There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search




















Ik haw in suster hawn. Doe't dat noch in hiel lyts famke wie, boarte se mar raek. Hja wie altyd fleurich en soun.
Mar doe't se twa jier âld wie, rekke se bêdlegerich en siik. It bern wie altyd gammel en hangerich. Hja seurde altyd en nachts om 1 ûre bigoun se altyd to gûlen. Altyd om deselde tiid.
Doe kommen ús buorfrou en myn beppe by ús en dy seinen: "Dat famke kin wolris bitsjoend wêze."
Us mem woe der earst net oan, mar it bern foel by de dei ôf. Beppe en de buorfrou seinen: "Gean mei it bern nei de duvelbanner ta." Dêr woenen ús heit en dy earst net fan wite, mar doe't it bern safolle minder woarde, sei mem: "It mat mar wêze."
Doe gong ús mem mei de buorfrou nei de duvelbander ta.
Dat wie Úlke, dy wenne oan 't Wyldpaed.
Doe't se der oan ta wienen, stie Úlke mei de earmen oer de dampeal hinne. Hy sei: "Kom, binne jim dêr al? 'k Hie al op jim wachte." Hy sei: "Jow my mar gau it famke oer." En doe gong er mei 't famke nei achteren ta, yn 'e skuorre. Mem en dy bleauwen yn 'e winkel. Hja hearden dêr hoe't it lyts fanke yn 'e skuorre moard en brân raesde.
Even letter kom Úlke der oan mei in fleske guod by him. Dat moesten se hiel oerbringe. Mem krige it bern op 'e earm.
"Dat fleske drank matte jim hiel oerbringe", sei er nochris.
Buorfrou sei tsjin mem: "Dan matte jo it fleske yn dizze bûse dwaen. Dan rin ik njonken jo, oan 'e selde kant, dêr't jo it fleske ha. As der dan ien oankomt, dy't der tusken wol, dy slach ik fuort de harsens yn."
It gong allegear goed. Se kommen feilich mei 't fleske thús. Hja hawwe de krânsen yn 't kessen fan 't famke forbarnd. Tagelyk forbrânde âlde Griet alhielendal. In pear dagen letter kaem se foar den dach, doe siet se ûnder de brânplakken.
It fanke waerd better. Jierren letter is se oan 'e Spaense gryp overleden.
Der wie us in hoanne. Dy hearde op in kear dat de boer sei: "De hoanne, dy is sa âld al, dy is neat mear wurdich. Dy mat moarn mar dea. Dan sille wy der sop fan siede."
De hoanne stie op 'e skerne doe't er dy wurden hearde en hy wie och sa treurich.
Doe kom der in kat oan. Dy sei tsjin 'e hoanne: "Hwat sjochstû treurich, jonge. Hwat mankeart der oan?"
Doe fortelde de hoanne hwat de boer sein hie.
De kat sei: "It giet dy ek al krekt lyk as my. Ik soe forsûpt wurde, hwant ik woarde ek to âld. Ik koe gjin mûzen mear fange. Dêrom bin ik fuort gong. Wolst mei?"
"Jonge ja", sei de hoanne, en sy gongen togearre op stap.
Doe't se in eintsje roan hienen, kommen se ûnderweis in âld houn tsjin. Dy seach àl sa treurich.
"Hwerom bistû sa treurich?" fregen se.
"Ik bin âld," sei de houn, "ik bin net mear waeksum genôch", sizze se. "Nou wolle se my forsûpe."
"Gean dû mar mei ús mei", seinen de hoanne en de kat.
Nou, dat woe de houn wol. Hy wie gau biret en doe gongen se mei har trijen fierder.
Underweis kommen se in ezel tsjin.
"Hwat sjochstû treurich", seinen se tsjin 'e ezel.
"Ja," sei de ezel, "dat is neat gjin wûnder. Ik bin al âld. En nou kin ik gjin swiere lêsten mear tille. En nou sille se my skielk slachtsje."
"Kom mar mei ús mei", seinen de hoanne en de kat en de houn. En doe gongen se mei har fjouweren fierder.
Doe kommen se yn in bosk.
En it woarde al donker.
