Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
2023
2
2023
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,973 datasets found
Place of Narration: Harkema

In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.

Harkema

Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.

Harkema
Froeger woarde der altyd sein: Traepje noait op in pod, hwant dan komt der swier waer mei tonger.

Der wie in doomny by in frou op bisite.
De doarren fan 't bêdsté stienen iepen. De doomny seach biweging ûnder 'e tekkens.
Doe sei er tsjin 'e frou: "Ha jo in lytsen miskien?"
"Ja," sei se, "trije."
Dêr harke de doomny nuver fan op. Hy dronk in pantsjefol kofje op, dat de frou him ynskonk. It smakke him goed.
"En hoe giet it mei de trije poppen?" frege er.
"Sa bêst," sei de frou, "mat doomny mar ris sjen hoe't se drinke wolle."
En doe nom se 't kûmke, dêr't doomny kofje yn hawn hie foar him wei en die dêr hwat molke yn.
"Kuos, kuos, kuos -" sei se, en dêr lieten har trije biggen by 't bêd delrûgelje, earst op 'e stoel en doe op 'e flier en se setten fuort op doomny syn kofjekûmke ta.
Se hienen it yn in omsjoch leech. Doe sette de frou it kûmke wer op 'e tafel en frege doomny of er noch in bakje kofje ha woe.
Mar doomny bitanke.

Harkema

To Dokkum wie in hynstehâlderij. Op in kear kom dêr in man mei in willige merry. De hynst wie alhiel oerstjûr, mar al hoe wyld as er wie, sy koenen it noait rêdde dat er de merry dekte. Doe naem de hynstehâlder de pet fan 'e kop en dêrmei krige er de pyst fan 'e hynst beet. Dy treau er mei syn hân mei pet en al ta de kont fan 'e merry yn.
Letter krige dy merry in fôlle mei in pet op 'e kop.

Harkema
Der stie in hoanne boven op in rak mei linnenguod en dy kraeide: Ik ben koning over deze woning. De hin siet yn it rak, dy kom gau nei bûten ta. Hy stuts syn kop nei de hoanne ta en sei: Ja, als ik niet thuis ben, zegt moeder hen.

Der siet in swarte roek yn in beam, dy hie in stik tsiis yn 'e snavel.
De fokse dy seach dat en dy hie sin oan dat stik tsiis. Doe sei er tsjin dy roek: "Dû kinst sa moai sjonge. Toe, ik woe dy sa graech even sjongen hearre."
Doe die de roek de snavel iepen om to sjongen. Mar tagelyk foel it stik tsiis op 'e groun. De fokse pakte it gau en naeide der mei út.

Harkema
Der wienen in man en frou, dy krigen ris in hiel great aei. 't Wie in oaijefaers-aei hienen se sein. Mar it aei wie sa great, dat sy ornearren, it soe wol in oaljefantsaei wêze. Wiste hwat? sei de iene tsjin 'e oare? Wy briede it út. Dan ha wy in jonge oaljefant. Doe ynformearren se earst hoelang sa'n oaljefantsaei bibret wurde moast. Dat duorre fjouwer...

To Dokkum wienen se mei in tsjerke oan 't bouwen. Doe op in kear moesten se in balke ta de doar yn sjouwe. Doe sieten dy timmerlju even mei de hannen yn 't hier, hwant sy koenen dy balke der noait yn krije. Op 't lêst leinen se de balke del.
Doe kom dêr in protter oanfleanen mei in lange strie yn 'e bek en dy fljocht dêr ûnder in dakpanne op mei de strie moai yn 't lang achter him oan.
De timmerlju seagen dat en seinen: "Sjoch, sa matte wy ek mei de balke." Doe dy balke dêr ek yn 't lang troch en sa krigen se him to plak.
Sa dom wienen dy mannen. De protter moest har earst noch sjen litte hoe't se moesten.

Harkema

Alde Sibe van der Veen fan 'e Harkema is ris op in kear tsjin in lykstaesje oanroan. Doe woarde hy oan kant set.

