Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
518
518
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
509 datasets found
Place of Narration: Kollumerzwaag
Oan 'e Lange loane yn in âld hûs by Albert Koning hâldden in keppel jonge bazen it avondmaal. Dan waerden der aeijen sean en Albert sloech op 'e seine en song: "Twisters, twisters, twist met mijn twisters, Hemelheer, ga haar bestrijden toch te keer."

Yn 1917 wie 't in stringe winter.
Ik hie in neef dy wie skipper. Hy lei mei 't skip yn Beets. Dat lei dêr ynferzen.
Dy neef ried op in kear op redens oer de Burgumermar.
Hy wie op 'e weromreis nei Beets ta.
Dêr op 'e mar sjocht er ûnder 't iis hwat. Hy makket in gat yn 't iis en dan is dêr in iel. Dy leefde noch.
Doe die myn neef dy iel om 'e hals. Doe sleepte de sturt fan dy iel in ein achter him oan op it iis lâns. Sa'n knaep fan in iel wie 't. Doe slingere dy sturt fan dy iel bot hinne en wer. Der lei hwat snie op it iis, dat doe wie er meiiens oan 't baenfeijen.
Sa komt dy neef fan my op 'e Leijen. Dêr sit in guos mei de poaten yn 't iis fêst. Dat wie fuort by de einekoai. Der siet yn dy einekoai in ein to brieden. (yn dy stringe winter!)
Myn neef kapte dy guos út it iis wei en hinget him èk op 'e rêch. Dy guos kriget de iel yn 'e bek. En doe hie de guos de fleugels útspraet en doe't er yn Beets op 't skip kaem, doe wie 't noait liker as dat der achter him in trijehoek oer 't iis troch de snie gong wie, sa'n brede baen hied er makke.
Dat wie kaem troch de fleugels fan dy guos. Sa'n ein guos wie dat!
Myn neef fortelde: Wy ha fjouwer wiken iten fan dy iel en fan dy guos!

Kollumerzwaag

Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare.
De café's koenen dan fansels krektsalang iepen bliuwe as se mar woenen. As pake thúskaem hied er in goed stik yn 'e kraech. Sokke dingen typearren him. Dêrby joech er om God noch syn gebot. It wie in greate flokker en spotter.
Op in kear wie er op 'e Mûntsewei by Feankleaster.
It waeide in stoarm. Hy woe 't âld pypke opstekke. Dêr brûkte er de tonderdoaze by. Mar trochdat it sa hurd waeide koed er noait de brân der yn krije.
Doe hat er it dêr raer dien en mâl opsein, dêr op 'e Mûzewei. Hy hat alles forwinske en forflokt en dien.
Mar doe stie der ynienen in hiel moai frommes foar him mei in koaltsje fjûr. Hja sei: "Bosma, stek oan."
Mar Bosma biskiet him.
As er mei dat koaltsje fjûr syn pypke oanstutsen hie, wie 't syn dea west. Hwant it wie de duvel sels dy't by him stie.

Kollumerzwaag

Der kom ris in man by in boer en dy man frege: "Ha jo ek wurk foar my, boer?"
"Jawol," sei de boer, "ik ha wol stikellûken foar jo."
Doe gong dy man nei it stik lân ta dat de boer him oanwiisde. It wienen allegear stikels, der wie hast gjin bigjinnensein oan.
Hy tocht: ik mat earst mar ris út 'e broek. Hy giet op 'e foarikker sitten, wylst komme der fjouwer studinten oan.
Dy sizze tsjin dy man: "Och heden, hwat ha jo in grouwe kont, man."
Doe sei er: "Dêr kinne jim alle fjouwer tagelyk wol yn mei de poaten." En doe't dat gebeurde, doe hie er de stikels der samar út, hwant de iene skuorde mear as de oare om der út to kommen. Hja prebearren hâldfêst to krijen oan 'e stikels.

Kollumerzwaag
Yn Driezum wie ris in man overleden, dy hie in read plakje op 't wang. Doe sei syn frou: "Sa lang dat reade plakje dêr sit wol ik him net bigraven ha." Njoggen wiken lang hat dat sahwat duorre, sa lang siet dat reade plakje dêr. Doe is dy man wer bykaem. En doe hat er noch in pear jier leefd.

Myn pake is fordronken hjir oerdwars yn 'e Leijen.
Mem hat faek sein, doe't er de nachts fordronken is, waerd der dyselde nachts trije kearen op it glês kloppe.
(It wetter koe hast net oer him hinne komme; miskien hat er himsels wol fordronken. Yn itselde hûs, dêr't er yn wenne hat him ek ris ien ophong. It doogde dêr net.)

Kollumerzwaag
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.

Yn 'e oarloch fan 14 op 18 wie 'k ûnder tsjinst yn Oldebroek. Op 't stasjon to Nunspeet kaem in Belgyske fluchteling by ús. Dy koe allerhande fremde kunsten. Hy koe ûnder mear de minsken sitten bliuwe litte. Dan koenen se net wer oerein komme. Dat ha 'k mei eigen egen sjoen.
Ek, as ien de hân op 'e tafel lei, sei er: "Ik doar wedzje, dat jo dy hân dêr net wer wei krije kinne." En dat gebeurde èk.

