There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Oan 'e Wedze stie alear in beam mei in krús. Dêr wie in poep formoarde woarn. Twa murdejeijers wienen dêr us yn 'e nacht oan ta (± 1880), doe bigong de iene houn to spûkgûlen en roan deabinaud nei hûs ta. Mei de oare houn koenen se ek neat wurde. De beesten hienen hwat sjoen, dat de beide murdejeijers net sjoen hienen.
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
Yn 'e foarige ieu roan in man fan Koaten nei Koatstertille. Doe seach er by de plaets njonken de tsjintwurdige tsjerke by de ligusterhage in keardel stean. Wylst er tichterby kom, woarde de keardel lytser. Der kom in ljochte walmreek en de keardel foroare yn in bern. Doe kom der noch us sa'n ljochte walmreek en doe woarde it bern in houn mei de sturt op 'e rêch. De man roan fierder.
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om.
It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy sweefde sûnder fuotten. De feint makke hastich dat er fuortkom, doe't er dat seach.
Fan de deagraver by ús seinen se, dat hy de bonken fan it tsjerkhôf helle. Dy forkoft hy dan. Min sei altyd al, dat it by de earmenkeamers spûke. Mar as de deagraver dêr jouns lâns kaem, dan waerd hy yn 'e sleat reage. Dat wie om dy bonkeforkeaperij. Min seach dêr jouns ek faek hounen by de earmenkeamers.
De man, dy dy lykstaesjes seach, waerd nachts faek wekker troch it lawaei om hûs hinne. Dan wie it allegearre hounen en katten om 'e doar. De katten fleagen by de doarren op. Hy waerd op in kear sa lilk, dat hy fleach nei bûten mei in stok en sloech der op los. Hy rekke in kat op 'e kop. En ja, hy hie it al tocht, dat âlde S. der by wie. Dat kaem nou út, hwant hja roun de oare dei's mei in smertlape oan 'e holle.
Der wienen yn Kollumersweach froeger minsken, dy it spoar riden hearden. En der wie dêr doe noch gjin spoar. Netiens rails.
Yn Sânbulten is noch in wûnderdokter, Lytse Fedde. Der kaem ris in keardel hjirwei by him. Fedde seach him ris op en del oan en sei: "Ik kin neat foar jo dwaen. Jo moatte opereerd wurde." De man is ek nei it sikenhûs tarekke en opereerd. En ek better woarn.
Fremde middels brûkt hy. Bygelyks weake modder op it liif. Der kaem ek in frommes by him. Hja hie pine. Sy moast oanwize, hwer it siet. Hja struts mei bede hannen by har lichem lâns en Fedde die krektlyk. Doe hja op it plak kaem, hwer it siet, skrilde Fedde, krekt as fielde hy it sels. En hja hie noch neat sein. Hja moast gêrssied helje en dêr hwat hjit wetter oer hinne hjitte. En dat hat se dien. Nei in skoftsje kaem der in hiele protte wetter los.