Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
2023
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,973 datasets found
Place of Narration: Harkema
Alde Sibe Gealtsje Sibe fortelde: Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west. Dat wie op in joun. Doe hie 'k mei 't wiif to biklaeijen west. De duvel wie in beamke.

In tsjoenster hie de macht har to foroarjen yn in swarte kat.
Hwat men fan har krijt om op to iten kin soms yn in pod foroarje. It mat ris gebeurd wêze dat ien in apel fan in tsjoenster krige. Dêr die er in hap út en dat spuide er út. Doe biwarre er dy apel yn in kop. Doe wie letter dy apel foroare yn in pod, mar dy pod hie in gebrek. Dat kom, trochdat der in hap út dy apel dien wie.

Harkema

Faek ha se my forteld dat in kanarjefûgel net mear sjonge wol as der ien yn 'e hûs stjert. Mar dan mat de kouwe hingje yn 'e keamer dêr't ien dea giet.

Harkema
Der wienen in pear âlde lju fan tachtich jier, dy krigen 't yn 'e holle om to trouwen. Doe wie 't dan sa fier dat it trouwen soe oangean, mar doe kom de breid by de breugeman en dy sei: "Nou is 't net bêst." Doe sei hy: "Hwat nou, fanke, is der hwat?" "Ja jonge," sei se, "it trouwen mat oer gean." "Hwerom dàt, fanke?" Doe sei se: "Ja, jonge, myn âlde lju...

Yn Drachten wenne in man, dy hie mei 't boatsje to fiskjen west. Doe hied er in allerôfgryslike dikke grouwe snoek fangd. Dêr kom er mei thús. Hy lei 't boatsje foar de doar en de snoek died er yn in sek. Mei de sek gong er achter troch de skuorredoarren yn 'e hûs. Yn 'e skuorre lei er de sek mei de snoek del.
"Ik mat earst mar in bakje kofje ha", sei de fisker en hy gong yn 'e hûs.
Yn 'e skuorre hie er ek in loper (in licht barchje fan sa'n 80 à 90 poun). Dy roan dêr los om.
Doe't it kofjedrinken dien wie, doe gong de fisker wer nei de skuorre ta. Doe tocht er: "Hwer is dat barchje?"
Doe die er de skuorredoar iepen.
Achter hûs hied er in rûchskerne stean en dêr lei in planke by op. Doe tocht er: "Hwat stout dêr by dy planke op?"
Doe hie dy snoek dat barchje opfretten. En doe stieken de poaten fan dat barchje troch de snoek hinne en sa klattere de snoek op 'e poaten fan 'e baerch by de planke fan 'e rûchskerne op.

Harkema

Us heit hie in arbeider, dat wie Wibe Alma. Dy wie och sa dom.
Achter yn 'e Bûtenpostmer Mieden hie heit gjers hierd. Dat soe ynkûle wurde. It wie o sa swier, der wie nochal hwat wetter ynkom. De pream, dêr't it gjers op laden woarde lei tsjin 'e wâl oan. Sa nou en dan moest de arbeider de pream fan 'e wâl ôfdrukke, om to sjen dat er net to swier laden woarde.
De fracht woarde heit greaternôch.
Drukstû de pream wol goed fan 'e wâl ôf? frege heit Wibe op in kear.
"Jawis doch ik dat," sei Wibe, "sjoch mar."
Doe hâldde er de kloet tsjin 'e pream oan ynpleats fan tsjin 'e wâl. Wibe stie sels yn 'e pream.
Doe sei heit: "Mar sa mat it net, jonge." En heit bitsjutte him hoe't der de kloet tsjin 'e wâl oan ôfsette moest.
Doe't Wibe dat die, dêr sonk de pream hinne. Hy wie fiersto swier.
De hellingbaes fan Reahel (Brandsma) hat de pream licht.

Harkema

In selde gefal gebeurde hjir ek oan 'e Wopke-loane, hjir fuort by, oan 'e oare kant Fokke Pander. Der seach in man in lykstaesje. 't Wie by nacht. De bigraffenis moest noch gebeure. It hienen allegearre hiele lytse minsken west.
De man hie midden op 'e reed roan. Hy hie dêr nei sjoen. Doe woarde er samar pakt troch in ûnsichtbere hân en yn 'e sleat set. (De lykstaesje moest dêr lâns; hy roan yn 't paed.)