Harkema

As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien.
Op in kear, doe wienen der wer guon bitsjoend. Doe stjûrden se in neef fan ús nei Hinse ta om drankjes. Dy neef sutele altyd mei pikelhearrings. In dikke gongelstok hie er by him. 't Wie yn 'e winter en 't wie sterk iis. Dat ús neef boun de redens ûnder en sa ried er oer de Wide Pet en sa fierder nei 't Swartfean ta. Sa kom er by Hinse.
Hinse wie in wreedaerd.
"'k Wist wol datstû komme soeste", sei er.
Hy joech in pear drankjes mei. "Wês foarsichtich," sei er, "hwant dû silst ûnderweis in moeting ha. Guon ha 't op dizze drankjes bigrepen."
Hinse joech him de drankjes mei en sa sette ús neef oer iis op hûs ta. De drankjes hied er yn 'e bûs. De gongelstok hie er ûnder 'e earm. Sa kom er wer op 'e Wide Pet.
Doe't er midden op 'e Wide Pet wie, wie der earst ien kat ta 't iis út kom. Even letter hienen der in hiele keppel west. Dy wienen mar om him hinne sprong en by him op sprong. Hy hie mei syn dikke stok om him hinne slein mar hy hie ûnmooglik ien reitsje kind. Op 't lêst wienen de katten fuort west.
Hy kom mei de drankjes hiel yn 'e Harkema oan.

Harkema

Hoe't Oorschot oan syn namme kom
Ik haw ûnder tsjinst yn Oorschot west. Dêr stiet net in hoanne op 'e toer, mar in baerch.
It wie yn 'e tiid doe moest dat plak noch in namme ha.
Doe wie dêr in skerpskutter. Dy soe op 'e baerch sjitte en it doarp soe neamd wurde nei it skot fan dy skerpskutter.
Doe skeat er dwars troch de sturt fan 'e baerch hinne. Doe wie dat in 'staartschot'. Mar dat founen se allegear in rare namme. Hy moest nochris sjitte. Doe rekke er de baerch yn 't ear. Doe wie 't dus in 'oorschot'. Dat founen se allegear in moaije namme.
Sadwaende hat dat plak de namme 'Oorschot' krige.

Harkema

Mike Ruerd (= R. v.d Veen) wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear wied er oan 't timmerjen by de earste plaets op it Bomkleaster. Dêr wenne doe Wyberen Hulshof.
't Wie winterdei en 't wie al bitiid tsjuster.
Der wie noch in man, dy holp Ruerd by it timmerjen.
Ruerd wie net in gewoanen ien. It wie in greate spotter. Hy biwearde by heech en by leech, dat der bistie neat. Der wie net in God. En der wie ek net in duvel.
't Wie ôfgryslik, sa raer hy it dy deis opsei.
Doe't it donker wie moest Ruerd nei hûs ta. Hy nom it bakje mei timmerridskip op 't skouder en gong op stap. Hy roan oer de Skalkepaden. Dêr lizze allegear houtsjes. In pear breedten fan Wyberen Hulshof ôf, dêr moest er wer oer in houtsje. Mar tagelyk stie der ek ien oan 'e oare kant fan it houtsje. Dat wie in frommes. Dat wie hielendal yn 't wyt. Dat frommes bleau stean.
Ruerd sei: "Hwa sil der earst oer, ik of dû?"
It frommes sei neat en bleau stil stean.
Doe soe Ruerd der oer. Doe wie 't frommes bigoun to skatterjen, krekt as in ekster. En doe't Ruerd midden op 't houtsje wie hie 't frommes him grypt en fuortsmiten. Doe hat Ruerd in rare reis makke.
It ridskip lei wit hwer. Ruerd wie sa bûnt en blau en sa bot kniesd, dat hy hat der wiken fan op bêd lein. De bern ha de oare deis syn timmerridskip en 't bakje by elkoar fandele.

Harkema

By Marten Kloosterman yn Surhuzum kom sa nou en dan in reade kater. Se fortrouden dat net en krigen der op 't lêst in hekel oan dat dat beest dêr altyd kom. Doe ha se him op in kear bot ôfseame. De kater naeide hurd út.
De oare moarns wie dêr in wiif, dat hie har hiele holle yn 't wynsel sitten. Dat hat dy kat west.

