat, dat wie net wier.
Auke sei fuort: "Dat is sa net", mar der woe se neat fan hearre. "Ja wis, is 't sa", sei se. "As it net sa is, dan mei dizze wicht my gleon yn 't boarst wurde." Doe hie se in koperen wicht fan in poun fan 'e toanbank krige.
Hja is stoarn mei in freesliken pine yn 't boarst. Krekt as hie se der in gleon gewicht yn, hat ús mem faek sein.

De Westereen

Us mem hie in baekster, dy wie mei de helm geboaren.
Mem frege har in kear: "Ha jo wolris hwat sjoen?"
"Och minske," sei se, "ik ha der wit hoe faek op út west yn 'e nacht. Dan kòe 'k net thúsbliuwe.
Doe't myn dochter fordronken is haw ik dat ek allegear foarútsjoen."

De Westereen
1219