There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
























Yn Garyp stiet oan 'e ein fan 'e Brandsma-loane in boerepleats, dêr't letter Sjoerd Brandsma op wenne hat. Earder stie dêr in âlde pleats, dêr't it folk in hiel minne kost hie.
Doe stie dêr op in moarn op 'e doar to lêzen:
Griene earte sûnder smoar,
dat skriuw ik hjir op 'e doar.
Wite beantsjes sûnder fet
wurdt foar de boaden hjir op tafel set.
Hy it fleis en ik de sine,
dy't hjir komt sil 't wol ûnderfine.
Hy it spek en ik it sweard.
Zo ben ik hier afgeleerd.
Dêr wie in dûmny op Skotlân, dy soe nei Urk ta to preekjen. Doe kaem er dêr op 'e preekstoel. doe hie er in stik iten yn 'e bûse en dêr siet de bril by yn. Hy helle de bril út 'e bûs en doe sei er:
"Die bril is gans met vet besmeerd."
De tsjerkegongers tochten dat se dat sjonge moesten en alle minsken namen de wurden oer.
Doe sei de doomny: "Dat domme volk zingt gans verkeerd."
Doe song de hiele tsjerke dy wurden der noch efteroan.
(dit waerd ús troch master Lub op skoalle forteld yn Garyp, doe't wy noch bern wienen)
Der wie in boer, dy woe in ûngetider ha. Dy boer praette lang net suver, it klonk nuvere mâl soms. De oare moarns sei er tsjin 'e haeijer: "Jo matte de sos en de sôlle út 'e sinne helje." Hy bidoelde: "Jo matte de fos en de fôlle út 'e finne helje." Mar de ûngetider sei: "Gean jo sels mar om de sos en de sôlle en de sinne, mar ik gean fuort."
Der siet in boer yn 'e jister to melken. Dêr kaem in man lâns, dy frege de boer: "Soe ik hwat molke ha meije? Ik ha sa'n toarst."
"Né," sei de boer, "jo krije fan my gjin molke."
Doe gong de boer nei in oare kou ta dy't er ynspande.
Doe sei dy kou tsjin him: "Och, jow dy man hwat molke."
Doe waerd dy boer binaud en hy joech dy man in sleeffol.
Hy hie net yn 'e gaten dat dy man bûksprekke koe.
Der wie in man dy fortelde, hy hie in snoek fangd oan 'e setangel. Doe't er dy snoek iepen makke om him to brieden, doe siet dêr in ein yn to brieden op 14 aeijen!
Sa'n grouwe snoek wie 't!
Ik arbeide yn 'e polder en kaem winterdeis faek by de slúswachter. Dêr kofjedronk ik dan. Dat ha 'k 25 jier lang dien. 't Wie hjir yn Garyp.
Op in kear sei de slúswachter tsjin my, doe't ik krekt wer opstappe soe: "Bliuw even sitten. Dêr komt Marten Fink oan, dy kin 't moai fortelle. Bliuw even sitten."
Doe't dy der yn wie, sei er: "Wyst ek noch hwat, Marten? Hast ek hwat bileefd?"
Marten sei: "Ik ha woansdei in rare loop makke, jong."
"Hwatte?"
"Dat sil 'k dy fortelle. It wie moai waer woansdei, dat ik tochte, ik wol even to fiskjen. Dat ik sette op 'e mar ta. En dêr fong ik in fiskje. Ik tocht: sjesa, ik wol sjen dat ik dêr in snoek mei fange kin. En wrachtich heite, dêr raemde in snoek it fiskje. Ik woarde dêr sa kjel fan dat ik tûmele bûten board. Dat like net sa bêst, mar ik hie 't gelok, ik kaem strampel op 'e snoek tolânne. Hwat wie my dat in grouwen-ien. Hy hie in kop as in interbolle, en in rêch as in 3-jierrich hynder, jonge. Hy wie sa glêd as sjippe, mar ik sette him de hannen yn 'e kieuwen.
En doe gong it de mar oer", sei Marten, "de hiele dei (de Burgumer Mar). Dan wer ûnder wetter en dan der wer boven. Ik hoartte him mar yn 'e kieuwen, hwant ik tocht, ik moat net forsûpe. Dan kaem er wer hwat omheech. Sa ha 'k de hiele dei op 'e Mar tahâlden. It gong hyltyd mar wer de hiele Mar roun. En as er dan wer in fisk foar him hie, dan raemde er dy en wie 't krekt as klapte der in doar, sa sloech er de kaken op elkoar."