Kollumerzwaag

Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta.
Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy hie twa hynders foar de ploech.
Doe frege dy man him: "Kinne jo my fortelle, hwer't greate Pier wennet?"
"Jawol", sei Pier. Hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op. Doe hâldde er him foar 't boarst. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
Doe gong dy man werom.

Kollumerzwaag

Myn skoanheit wenne by 't Wyldpaed oan 't Heideloantsje.
Op in joune wie 'k der by him. Doe moesten wy oan kant, der kaem in lykstaesje oan. Skoanheit seach him wol, ik net.

Kollumerzwaag
Hearke hie in sterke dochter: Rixt. Dy koe seis fetsjes bûter forsjouwe: Twa op 'e skouders, twa ûnder 'e earms en twa oan 'e hannen.

In tsjoenster foroare har faek yn in kat.
As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.

Kollumerzwaag

Harm van der Berg wenne op Sânbulten tsjin 't Wyldpaed oan. It hûs stie oan 't spoar.
Op in joun komt er thús, hy giet yn 'e hûs en dan seit Teats, syn frou: "Och, och, hwat is 't hwat. Ik bin mei de bern forlegen. Hwat der is, ik wit it net."
"Nou," sei er, "dan sil 'k der út." Hy hie 't gewear laden en wie der útstapt en hy komt by de hutte en docht de doar iepen en dan sitte dêr sawn katten yn 'e hutte.
Ien fan dy katten hat ûntsettend greate egen.
En doe hied er sketten en de katten wienen by him lâns flein, mar de iene hied er rekke yn 'e poaten en de oare deis hied er heard, âlde Sjoerde Lamke hie op bêd lein, hwant hja hie in blessure hawn oan 'e poat. Hja hat letter altyd kreupel west.

Kollumerzwaag

Myn omke Jan hie sa'n gefal mei in swarte kat.
"Mem," sei er tsjin myn beppe, "dêr is dat âlde kring wer."
Doe hied er in foarke krigen en op 'e kat smiten. De foarke gong dwars troch de poat hinne. Letter is âlde Griet altyd kreupel west.

Kollumerzwaag

Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu, fortelde beppe ha de minsken yn Sweagerbosk de trein al puffen heard.
Doe wie der noch fan gjin trein sprake.

Kollumerzwaag

Hjir hat wenne oan 't spoar in sekere Knjillis Veenstra, dy't se Bontsje Knjillis en ek wol Keke neamden.
As der ien siik wie en dy wie min, dan wist Keke fan tofoaren of dy persoan stjerre soe. Hy moest der dan nachts út, dan seach er de bigraffenis fan dy persoan.
Dy en dy stjert ek, sei er dan, en dat kaem altyd út.
Hy wie mei de helm geboaren.
Ien dy't mei de helm geboaren is mat alles sjen, behalve as se de helm forbrânne.

Kollumerzwaag

Tsjoensters binne yn steat har yn katten to foroarjen.
Hja meitsje krânsen yn 'e kessens fan har slachtoffers.
Binne der trije krânsen klear, dan giet it bern dea.

Kollumerzwaag

By frou Gerritsen yn 't Heidenskip wie in djûre stamboekbolle forkocht woarn. Mar doe joegen de minsken dy't him kocht hienen biricht, dat dy bolle woe net dekke.
Doe sei frou Gerritsen: "Stjûr my dy bolle mar wer. Dan krije jim de sinten werom."
Dat is gebeurd. Doe sei se tsjin har man: "Sil 'k dy sizze hwat wy dogge? Wy skriuwe nei de wûnderdokter yn Woarkum."
"Bist net wiis?" sei har man.
"Ja," sei se, "wy dogge it."
De wonderdokter kaem delsetten. Hy sette de bolle oan in line achter hûs en hy strykt him trije kear oer de rêch.
Doe sei er: "As jo nou in deunske kou ha, dan matte jim him mar ris prebearje. Mei trije dagen kom ik wer en dan matte wy it resultaet mar ris sjen."
Doe't er dy moarns kaem hie se in deunske kou en dy hied er dekt. Elke kear as de wûnderdokter kaem, gong er foar de bolle op 'e knibbels lizzen en dy bolle slikke him ôf, wylst er alle oare fremde minsken altyd op in distânsje hâldde.
Nei dy tiid dekte dy bolle elke kou.

Kollumerzwaag

Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se.
Dy man wie in frijmitseler.
As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net ôfmakke wie.
Hy boude in tsjerke yn 'e Westerein. Doe sei er: "De glêzen matte mar net al to heech, dan kin der altyd in timmerwinkel fan." Sa'n spotter wie 't.
Ien dy't by de frijmitselers wei giet, giet dea.
De duvel rêdt mei him.
Alle frijmitselers ha in wikseldaelder.

Kollumerzwaag

As in tsjoenster binnen sawn jier tiid net ien deatsjoende, dan moest se sels dea.

Kollumerzwaag
519