Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
583
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
542 datasets found
Place of Narration: Sumar

By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!"
Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.

Sumar

Alde Hindrik de Roos wie moundersfeint by Klaes Gorter yn Garyp. Guon fan syn fingers wienen ôfferzen. Hy wie izersterk.
Op in kear brochten se moal fan 'e boat ôf yn 't pakhûs. Dat wienen sekken fan 100 poun. Hindrik wie der ek by.
Doe sei der ien: "Dit is gjin minskewurk, om dat moal dêr nei de souder to sjouwen." Doe sei Hylke, de soan fan Klaes: "Hindrik de Roos kin der wol 600 poun by opsjouwe."
Dat woenen de oaren wolris sjen.
Hindrik koe dy seis baeltsjes net sels op 'e hûd krije. Doe ha de oaren him de seis baeltsjes moal op 'e skouders lein en sa is hy der mei by de leider op gong en sa brocht er se op 'e souder. Se neamden him altyd âlde Hindrik Dommekracht.

Sumar

Har broer droech in greate swiere roeiskou op 'e skouders út 'e feart wei nei in oare feart ta.
Hy mat ek ûnder tsjinst west ha. Hy woe graech by de soldaten wei en doe frege er de kaptein of er frij fan 'e tsjinst wêze mocht: dan soed er in great anker fan 1400 poun om 'e kaserne tille.

Sumar
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...

Ljibbe fan Geart de Vries fortelde my, foardat it hûs fan Albert de Boer boud wie, stie der noch neat op 'e heide (Sum. heide). Doe kom hy dêr ris op in joun lâns en doe seinen se: "Sjoch, dêr brânt in ljocht op dat lân!" Doe wie der noch hielendal gjin sprake fan dat dêr boud wurde soe. Letter kom dêr it hûs fan Albert de Boer.

Sumar

Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en dêr't dy man út dronk. 't Koe neat skele hwer't dat kopke op 'e tafel stie, dy drip bloed foel der altyd yn.
Doe woarden de geiten èk noch siik, dy stienen to razen op 'e stâl.
Doe sei dy âld-man tsjin syn buorman: Wolle jo sa lang mei de kij en 't oare fé rêdde wylst ik nei de duvelbander ta gean? Hwant sa kin 't net langer.
Dat gong oan. De âld-man reizge nei de duvelbander ta.
Wylst hy dêr by dy duvelbander siet, koe de buorman syn kij sa hurd gjin iten jaen of de bisten frieten it op en se dronken har sêd.

Sumar
Dizze minsken hieten fan Boom, omdat it skippers wienen, dy't de boom brûkten. Jantsjen wie in great gewant frommes. Op in kear moest se foar 't gerjocht komme. Doe sei de rjochter tsjin har, doe't se har namme neame moest: "Je ziet er ook net uit als een boom. De takken ontbreken er alleen maar aan."

Us heit wie wolris oan 't stobbekappen. Dat die er foar Jan de Haan yn Garyp. Hindrik Dommekracht fuormanne by Jan de Haan. Hindrik brocht de stobben bylâns by de minsken. Op in kear moest er stobben bringe nei dokter Zwart yn Burgum. Dy moesten achterom yn 't hok brocht wurde.
"Ik frege âlde mynhear Hindrik (in broer fan 'e dokter) hokker hok hy bidoelde", sei Hindrik D. Doe sei mynhear Hindrik: "Yn dat hok."
Mar doe't Hindrik D. de doar fan it hok iepen die, pakten in pear grouwe herdershounen him. Se ropten him de jas fan 'e hûd en de broek fan 'e kont.
De broek en 'e jas wienen beide sa stikken, dy koenen net wer oan. Alde mynhear Hindrik sei: "Dat is neat. Wy ha wol in knappe broek en jas foar dy." Hy joech him in lange skoatjas mei in lange split deryn.
Doe't Hindrik werom kom, seagen se him allegear foar in doomny oan.

Sumar

As jy in swarte kat tomjitte komme, matte jy op jins hoede wêze, hwant dat bitsjut ûngelok. It koe in tsjoenster wêze.

Sumar
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje, fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.

Us heit wie út in sterke famylje. Syn pake hie ris oan 't dongriden west. Dat wie yn Twizelerheide. De dong moest út 'e skerne wei riden wurde. Hy hie in âld hynderke en dat koe 't net lûke.
"Alde smearlap," sei er, "kinst it wer net dwaen?" Doe die er it hynder foar de wein wei en doe skuorde er mei de lulke kop de wein der sels út.