"Ik tocht," sei Marten, "wie 'k hjir mar wei. De jouns skeat er op nei Skûlenboarch. Ik wie in pear meter fan 'e kant ôf, mar ik weage it der op. Ik sprong der ôf en kaem oan 'e middel ta yn 'e modder. Ik klaude wer út 'e modder wei en spielde my hwat ôf. Doe brânden de lampen al. 't Wie al nacht, ik wie stiif fan 'e kjeld.
Ik kloppe dêr oan by in boat. Dêr kaem in âld mantsje foar, dy sei: 'Hwat ha wy hjir?'
Ik sei," sei Marten, "ik bin net dronken, mar ik haw in rare loop makke."
'Hwat is der gebeurd?' frege de âld man, 'kom mar even yn 't achterhûs. Ik ha hjir in kletstrochwiete keardel', sei er tsjin 't âld-minske. 'Dû meist wol gau in kopfol kofje mei brandewyn helje, hwant dy man is forklûme.'
"Ik hie gjin klompen mear oan, dy wienen yn 'e mar bilânne. Doe sei de man tsjin syn wyfke: 'Mochst wol sjen datst èk hwat droech guod foar him hast, hwant hy is stiif fan 'e kjeld.'
Ik krige hwat âlde klean oan fan 'e âld man en hy socht in pear âlde klompen op en doe bin ik mei myn wiete krous ûnder 'e earm nei Burgumerheide ôfset. Ik ha de âld man goed bitanke en de oare moarns ha 'k op 'e fyts de klean werombrocht."
Dit fortelde Marten Fink fan Burgumerheide dêr by de Gariper slúswachter oan ús togearre. Marten handele yn fruchten.
In man en in frou dy koenen it net iens wurde oer in hage. De man biwearde, in hage hearde skeard to wurden, it wiif woe ha, in hage waerd knipt. Elk hâldde syn ein wol, gjin fan beiden woenen se tajaen. Beiden waerden se lulk op 't lêst. Se woenen elk gelyk ha.
De man sei op 't lêst yn syn lulkens: "Astû net tajaen wolst, dat in hage skeard wurde mat, dan forsûp ik dy."
En hy krige 't wiif beet en brocht har nei de feart.
Dêr treau er har yn 't wetter en sei: "Skeard of knipt?"
"Knipt!" raesde se.
Doe hâldde er har oan 'e hals ta yn 't wetter.
"Skeard of knipt?"
"Knipt!" raesde se. Se woe gjin krimp jaen.
Doe hâldde er har ek noch de holle ûnder wetter.
"Skeard of knipt?"
It minske koe neat sizze fansels. Mar sy hearde de fraech blykber wol, hwant de hân kaem boppe wetter en hja makke in biweging fan knippen mei har fingers.
Der wie in boer, dy hie nei de merk ta west. Dêr hied er trije kij forkocht, dy't noch by him thús op 'e stâl stienen.
Doe't er thús kaem, sei er tsjin 'e frou: "Tink der nou om, as se aenst komme om dy kij to heljen, en ik bin der net, dan mastû dy kij net ôfleverje sûnder sinten, hear."
Dat biloofde 't minske.
Doe kamen de kooplju om de kij to heljen. De boer wie fuort.
De frou sei: "Ik mei dy kij net ôfleverje sûnder sinten, hat de boer sein."
"Nou," seinen se, "dat is suver neat. Wy hawwe tafallich gjin jild by ús, mar witt' jo hwat wy dogge? Wy nimme twa beesten mei en de trêdde litte wy hjir as pand achter. Wy bitelje dan dy twa as wy de trêdde kou ophelje."
Dêr gong it minske akkoard mei, dat de kooplju setten mei twa kij ôf, sûnder biteljen.
Doe kaem de boer thús. It minske fortelde him hoe't sy it hawn hie.
"Dû bist noch dommer as in kou!" rôp de boer. "Dizze beide kij ha se en de trêdde helje se noait. Hast dat net troch?"
Dat wie dus dommer as dom.
Der wie in âld-minske, dy foun ris in kear in salamander by har yn 'e kelder. Hja hie noch noait sa'n beest sjoen en sei: "Ik sil mei dy ôfweve; ik sil dy fuort forsûpe."
Sy gong der mei nei de sleat.