Sy seinen tsjin 'e hoanne: "Dû kinst fleane. Flean dû us boven yn in beam en sjoch us ast ergens ek in ljochtsje gewaer wurde kinst. Wy matte in ûnderdak ha foar de nacht."
Doe fleach de hoanne boven yn in beam en seach it hear oer.
"Ik sjoch in ljochtsje!" rôp er. "Dêr matte wy mar op ta!"
Mar doe kommen se by in rovershoale. Sy seagen troch 't glês en dêr sieten allegear rovers yn 'e hûs. Dy wienen drok oan 't jildtellen.
Doe gong de ezel mei de foarste poaten omheech yn 't finsterbank stean. En de houn gong op 'e rêch stean fan 'e ezel en de kat gong op 'e rêch stean fan 'e houn en de hoanne op 'e rêch fan 'e kat. En doe bigoun de hoanne to kraeijen en de kat bigoun to miauwen en de houn bigoun to blaffen en de ezel bigoun to balten. Dat dienen se allegear tagelyk.
En dat hearde sa raer, dat alle rovers stouden fan kleare binaudens hals oer de kop ta de doar út. Doe gongen de fjouwer maten ta de doar yn. Sa kommen se yn 'e hûs. Dêr stie in hearlik miel ré. Se hienen honger en ieten ta.
En doe't se dan iten hienen, gong de kat by 't fjûr sitten, en de hoanne boppe yn 'e hoannebalken en de houn by de doar en de ezel by 't potrak.
Yn 'e nacht kommen de rovers werom. 't Wie roettsjuster en ien fan 'e mannen gong yn 'e keamer. Dêr seach er de twa gleone egen fan 'e kat en hy tochte, dat dat koaltsjes fjûr wienen. Dêr soed er in swevelstokje mei yn 'e brân stekke, om ljocht to meitsjen.
Mar de kat fleach him oan en blaesde en klaude him it gesicht iepen. Dat hy stoude ta de keamer út en rôp om help! Mar doe't er ta de doar út soe, joech de houn him in gnouw yn 'e hân. Dat blette nochal hwat. Hy roan op 'e pomp ta bûtendoar, dêr't er de hân ôfspiele woe. Mar doe krige er in traep fan 'e ezel. En tagelyk hearde er boppe út 'e hoannebalken wei ien razen: "Breng ze maar hier! Breng ze maar hier!" Dat wie de hoanne, dy't kraeide. Mar de rover tocht, dat it de duvel wie en hy en syn maten makken gau dat se fuortkommen. En sy ha dêr noait wer west.
Der wie in man, dy gong der op út to fjildûntdekken. Doe't er in ein op stap wie, doe kom der in liuw oan. Dy kom lyk op him ta.
De man woarde bang. Mar de liuw seach him sa earmoedich oan, dat de man syn bangens bikaem hwat. Hy fornaem al gau dat it beest skeel hie.
En sa wie 't ek. De liuw seach nei syn poat. En doe woarde de man dêr in lange toarne yn gewaer. Hy krige in wite bûsdoek en luts dêr de toarne mei út 'e poat.
Doe reizge de man fierder. Mar de liuw gong net by him wei. Dy bleau út tankberens by him. Sa nou en dan aeide de reizger him.
Doe kommen se by in brede feart.
Dêr woe dy man oer. Hy rôp trije kear: "Haal over! Haal over! Haal over!"
Doe kom der ien oan yn in boatsje en dy brocht de reizger mei de liuw nei de oare kant ta.
"Hwat bin 'k jo yn 'e skuld?" frege de man oan 'e oersetter.
"Jou earm" sei de oersetter.
"Hwat ding," sei de reizger, "Myn earm? Dy kin ik net miste."
"Ik mat jou earm ha. Dat is hjir de regel sa."
Mar de man sei: "Dy krije jo net." En doe't de oersetter geweld brûke soe, sei er tsjin 'e liuw: "Toe mar, myn beestje, forskeur him mar!"
En doe forskuorde de liuw dy oersetter.
De man reizge fierder mei de liuw.
Doe kommen se wer foar in feart.
De reizger rôp trije kear: "Haal over! Haal over! Haal over!"
Doe woarde er wer troch ien oerhelle mei de liuw der by.
"Hwat bin 'k jo yn 'e skuld?" frege de reizger.
"Jou beide earmen", sei de oersetter. Dy't hjir oàrs komme, misse meastal ien earm. 'k Mat jou beide earmen ha."