Sumar

Der wie in koaning, dy mocht sa graech fortellen hearre. Noait wie in forhael sa gek of hy sei altyd: "It koe bêst wier gebeurd wêze."
Op in kear biloofde hy in hûs mei in protte lân en in sjou jild oan dyselde, dy't him in forhael fortelle koe, dêr't hy direkt fan sizze koe: "Dat liichste."
Der kommen allegear minsken mei gekke forhalen mar it koe noait sa gek wêze of de koaning dy sei: "Dat kin bêst wier gebeurd wêze."
Doe op in kear kom der in earme arbeider by him. Dy sei: "Ik woe ek graech ris in forhaeltsje fortelle."
Doe fortelde er dat hy hie by syn hûs in hinnipsiedtsje siedde, dat sa ôfgryslike hurd groeide, dat yn 'e tiid dat hy der by stie kom it boppe de beammen út en op 't lêst wie 't oan 'e himel ta.
Doe klom hy der yn op, heel, heel heech. En doe't er hielendal boppe wie liet er him nei ûnderen glide en doe kom er ûnder 'e groun tolânne, like fier as hy der earst boppe wie.
Der ûnder 'e ierde wennen èk minsken.
Doe fortelde hy dêr oan dy minsken dat dêr boppe de ierde, dêr wenne in koaning, dy't sa fan forhaeltsje-fortellen hâldde. Dêr hienen dy minsken wol fan heard, seinen se. Hwant in neef fan him wie dêr bargehoeder, dêr ûnder 'e groun.
Doe sprong de koaning op en rôp: "Dat liichste, hwant ik ha net ien yn 'e famylje dy't bargehoeder is!"
Doe sei de arbeider: "Dat is ek sa. Mar nou myn hûs en myn lân en myn jild!"
De koaning lake en sei: "Dû hast it earlik fortsjinne."

Sumar

Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar fan 't húske ticht, dat er mar net by my komme soe. Mem rôp my noch fan 't bêd ta: "Mast de bûtendoar los litte, hwant heit en Hindrik matte noch thús komme. Dy binne nei de Pein, nei beppe ta."
Ik die de doar ticht, sa hurd ik koe en ik wie net earder rêstich as doe't ik goed en wol yn 'e hûs wie sûnder Nero. Der wie gjin better houn as Nero, en ek gjin goeder en trouwer dier. Moarns gongen wy altyd mei de hounekarre to melken en 't soe noait misse as dat earme dier stie al tusken de tiksels ús op to wachtsjen.
Mar de oare moarns wie Nero der net. Hoe't wy rôpen, der kom gjin antwurd. Doe sykje. En doe founen wy him dea lizzen op 'e trambaen. Hy wie troch de tram oanriden woarn.
It beest mat der grif in foargefoel fan hawn ha. Mar hoe koe it nou, dat ik sa bang wie foar it beest?

Sumar
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf. Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
Ik ha ús heit en dy faek praten heard oer minsken dy't mei de helm geboaren wienen. Dy gongen der nachts ôf. Dan seagen se lykstaesjes. Dan fortelden se de oare deis: der roannen sàfolle manlju achter en sàfolle froulju. Soms seinen se tsjin ien: even oan kant gean, hwant dêr komt in lykstaesje oan. Mar de oare seach dan neat. Nachts moest in minske net...

Der wienen twa fammen dy wennen by burgerlju. Dy burgerlju wennen neist elkoarren, dêr wie in hage tusken de huzen. Dy beide fammen wienen al hwat âld, mar se hienen noait forkearing.
Doe woarde it dêr kermis yn it doarp. De iene faem sei tsjin 'e oare: "Ik hie dochs noch wolris wer sin oan in feint." De oare sei: "Ik ek wol. Wytste hwat? Wy geane togearre nei de kermis ta."
De beide fammen dienen har hwat op en gongen nei it terrein ta. Dêr hienen se al gau elk in feint. Mar dy feinten wienen noch tige jong, dat de beide froulju seinen tsjin elkoar: wy ha de rjochte net. Hoe komme wy fan har ôf? Der wyt ik wol ried op, sei de iene. Ik sil sizze: wy matte om tsien ûre binnen wêze. - As wy se dan kwyt binne, geane wy stikum wer nei 't terrein ta. De beide jonges rekken fuort. Doe gongen de twa froulju wer nei it terrein ta. Doe kommen der twa feinten fan har eigen leeftyd op har ta.
Dit liket der op sei de iene faem tsjin 'e oare. De beide feinten gongen mei de fammen nei hûs ta en bleauwen dêr oant let yn 'e nacht.
De oare deis die de iene faem gau de loper op 'e hage om út to klopjen. De oare faem kom der ek by.
De iene sei: "De feint dy't ik hie dat koe wolris in dokter wêze. Hy hat my fan top ta tean ûndersocht."
De oare sei: "Dy fan my dat hat grif in skilder west hwant doe't ik fan 'e moarn wekker woarde hie ik de stisel noch yn 't himd."

Sumar
Alde Melle potskipper fan Sumar farde op 't fearskip. Dy wie èk tige sterk. Op in kear hied er in fracht fan 'e smid yn de Pein. Wylst de smid yn 'e hûs siet to kofjedrinken krige Melle 't ambyld fan 't blok en sette 't bûtendoar del. Mei man en macht koenen se it net wer toplak krije. Doe moest Melle komme. Dy sette 't wer op 't blok del.

Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen.
"Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er.
Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs.
"O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol."
Hy wie fuortgong en hie mar fan 't wrakseljen ôf sjoen.

Sumar
584