De salamander swom fleurich fuort.
Der wenne in feint by de boer, dy mocht gjin beantsjes. As dy op tafel kamen, dan hâldde er de leppel omkeard en sa iet er dan. Dêr kaem him dan fansels neat yn 'e mûle.
Letter troude dy feint en hy kaem yn 'e lytse bern to sitten. It waerd in hiel krappe tiid en der kaem in dei, doe hienen se neat to iten. Doe gong er nei syn âld boer ta. Hy sei: "boer, ha jo ek hwat iten foar ús?"
"Kom mar mei", sei de boer.
Doe naem er de feint mei nei de souder ta. Dêr lei in hoop beantsjes. De arbeider wreau him al yn 'e hannen.
Doe krige de boer in skeppe om dêrmei beantsjes yn in sek to skeppen. Mar hy hâldde de skeppe omkeard, sadat der gjin beantsjes op lizzen bleauwen en der neat yn 'e sek bilânne. Doe seach er syn âld feint oan. Dy hie de triennen yn 'e egen.
Doe kearde de boer de skeppe om en de feint krige in soad beantsjes mei en ek noch in grouwe hompe spek.
Der wienen twa feinten, dy tsjinnen by in boer. It wienen de greatfeint en de lytsfeint. Se hienen dêr in min plak.
Jouns gong de lytsfeint der wolris ôf en dan helle er in sleeffol brij op út 'e kelder wei. Dêr stie altyd wol in panne mei brij.
Op in kear die er dat wer. It wie doe in tige tsjustere nacht.
De greatfeint sei tsjin him: "Bring my ek in sleeffol."
De lytsfeint gong nei de kelder ta, dronk dêr fan 'e brij en soe doe mei in sleeffol nei de greatfeint ta. Mar trochdat it sa tsjuster wie forsinde er him en kaem er by 't bêd fan 'e boer en boerinne tolânne. De boerinne lei foar. Se lei mei 't bleate gat oer de bêdsplanke hinne.
De lytsfeint miende dat dat de holle wie fan 'e greatfeint en hy hâldde de sleef mei brij der by. Doe blaesde de boerinne krekt ôf yn 'e sliep.
Doe sei de lytsfeint: "Dû hoechst net to blazen, de brij is net hyt."
Mar hja blaesde noch ris. Doe smiet de lytsfeint har de brij tsjin 't gat oan.
"Fret it nou samar op", sei er.
De oare moarns kaem de boer fan 't bêd ôf. Hy sei tsjin syn frou: "Jonge, jonge, hwat hastû it raer dien fannacht. De sûpenbrij is dy samar ôfgien."
Jo wite, de ekster hat in kappe oer 't nêst, en de houtekster net. Doe sei de houtekster op in kear tsjin 'e ekster:
"Hoe hastû dat sa, datstû dy in kappe oer 't nêst bouste?"
De ekster sei: "Dat sil ik dy wol útlizze, hoe't ik dat doch. Sjoch, dizze prikke leit sa."
"Dat wyt ik wol", sei de houtekster.
Doe sei de ekster: "En d_ prikke leit sà."
"Dat wyt ik èk wol", sei de houtekster.
"Nou," sei de ekster, "ast it wol wytste, hoef ik it dy ek net to learen."
Dêrtroch hat de houtekster noait in kappe oer 't nêst krigen.
Yn Menaem wennet in ryk boeregeslacht; dat binne de Dykstra's. Dy ha dêr al hiel lang tahâlden.
It wie yn 'e Frânske tiid dat ien fan 'e foarâlden fan dy Dykstra's ris in rea-bûnte kou stiel. Dy hie er yn 'e kelder. Mar dêr wie in âld wyfke, dy wist dat. Om har stil to hâlden joech dy boer dat âld wyfke alle dagen molke. As dit it âld wyfke ris in kear hwat to lang duorre, sei se:
"Boe - eh - boe,
die bonte rode koe -"
Dan wist dy boer wol hoe let it wie en krige se har molke.
Dit is my forteld woarn troch ien fan it Bilt.
Dêr reizge ris in joad mei de trein, doe siet dêr in Dútske ofsier tsjin him oer to krantelêzen.
Doe sei de joad: "Staat er wat nieuws in de krant?"
Doe sei de ofsier minachtsjend: "Ich es germaan, ich es germaan."
Doe sei de joad: "Ich es Gerson. Myn son gaat op as dyn maan ondergaat."