Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
1218
1218
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,207 datasets found
Place of Narration: De Westereen

Us buorfrou yn Twizelerheide wie ek in tsjoenster. Myn suster moest ris op in joun nei de w.c. ta. Dy stie bûten, dat wie doe sa de gewoante. Sy kom op 'e strjitte achter hûs en doe trape se op in pânse. Dat wie de pânse fan dy tsjoenster.
Doe kom ús buorfrou de oare deis net fan 't bêd. Hja hie sa'n pine yn 'e rêch, sei se.
"Dat smoarge fanke fan Hindrik Oebeles - myn heit, dy hat it dien!" rôp se

De Westereen

Der wie in húshâlding, dêr hienen se it tige earmoedich. Dêr wienen trije soannen: Jan, Klaes en Piter.
Jan wie de âldste. Dy moest it earst ta de doar út, omdat hy de âldste wie.
Jan skarrele hwat om en op 't lêst kaem er by in boer. Hy frege dy boer of dy ek wurk foar him hie.
Ja, dy boer koe him wol brûke. It lean, dêr woarde earst net oer praet.
De boer sei: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
Doe rekke de twadde soan, Klaes der ek út.
Dy kaem ek by in boer tolânne. En dy sei krekt itselde hwat de oare boer tsjin Jan sein hie: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
Op it lêst rekke ek de trêdde soan der út, de jongste. Dat wie Piter. Dy wie hwat oan 'e ûnnoazele kant. Dy rekke ek by in boer yn 't wurk, en doe it oer 't lean to praet kom, sei de boer: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
De âldste soan Jan hie in jier by de boer west en doe krige er in taffeltsje fan 'e boer. Mar dat wie in hiel bysûnder taffeltsje. It wie in taffeltsje dek je.
As de feint by dat taffeltsje sitten gong, dan hoefde er mar to sizzen: Tafeltje, tafeltje, dek je, of der kamen fan allerhande lekkere spizen op 'e tafel to stean, en dêr koe Jan him fan sêd ite.
Jan woe op hûs yn, mar dat wie in fiere reis. Dat koe er yn ien dei net birinne. Dêrom gong er de jouns nei in herberch ta om dêr to oernachtsjen.
It taffeltsje hied er fansels by him en doe't er dêr dan de jouns yn 't café siet, sei er: "Tafeltje, tafeltje, dek je." En doe kaem der alderlei lekker iten op 'e tafel. Jan iet him sêd.
Mar de kastlein dy hie dat sjoen. Dy tocht: "jonge, dat taffeltsje, dat is krekt hwat foar my." Doe ruile dy kastlein yn 'e nacht in oar taffeltsje mei itselde fan Jan en doe sette Jan de oare deis mei de kastlein syn taffeltsje op hûs oan.
Doe't er thús kaem, sei er tsjin syn âlden: "Nou hoeve jimme noait wer in slach to dwaen en de earmoed is út 'e hûs wei. Hwant ik haw hjir hwat, dat is mear wurdich as jild." En doe sette er it taffeltsje del by him thús yn 'e keamer oer de flier. En doe sei er de spreuk op: Tafeltje, tafeltje, dek je.
Mar der kaem neat op to stean.
De twadde soan Klaes hie syn jier by de boer ek om. Dy joech him in ezel. Mar it wie in hiel bysûndere ezel.
As er sei: "Ezeltje, ezeltje. strek je", dan tilde de ezel syn sturt omheech en skiet jildstikken.
Klaes gong op 'e ezel sitten en sette koers nei hûs ta. Mar ek foar him wie de reis yn ien dei to fier, dat ek hy bidarre by deselde kastlein, dêr't Jan ek oernachte hie.
Hy frege de kastlein om plak foar himsels en de ezel, en dat koed er wol krije.
Doe bistelde er in lekker miel en drank der by. Doe't er dat hawn hie, gong er achter nei de stâl ta, dêr't syn ezel stie, en doe sei er: Ezeltje, ezeltje, strek je - en doe skiet dy ezel allegearre jild.
Mar ek nou hie de kastlein wer sjoen hwat der gebeurd wie en hy tocht: "Dy ezel, dy mat ik ha."
Hy hie sels krekt sa'n ezel en doe ruile er yn 'e nacht de ezels om.
Dat de moarns doe sette Klaes ôf mei de ezel fan 'e kastlein. Doe't er thúskaem, sei er tsjin syn âlden: "Jimme hoeve niks wer to dwaen, hwant wy ha nou jild genôch.
Sjoch mar ris", sei er. En doe wie 't: "Ezeltje, ezeltje, strek je." Mar der kaem niks. De ezel skiet gjin jild.
Doe hie dan de trêdde soan, Piter, it jier ek om.
Hy hie 't gefal fan syn beide bruorren heard en doe't er ek heard hie dat dy by deselde kastlein oernachte hienen, hie er archwaen krigen. Hy tocht: dat mat dy kastlein har lapt ha.
Hy sei tsjin 'e boer: "Ik wol nei hûs ta, it jier is om." Doe joech de boer him syn lean. Dat wie in kneppel, en dy siet yn in sek. Mar it wie in hiele bysûndere kneppel. As jy seinen "Kneppel, kneppel, kom ris út 'e sek en slach dy man ris foar de bek", dan bigoun dy kneppel der allerûngenadichst op yn to houwen.
Mei dy kneppel yn 'e sek gong de trêdde soan op stap. Hy kaem ek by dyselde herberch.
Hy bistelde dêr iten en in sliepplak. Doe sei er tsjin 'e kastlein: "Nou mat ik ris even mei jo prate. Hwat ha jo mei myn broer syn tafeltje-dek-je dien en hwat ha jo dien mei myn oare broer syn ezeltje-strek-je?"
De kastlein bearde dat er fan neat ôfwiste. Hy ûntkende alles.
Doe sei Piter:
"Kneppel, kneppel, kom út 'e sek
en slach de kastlein ris foar de bek."
Doe sloech dy kneppel de kastlein bont en blau. En doe sei er, hy soe alles werom jaen. En dat gebeurde ek.
En sa kaem dan dy trêdde soan thús op 'e ezel, mei de sek op 'e rêch, dêr't de kneppel yn siet en mei de tafel foar op 'e ezel.
Doe hienen se gjin gebrek mear, hwant der wie fan alles, iten en jild.
En doe leefden se noch hiel lang en gelokkich.

