Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
583
583
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
542 datasets found
Place of Narration: Sumar

Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne:
Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette.
"Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar.
Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei de iene tsjin 'e oare: "Sa mar fuortfarre, hè?" Guon dy't dat hearden joegen doe oan dat plak de namme Sumar.
Op it lêst wienen se in hiel ein. Doe seach ien fan 'e mannen achterom. De feart roan bryk en hy sei: "Ah ... krom!"
Dat woarde ek troch guon heard en sa krige it plak dat dêr by lei de namme fan Akkrom.

Harkema

Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.

Sumar

Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.

Sumar

Jehannes Hountsje (= Jhs. v.d. Wal) wie op in kear oan 't ierpeldollen.
Doe kom Bauke Prûk (= B. Procée) dêr foarby.
"Komt der hwat út, Jehannis?" frege Bauke.
"Ei jonge né," sei Jehannes, "it binne allegearre prûkenêsten."
Doe sei Bauke: "In hantsjefol moal der yn, dan is 't gau hounefretten."

Sumar

Jehannes v.d. Zee fan Sumarreheide wie in spotter. Dy hie oeral de gek mei. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes Algra. Op in moarntiid fjouwer ûre soed er wer nei de boer ta. Doe smiet de duvel him sa bot, dat hy wie sangeneblau. Hy doarst net wer nei syn wurk ta. Hy doarst der in skoftlang hielendal net út to kommen. Nei dy tiid wied er hielendal bikeard. Hy is grifformeard woarn.

Sumar

By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek.
Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it.
Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.

Sumar

Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou. Dy spûke dêr.

Sumar

Us heit roan mei noch in man op in joun tusken Oerterp en de Lange Wyk by Drachten. 't Wie donker. Hja kommen by in hûs, dêr gong it bot op in timmerjen en saegjen.
Hja tochten: hoe kin dit sa let op 'e joun - En hja dêrhinne to sjen. Mar dêr wie net in minske warber en der wienen ek gjin lûden mear.
Op 't lêst gongen se fuort. Se seinen: Dit is foartjirmerij.
Letter is dat hûs dêr ôfbrutsen, en der kom in nij foar yn it plak.

Sumar
Murdejagers seagen froeger faek wylde lantearnen. Letter kom der op sokke plakken dan in wei. Alde Piter Kloosterman hie op 'e Sumarreheide de tram fantofoaren al sjoen.

Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.

Sumar

Pake en beppe wennen yn Sumar. It wienen Joan Jelkes Hoekstra en Grytsje Gjalts Haarsma. Hja hienen in feint, dy moest ris op in kear nei in boerinne ta mei bûter yn 'e koer. Doe't er wer thúskom hied er de koer fol woartels hawn, dy hied er fan 'e frou krige. Mar dy frou hie de namme dat se tsjoene koe, dat beppe warskôge de feint en sei: "Tink der om en yt dêr net in woartel fan op."
De koer mei woartels woarde oan kant set.
"Hwat tochste, leave, hwat der de oare moarns yn 'e koer siet?" frege beppe my.
"Woartels", sei 'k.
"Né," sei se, "gjin woartels. De woartels wienen foroare yn podden!"

Sumar

Der wie in faem, dy woe graech in feint ha. Hja sei: As wie 't de duvel ek, as ik mar in feint krij. Doe kom der de jouns ien by de doar mei in hynstepoat. Dy kom om de faem. Hy woe mei har op stap.
Hja gong nei him ta en sei: Ik bin noch net klear mei 't skûtelwaskjen. Wolle jo salang tiid dwaen as dat klear is? Jawol sei er, salang sil 'k wol wachtsje.
Doe sei se: Yn der ivichheit waskje ik dit net ôf en doe smiet se alle boarden en dingen stikken.
Doe gong de duvel fuort.

Sumar

Koarte tiid foardat Piter-om formoarde wie, útfanhûze er in pear nachten by heit en dy. Doe kom er in kear yn 'e hûs, doe hie er krekt nei 't hûske ta west. Hy sei: wylst ik op 't hûske siet, hearde ik hyltyd dat der kreune woarde.
"Nou," sei heit, "dan wol 'k dêr ek ris hinne."
Heit der hinne, mar dy hearde neat. Doe Piter-om der wer hinne. Dy hie 't kreunjen wer dúdlik heard.
Us heit sei letter altyd: hy hat syn eigen deastriid heard.

Sumar

Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.

Sumar
Op in nacht is myn omke Piter Veenstra oan it Wyldpaed formoarde. Heit hie dyselde nachts in droom. Hy droomde dat der ien formoarde woarde. Mar hy koe de gesichten net goed ûnderskiede. Heit wie altyd tige mâl mei Piterom. De moardner is noait bikend woarn.

Yn 'e Pein stie in boerespul yn de Bosk. Op in joun sieten se allegear by de tafel. Doe hearden se ynienen lawaei. Der woarde mei amers wetter smiten en mei luiwagens en biezems. En dat hie sa'n leven jown, dat sy wienen der allegear binaud fan woarn. "Hwat mei dêr wêze," sei de boerinne, "dêr doar ik noait hinne. Hwa fan jimme doart nei de doar ta."
Doe wie de âldste soan op it lêst mar nei de doar ta gong, mar der wie alhiel neat to rêdden. 't Wie deastil. Sy bigrypten der neat fan. Mar twa dagen letter rekke lytse Ruerd de Graaf dêr oan 't hûshimmeljen. Doe hearden se presys deselde lûden en doe krigen se yn 'e gaten dat it foartsjirmerij west hie.

Sumar
Der wienen in boer en in boerinne, dy wennen op in pleats, mar dy pleats wie tige min. De boer woe graech in nije pleats ha, mar hy hie der gjin sinten foar. Doe kom de duvel by him. De duvel sei: "Yn ien nacht sil ik dy in nije pleats bouwe dy't klear is foardat de hoanne kraeit. Mar dan bistû foar de duvel. As er net klear is op 'e tiid, dan jildt it...

Us heit hie in neef, dat wie in sekere Ruerd. Dy wie ek tige sterk. Op in kear wied er mei de keppel yn Grinslân oan 't wjudden. Doe wie dêr in wide sleat, dêr moesten se oerhinne. De manlju sprongen der samar oer, mar de froulju doarsten hast net.
Ruerd sei: "Doarre jimme dêr net oer?" Doe naem er ûnder elke earm ien fan 'e froulju en sa sprong er rejael oer de sleat.

Sumar

Der wie in feint, dy tsjinne by in boer. Nachts wie der altyd in wyt hynder, dat kom by syn bêd. Dêr moest er nachts altyd op ride.
It jongfeintsje wie dêrtroch oerdeis altyd tige warch en sliepprich. Doe sei er dat tsjin 'e oare feint dy't ek by de boer tsjinne.
Hy sei: "Der is altyd in wyt hynder, dat mat ik útride."
Doe sei dy feint: "Dû mast mei dat hynder nei de smid ta gean om it to bislaen." Hwant dat wite hynder hie gjin hoefizers ûnder 'e poaten.
't Wie in raer wyld hynder. Yn 'e nacht gong de lytsfeint der mei nei de smid. 't Hynder woarde bislein.
De oare moarns wie de boerinne net goed. Dy bleau op bêd, en hâldde de hannen stiif ûnder 'e tekkens.
Doe woarden har de tekkens ôfropt en doe hie se in hoefizer op elke hân sitten.

Sumar
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta. Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol. De faem siet achter de...
584