Harkema

Ik hie in suster, dy wenne op it Bomkleaster. Wy hienen in buorman, dy tsjerne sels en ús mem brocht altyd bûter, dy't dy man makke hie, nei myn suster ta. Dan gong se de Skeanpaden del, de saneamde Skalkepaden. Dêr leinen houtsjes oer de sleatten.
't Wie yn 'e winter. Wy hienen 't iten op, 't wie jountiid. 't Wie moai helder ljochtmoanne-waer. Doe sei mem:
"Ik gean noch even nei 't Bomkleaster mei bûter."
Heit sei: "Hwat silst dêr noch hinne dwaen, sa let yn 'e nacht."
"Deis ha 'k it net oan tiid", sei mem, en sy gong op stap. Hja gong, lyk as altyd, de Skalkepaden del.
Mem praette altyd lang, dat it wie let, doe't se wer nei hûs ta sette. Mem wie net bang; freze hat se noait kend. Se wie sahwat midden op 'e Skalkepaden, doe hie se krekt oer in houtsje west. Doe hie se oer side sjoen en doe hie se in swarte, rûge houn sjoen, mei de kop yn 'e wâl en de sturt rjocht achterút. Sy tocht dat se dy houn wol koe. Hy hie swart krold hier. Sy sei: "Heden, Turk, bistû hjir?"
Doe wie dy houn ynienen opriisd. It woarde in ding, sa great as in fôlle. 't Wie net in houn mear. It wie der ús mem fan yn 'e fuotten sketten. Hja wist letter net mear hoe't de fuotten har droegen hienen. Hja wie ôfset en doarst net achterom to sjen. Hja hie alhiel stiif west doe't se thús kom.
Dit hat mem faek forteld.

Harkema

Ik haw in kammeraet, dy hyt fan Fokke. Dy wennet hjir ek yn 'e Harkema. Dy syn suster hie forkearing. Dy har feint kom op in nacht by harren wei. Hy moest earst in eintsje sânpaed del. Mei't er op 'e wei fytse soe, komt er werom, hwant hy hie dúdlik in bigraffenis sjoen. Dat wie op Homeare. Dy feint woarde troch dy lykstaesje tobekdrukt. Hy koe der bislist net lâns. Fokke hat it my wol faek forteld.

Harkema

Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't allegear heide. Hy bleau stean op 't plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet. Doe seach er dêr in ljochtsje en hy hearde psalmsjongen. Dat wie foar him de fingerwizing. Doe wist er hwer't er de tsjerke delsette moest. Hy hie net mear as f 35. Der woarde in lyts houten tsjerkje foar boud. Letter kom der oan wjerskanten in lytse fleugel oan, hwant it woarde to lyts. Doe wie it in krústsjerkje. Noch letter woarde it in stiennen tsjerkje. En nou is 't gâns in tsjerke.

Harkema
Doe't ik noch by heit en dy yn 'e hûs wie, slepten wy op 'e souder. Hwat haw ik dêr faek lêst fan in nachtmerje hawn! Ik gong by de trap op en dan wie 't soms krekt as hie 'k der al in foargefoel fan. As ik op bêd lei, dan fornom ik dat se my by 't boarst opkrûpte. 't Bigong by de fuotten. As ik my mar gau omdraeide, dan wie 't fuort. Koe 'k my sa gau net...

Jan van Houten wie sa'n twintich jier âld. It wie in greatsprekker en in spotter. Hy fordomde God en alles en hy wie foar de duvel net bang, sei er. Op in nacht kom er út in café.
Underweis woarde hy sa bot slein, dat hy rekke bûten kennis. Doe't er wer by kom dienen de lea him sa sear, dat hy kreunde der oer. De duvel hie him to pakken hawn.
Letter wied er aerdich bikom.
't Gebeurde yn 'e Harkema.

Harkema

Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.

Harkema
2025