Harkema

Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..."
Dat gebeurde de iene joune nei de oare.
Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe hearden se dat it linnen stikken skuord woarde. Nei dy tiid ha se har net wer fornom.

Harkema
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
Der binne bern dy wurde geboaren mei in flues om 'e holle. Sokken, seit men, binne mei de helm geboaren. As se dat flues achteroer lûke matte sokke bern letter alles sjen. As se it foaroer lûke, dan net. By de Petten yn 'e Harkema hat in frommes wenne dat mei de helm geboaren wie. Dy moest der nachts ôf as der letter in sterfgefal wie.
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean? Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...

Fokke en Sytske wennen tichte by de Liuwepoel. Sy hienen in famke. Op in joun kom heit thús. Hy wie to foet.
Doe seach er in lykstaesje. Hy telde alve man. Sy kommen by de hoeke wei, dêr't Fokke en Syts wennen. It bern mankearde doe noch neat. It duorre mar in dei of hwat doe wie it bern dea.

Harkema
Op 'e Readskuorre stienen twa plaetsen njonken elkoar. Ien stiet der net mear, dy is ôfbrutsen. Dy plaets hat earst in skoftsje ûnbiwenne west. Doe stie it ark, lykas de ploege en de eiden en de weinen noch yn 'e skuorre. It wie op in joun, doe kom ik dêr mei in pear kameraden lâns. 't Wie yn myn feintetiid. Doe seagen wy dêr in lyts grien ljochtsje...

Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein.
As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.

Harkema
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.

Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne:
Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette.
"Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar.
Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei de iene tsjin 'e oare: "Sa mar fuortfarre, hè?" Guon dy't dat hearden joegen doe oan dat plak de namme Sumar.
Op it lêst wienen se in hiel ein. Doe seach ien fan 'e mannen achterom. De feart roan bryk en hy sei: "Ah ... krom!"
Dat woarde ek troch guon heard en sa krige it plak dat dêr by lei de namme fan Akkrom.

Harkema
Jan Hepkes koe ûntsettende bêst meane, nei't er sei. Doe hied er oan 't meanen west yn 't Bil, tusken 't Wytfean en de Rotfalle. Doe kom er by in plakje, doe tocht er: Hwat stiet my dêr in protte gjers. Dêr hat grif fleden jier ien sitten te broekesearen (= zijn behoefte doen; uit de broek, een mij onbekende uitdrukking). Hy soe 't der ôfmeane, mar doe...

Heit fortelde ek, dat Ymke de Jong, dy wie in kear op Hamster merke west. Tseard van Dekken dy wie dêr stille plysje. Dat wie ien fan 't allergemeenste alloai. Tseard en Ymke krigen hwat spul en dêrby gniisde Tseard Ymke út en stuts him de gek oan.
Doe sei Ymke tsjin him: "Ik jow neat om dy. Ik kin dy wol stean litte, datst net in foet forsette kinste."
Dêr joech Tseard neat om, hy woe dêr neat fan leauwe. Hy woe dat wol ris sjen, sei er.
En doe fortoande Ymke dat. Tseard bleau stean dêr't er stie; hy koe net in foet forsette en hy stie dêr mei de mûle iepen. "Gean nou mar wer fuort", sei Ymke. En doe koe Tseard wer fan 't plak komme.

Harkema

Hindrik Pyk hat ek ris in kear by Albert van der Veen west. Doe kom er ek by 't bern dat yn 'e widze lei. De oare deis wie 't bern siik.
Hindrik Pyk wienen wy as bern tige bang foar. Wy doarsten net by him op 't hiem to kommen omdat it in tsjoenster wie.
Syn skoandochter Jitske hie 't himd altyd omkeard oan, oars koe Hindrik har miskien ek wol bitsjoene, tocht se.
Dy't fé hie skoattele de doar foar him. 't Wienen foaral bargen dy't er bitsjoende. Dy wienen samar dea as hy der west hie.

Harkema
2025