De Westereen
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel.
Tsjoensters foroarje har yn in kat. As de tsjoenster it hûs forliet, liet se faek in pânse achter. Dat wie algemien bikend.

Dêr't Mient de Haan wennet - hjir yn 'e Westerein, binne froeger in pear berntsjes formoarde woarn. Dy stumperkes koenen doe gjin rêst krije. Sy dwelmen nachts om. Mient de Haan hat se in kear sjoen op in joune let. Hja hienen klean oan hawn.

De Westereen

Sterke Hearke wie ris op it lân oan 't ploeijen doe't der in man by him kaem. "Hwer wennet hjir Sterke Hearke?" frege dy. Doe krige Hearke de ploege beet en tilde him mei ien hân fan 'e groun. "Dêr wennet er," sei er, en hy wiisde mei de ploech nei syn hûs, "en hjir stiet er."

De Westereen
As myn mem en ik moarns fan bêd ôf kommen hienen wy de bannen dy't ûnder oan 'e ûnderbroek sieten, fol knopen. Dat wie tige lestich, hwant dy wienen der hast net út to krijen. Der moesten dan faek nije bannen oan. It wie it wurk fan 'e tsjoensters; dy makken de knopen der yn.

Ien dy't it mâl opsei woarde wol troch de duvel smiten. Dat is dyselde Sytse Jager út 'e Harkema ek oerkom. Ik haw it trouwens wol fan mear heard.
Mar ús heit is ek ris smiten woarn. Doe kom er by 't spoar wei. Hy roan in smel paedtsje del. Hy woarde opnom en even letter lei er yn 'e sleat. En dochs wie ús heit gjin spotter.

De Westereen

Dy't yn 'e swarte spegel seach waerd dêr syn oansteande frou yn gewaer. Troude er net, dan krige er in deadskiste to sjen.

De Westereen
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend. Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...

Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"

De Westereen

Minsken dy't net stjerre kinne ha faek hwat oan, dêr't op snein oan naeid is.

De Westereen

As eksters op 't hiem komme, tichte by hûs, gebeurt der hwat. As se moarns komme gebeurt der hwat nijs. (net treurich)
As se jouns komme komt der in sterfgefal.