"Jo binne sa wiis wol dat ik myn earms net misse kin", sei de reizger.
"Dat kin my neat skille, dy earms mat ik ha."
Doe sei de man tsjin 'e liuw: "Toe mar, myn beestje, forskeur him mar." En de liuw forskuorde de oersetter.
Doe gongen de reizger en de liuw togearre wer fierder. Sy kommen by in tredde feart. De man rôp: "Haal over! Haal over! Haal over!"
Doe kom dêr in oersetter yn in boatsje oan. Dy brocht de man en de liuw nei de oare kant ta.
"Hoefolle bin 'k jo yn 'e skuld?" frege de reizger.
"Beide earms en ien skonk", sei de oersetter.
"Dat kin net", sei de reizger.
"Hwerom nèt?" sei de oersetter. "Oare minsken dy't hjir komme, dy misse al twa earms.
"'t Giet net troch", sei de man.
"Dat sille wy noch us sjen", sei de oersetter.
Doe sei de reizger: "Toe mar, myn beestje, forskeur him mar!"
De liuw forskuorde de oersetter en dêrnei roannen de reizger en de liuw togearre fierder.
Doe kommen se foar de fierde kear foar in djip wetter to stean. Dêr woenen se èk wer oerhinne. De man rôp: "Haal over! Haal over! Haal over!"
Doe't se oan 'e oare kant wienen, frege er, hwat er skuldich wie.
"Beide earms en beide skonken", sei de oersetter.
"Dat bistiet net," sei de reizger, "dan bin 'k ommers oars net mear as in romp mei in holle."
Mar de oersetter hâldde oan, hy woe alle fjouwer ledematen ha.
Doe sei de reizger tsjin 'e liuw: "Toe mar, myn beestje, forskeur him mar."
En doe forskuorde de liuw d_ oersetter èk.
Doe kommen de reizger en de liuw togearre yn in fremd lân. It wie dêr in wyldernis; dêr swalken se trochhinne.
Doe seach de man in hûs, dêr kaem reek ta de skoarstien út. Hy sei: "Al waar rook is, is ook vuur." Sy setten dêr op ôf. Sy kommen yn in keamer, dêr brânde in fjûr yn. Mar der wie yn 't hiele hûs net in minske to finen. Der lei allinne mar in kat foar it fjûr.
De reizger bleau dêr mei de liuw. Doe foroare dy kat yn in faem en dy bigong tsjin 'e reizger to praten. Hja wie yn in kat foroare, mar har tiid wie hast om. Sa nou en dan woarde se al wer in minske. Noch even en dan soe hja foar altyd in faem bliuwe. Har mem hie har en har suster forsward. Har suster moest altyd in kat bliuwe. It wie in hiele moaije faem. En de reizger mocht har graech lije.
Hy krige forkearing mei har en sy joegen elkoar it wurd fan trou. En doe neamden se de datum dat se trouwe soenen.
De reizger syn mem krige biskeid. Hy forsocht har to kommen, omt er trouwe soe.
Syn mem hie al heard dat er by in faem tahâldde, dy't yn in kat foroare wie. Dat sinnige har net. Sy sei tsjin him: "Silstû mei in kat trouwe? Dan jow ik gjin tastimming."
Mar hy steurde him net oan dy wurden. En sy gongen togearre nei tsjerke ta om to trouwen. De faem har mem wie der ek. Dy sei tsjin 'e reizger syn mem: "Sjoch, dizze stopnuddel matte jo yn 'e stoel stekke, dêr't jou soan op sit. Dan falt er yn 'e sliep en kin it trouwen net trochgean."
De dûmny lies it formulier op.
Mar de breugeman sliepte. De breid stompte him oan mar dat joech neat. Hy sliepte troch.
Op it lêst woarde er wekker. Mar doe wie de tsjerke al leech. Alle minsken wienen fuort, de breid ek.
Letter ha se it noch us wer bisocht, mar doe mislearre it wer op deselde wize.
Mar doch ha se elkoar op it lêst noch krige; hoe wyt ik net krekt mear. De liuw gong mei har en dy krige in bêst leven.
Doe't de man stoar, doe leefde de liuw noch. Dy gong op syn grêf sitten en bleau dêr oant er sels dea wie.