There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
























Yn Heech, achter Snits, wenne in boer, dy hie twa ûngetiders ynhierd. Hy hie har opdroegen in stik lân to kearen. Mar dy iene fan 'e beide mieren sei: "Wy hoeve net to kearen. Wy kinne der wol hwat by lizzen gean."
Hy makke hwat meneuvels en doe wie 't hiele stik samar ynienen om. Dy ûngetider koe hwat mear as gewoan.
Hy hie in forboun mei de kweade.
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes. Hy wie in wreden hond en in greate flokker. Dy is op in moarn troch de duvel oer de dyk hinne smiten. Letter wie er aerdich bikaem en gong er nei tsjerke ta.
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
Guon yn Garyp seagen yn 'e Broek (to Garyp) wylde lantearnen. "Dêr komt in wei lâns", seinen se. It duorre lang ear't it sa fier wie. Mar de wei is der kaem troch ruilverkaveling. Sy ha wòl gelyk krigen.
To Garyp stiet oan 'e wei nei de polderdyk in hûs, dêr wennet nou Lammert Slofstra. Froeger stie dêr in âld hûs foar, doe wie 't nije dêr noch net. Mar guon wisten fan tofoaren al dat it nije dêr komme soe. Dy hienen dêr timmerjen heard en oare lûden dy't men by 't bouwen observearret.
Japik Ingberts hie op in freed-to-moarn by in boer in kou stellen. Dêr gyng er mei nei Ljouwert ta, om him dêr to forkeapjen. Hwant op freed is it dêr fémerk.
Mar doe't er to Ljouwert oankaem mei dy kou gong er earst nei in bakker ta. De kou boun er salang oan in pealtsje fêst.
Doe sei er tsjin 'e bakker: "Ik mat in roune bôlle ha. Wolle jo my dy ûnder 'e jas triuwe op 'e rêch. Dan liket it krekt as haw ik in buchel." Dat wie de bakker bêst. Hy hie dêr in protte wille om.
Sa kaem Japik Ingberts mei de kou op 'e merk. It wie noait liker as hie er in buchel. Hy forkocht de kou goed en doe't er efkes letter op in plakje allinne wie, naem er de bôlle ûnder 'e jas wei.
It duorre net lang of dêr kaem de boer delsetten, dy syn kou hy stellen hie. Dy boer gong de merk bylâns om to sjen of syn kou dêr ek by wie. En ja, doe seach er him.
"Dat is myn kou", sei de boer.
"Ik haw him krekt kocht fan ien mei in bult op 'e rêch", sei de koopman.
Doe sochten se de hiele stêd of nei ien mei in buchel, mar Japik Ingberts wie syn buchel kwyt, dat dy bleau bûten skot.
Der wenne in faem by de boer. De greatfeint en de lytsfeint seinen tsjin har: "Astû ûnder dy koer krûpst, kinne wy dy ûnder 'e koer wei sjonge."
De faem sei: "Dat bistiet net."
Mar de lytsfeint hie al in ammerfol wetter ré stean.
Hja kaem ûnder 'e koer. De greatfeint bigoun to sjongen. Dy soe har ûnder 'e koer weisjonge.
Doe smiet de lytsfeint it ammerfol wetter oer de koer hinne. Doe wie se der samar ûnder wei.
(Dit ha se my yn 't Bilt forteld.)
Dêr wie in âlde joad forstoarn. It wie him bêst gong yn 'e wrâld. Hy wie altyd koopman west en dêr hie er aerdich hwat mei fortsjinne. Dy koopman hie trije soannen.
De âldste soan sei: "Wy moesten de âld man mar hwat sinten mei jaen yn 'e kiste, dan kin er letter wer in handeltsje bigjinne." Doe lei er tûzen goune yn 'e kiste.
De twade wie 't mei him iens. "Heit hat altyd bêst op my past", sei er. "De âld man mat net om jild forlegen sitte, as er wer yn 'e handel komt." Hy lei dêrom ek tûzen goune yn 'e kiste.
Doe kaem de trêdde soan. Syn bruorren fregen him of hy èk itselde jaen woe as sy. Doe gong de trêdde soan hinne en skreau in chèque út fan 3000 goune. Dy lei er yn 'e kiste, wylst hy de twatûzen goune derút naem.
"Us heit wie in tûke keardel," sei er, "dy wikselt dy chèque wol yn."
In boer wie mei syn feint op it lân oan 't wurk. De boer krige lêst fan kâlde hannen, dêrom sei er tsjin 'e feint: "Helje myn moffen even."
De feint gong nei de pleats ta en doe sei er tsjin 'e boerinne en 'e faem: "De boer hat sein, ik moest jim allebeide even to pakken ha."
De frou sei: "Dêr leau 'k neat fan, dêr is neat fan oan."
"Ik sil wol even roppe", sei de feint.
Doe rôp er út 'e doar wei: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, domkop!" rôp de boer.
"Nou kinne jim 't sels hearre", sei de feint, en doe koe er syn gong gean.
Op in kear woe Ulespegel syn pipe yn 'e brân ha, mar hy hie gjin lúsjefers by him. Doe seach er op 'e wei farske hynstefigen lizzen, dy't noch dampten.
Doe bigoun Ulespegel yn dy hynstefigen om to klauwen, "hwant," sei er, "waar rook is, is ook vuur."