De Westereen

Us heit kaem ris in kear fan Bûtenpost. Hy roan de Nije Wei del fan Twizel nei Twizelerheide, dat wie doe noch in sânreed. Doe't er sahwat midden op 'e wei wie, wie dêr in geweldige wyn. De beammen sloegen plat en der pakte him hwat by 't skouder. 't Hat him in hiel skoft sear dien. It hâldde him fêst. Dat wie in pleachbeest.

De Westereen

In nachtmerje is ien fan sawn susters. Yn 'e Westerein hat ek sa'n nachtmerje west. Dat wie in troude frou. Ja, dêr't se mei troud wie, dat wie in man fan oansjen.
In nachtmerje mei neat meinimme.
Op in kear soe se nei ien ta yn 'e nacht, doe hie dyselde in bak mei moal foar it bêd delset. Dêr stapte se yn, en doe koe se net wer fuortkomme. Hwant hja hie moal by har en dêr mocht se net mei fuortgean. Doe wie se fangd.
Doe't de minsken har founen skamme se har. Se woe 't net foar in oar witte dat se in nachtmerje wie. 't Hat har in protte sinten koste om dy minsken it swijen op to lizzen.

De Westereen

Ik hie in âldomke, dat wie in broer fan myn beppe. It wie Knillis Veenstra en hy wenne yn Twizelerheide, flak by 't spoar. Keke-om seinen se. De lju seinen ek wol: âlde Keke.
Keke-om wie mei de helm geboaren. Hy seach geregeld bigraffenissen fan tofoaren. Sa hat er de dea ek fan syn dochter sjoen, dy't har fordronken hat. Hy seach dagen fan tofoaren de kiste al op 'e flier stean.
Soms gebeurde it dat er mei guon op stap wie. Dan sei er: Even oan kant gean. Der giet in lykstaesje de wei del.
In âld man hat my ris forteld, dat er sa ek ris mei Keke-om ûnderweis wie. De âld man syn sweager wie der ek by. Doe hie Keke-om èk sein: Even oan kant gean. Der is in lykstaesje. Doe't dy passeard wie hied er tsjin dy âld man en dy sweager sein: Jim wienen der beide by.
De oare wyks stoar der in famyljelid fan dy beiden. Doe roannen se beide achter 't lyk oan. Keke-om hie 't goed sjoen. Letter hat Keke-om hjir yn dit hûs by myn beppe ynwenne. Heit en syn bruorren wienen op in kear it fjild yn mei handel. De bern hienen de klompen by de achterdoar delset. Doe sei er: "De klompen net sa bot yn 't paed sette bern, hwant ik mat der wolris út en dan kin 'k hast sa hurd net mei al dy klompen." Dat gebeurde dyselde nachts. Hy sei: "Der giet wer in lykstaesje de wei del. Der komt wer ien op 't hôf."
Dan sette er mei tûzen hasten ôf. Hy mòest nei dat plak ta. Hy hat wol nachten hawn dat er oer hekken en stekken klimme moest. Soms sieten der punten boppe op. Hy wie net to kearen. Oer skerpe tried gong er en troch sleatten. Hy moest, hy kòe net thúsbliuwe. It swit bruts him út as hy der efteroan siet. Op 't lêst wenne Keke-om mei ien soan, mar dat akkordearre net. Doe rekke er nei Kollumersweach ta nei in earmenkeamer.
"Eenmaal uit het huis verjaagd mag ik niet wederkeren", sei er. Hy wie wol hwat mâns. Hy skreau brieven rjochtstreeks nei de koaningin.
It duorre meastal ien of twa dagen dat it sterfgefal der wie neidat hy it sjoen hie.

De Westereen
Omke hearde ek psalmsjongen yn 'e loft. Dat wie de foarboade fan 'e radio en de t.v.

In tsjoenster lieten se noait troch de skuorre en sy mocht foaral net yn 'e molkenkelder komme. Hwant dan krigen se gjin bûter.

De Westereen

Der wie in man dy hie in baerch slachte. Dy baerch kom yn 'e skoarstien to hingjen.
"Dit is foar de lange winter", sei de man.
Mar de frou forstie 't forkeard. Hja miende, dat er sei:
"Foar de lange Inter."
Doe kom der in dei of hwat letter in hiele lange keardel by de doar. De frou wie allinne thús.
"Binne jo lange Inter?" frege se.
"Ja", sei er.
"Dan kinne jo de baerch krije", sei se. En doe nom dy lange keardel de baerch mei.

De Westereen
1219