There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
























Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk.
Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten.
Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se soun en dea.
yn 'e brân. 't Wie by de earste bocht as men gyng fan 'e brêge fan 'e Harkema nei Surhústerfean. Mar doe't omke der by kom, brânde 't net.
Letter is dat spul ôfbrând.
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
Hindrik Holthuis, dat wie syn heit. De Holthuzen binne ôfkomstich fan Dútslân. 't Wie earlik folk mei in goed karakter. Mar o hwat wie Hindrik in raren-ien yn syn jonge jierren. Hy flokte as in ketter en hie rounom de gek mei. Faek wied er dronken.
Hy is op in kear smiten woarn troch de kweade. Guon sizze dat er doe bikom wie, mar ik haw ek wolris fortellen heard dat dat in oare oarsaek hawn hat.
Doe't hy smiten woarn wie krige er dêr in stive skonk fan. Doe moest er mei dy skonk yn in soarte fan houten bak sitte. Dy skonk moest wiet bliuwe.
Syn mem bisprinkele de skonk mei hwat wetter út 'e amer, mar dan ûntkrige er har de amer mei in grou flokwurd en hy smiet de hiele amer mei wetter oer de skonk.
De skonk woarde better en hy mocht wer in eintsje kuijerje. Hy hie ta gewoante, as er in pear bern seach, dan sei er: Nou matte jimme ris goed flokke, dan krije jim elk in sint. Dy bern dienen dat dan.
Doe't Hindrik der út gong, seach syn mem him nei. Hy gong de kant út nei de kroech. Syn mem woarde kjel. O, o, tocht se, nou sûpt er him wer dronken. En doe bigong se to bidden. Hiel ynmoedich. En dat hat it dien.
Doe't er sahwat op healwei wie, gong er net rjochtút nei de kroech, mar hy sloech links ôf. Doe kom er by Anders Spoelstra en syn wiif tolânne. Dat wienen hiele bêste frome minsken. Better plak hied er noait krije kind.
Dy minsken ha sa lang mei him praet, dat hy is der troch bikeard. Hy woarde in froom man dy't alle sneinen nei tsjerke ta gong. Hy woarde lieder fan de sondagsskoalle, hy krige in bistjûrsfunksje yn 'e tsjerke en woarde foarsjonger. Ek hat er faek preeklêzen.
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him. Dy woe wite hwer't Hearke wenne.
Doe loek Hearke de ploech ta de groun út, hy krige de beide sturten beet en sa stuts er de ploech foar him út.
Doe sei er: "Hjir stiet er, en dêr wennet er!"
Der kom ris in frommes by lytse Fedde. Lytse Fedde wie wûnderdokter op Sânbulten. Hja sei tsjin him: "Kinne jo my ek geneze. Ik haw in protte lêst."
Fedde sei tsjin har: "Ja, ik kin jo geneze, mar it resept dat ik dêr foar ha, dat is net sa moai. Mar wolle jo wer better, dan matte jo krekt sa dwaen as ik siz. Nou is 't in rare fraech dy't ik jo doch. Wolle jo jo wol sa fier útklaeije as jo op 'e wereld geskapen binne?"
Dêr gong it minske mei akkoart.
Doe sei Fedde: "Goed, dan matte jo yn in farske koehûd wikkele wurde, fan in koe dy't krekt slachte is."
Dat gebeurde. De oare moarns siet de koehûd fol en fol wjirmen. Doe wie 't minske genezen.
Dêr't in protte eksters om 'e hûs om rinne dêr komt in sterfgefal, dêr kinne jo mar gerust fan op oan.
De wyks foardat ús heit stoar ha wy in wike oan ien de eksters by ús yn 'e buert hawn (heit wenne njonken ús). Der wienen altyd in stik of seis, sawn by elkoar.
Dat is foar 100% de goudearlike waarheid.
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk.
Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by 't tsjuster nei bûten doarst en hy hie sûnt altyd in lulke dikke houn by him.
Fuort dêrnei hie heit syn âlde mem in droom hawn.
Heit hie de kroech net krige. Hy moest der út en der wie noch gjin plak foar him.
Doe droomde syn mem, hja seach in hûs. Hja hie der yn west. Hja wist krekt hoe't it der útseach. Dêr soe heit yn wenje. Dat soe heit keapje.
Doe kocht heit yn 'e Harkema oan 'e lettere betonwei in arbeiderswente, dêr't ek hwat plak by wie foar fé.
Letter kom heit syn mem by heit en dy om it hûs to bisjen. Oan 'e foarkant wie in ûnder- en bovendoar. Dy koe mei in ketting op slot set wurde.
Doe sei beppe: "Ja, dit hûs haw ik sjoen. Hjir haw ik west. Dit is it hûs, dat ik yn myn droom sjoen ha, Albert. Dit is it, bern."
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik.
Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
Ruerd koe mear as in oar. Hy koe soldaetsjes op syn kommando ta de hurddobbe út komme litte.
Doe't skoanheit syn suster noch in famke wie, siet dy bot yn 't lijen. Hja gûlde altyd. Doe wienen der guon, dy seinen: Dat bern kin wolris bitsjoend wêze.
Mar dêr woe beppe neat fan leauwe.
Der kom faek in naeister by harren, dy't deis foar har naeide.
Op in kear, doe't it bern wer bot raesde makken se de jouns it kessen iepen, dêr't it bern de holle op hie. De naeister wie doe al fuort. Doe siet dêr in krâns yn dat kessen mei allegear snypsels der yn binaeid fan it skelkje, dêr't de naeister dy deis oan naeid hie.
Dy moest hja dêr yn tsjoend ha.
"Ik woe 't net leauwe," sei beppe, "mar nou mat ik it leauwe."