There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
Hy meande ek ris in kear doe hie er forgetten de fuorring fan 'e seine to dwaen. Mar hy hie krekt like goed trochmeand.
Piter Poes haw ik net mear kend. Hy wie duvelbander en wie net troud. Hy wenne yn in lyts hûske, dêr hat letter Sudema yn wenne. Doe't er dea wie ha se in protte sinten foun boppe yn it ûleboerd.
By Rinse Hamstra yn 'e Harkema krigen se in berntsje, mar dat rekke wei. Letter krigen se wer in berntsje, mar dat rekke ek wei.
De trêdde kear gong it goed. Mar de mem sei: "Ik wyt nou, hwa't it dien hat." Doe seach se troch de glêzen. "Dat âld wiif dêr hat it dien!"
Dit is noch mar in pear jier lyn.
‘k Giengen nor huus en ’t was doenker. "Wat is dat do tussen de troenke”? peisde’k. "’t Is lik één die stot te wenken”. ‘k Liepen were zo zere da’k lopen koste… en ’t liep ’n hoend achter me… ’s Anderendaags zeien ze: "M’èn je vaste gèt (beet gehad), hee. Aj (had je) gie gistern zo’n schrik van ’t hemde van den boas”?
De vrijmetselaars te Oordegem.Oordegem was een centrum waar de vrijmetselarij hoogtij vierde. De verzamelplaats was de eenzame Dikke Linde waar de vrijmetselaars uit alle landen van de wereld kwamen. Hier in Aalst woonde voor veertig jaar een juffrouw A.L. Bij familie van ons mama waren het grote melkboeren en ze gingen mee de melk bij de juffrouw tot dat ze op zekeren dag vertelde dat ze op nen nacht naar de Dikke Linde gevlogen waren en dat er daar dames en heren uit Frankrijk, Engeland enz. waren en hun kenteken was een gouden truweel. Die vrijmetselaars vlogen door de lucht.
As wy sneintejouns út 'e herberch kamen, barde it faek, dat myn broer ynienen saei: "Ho, bliuw stean." En efkes letter: "Nou mar wer fierder."
Dan wie der in lykstaesje. Ik trille faek noch, as wy al thús wienen. Wy doarden ek nea op it spoar (midden op it paed) to rinnen. It is ek wol ris krekt west ôf stapte ik earne oer hinne.
Tegen mijn moeder haren thuis, hier ’t Ename se, was ter daar ook ene die mee ’t kwaad omgink. En de die had een kind betoverd. De die was altijd genegen om da kind een beetse vlees te geên as ze daar in huis kwam.En die mensen wisten da ze den naam hâ, maar en hân toch ooit de gedachte niet: “der gaat daar iet van voortkomen.”En da kind kreegt azo twee bollen op zijn ogen hein, da je zijn ogen nie meer en zaagt. En da heeft in ’t klooster van d’Heilige Familie gelegen, da kind. En tan hên de zusters van ’t klooster van d’Heilige Familie a’maal moeten een madolleke dragen van Trezeke.En da was echt toveraaie, echt toveraaie. En dat was ’t werk van Kloskes Mele van Eneme.
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net ien dy't wist dat wy trouplannen hiene. It wie Myt, dy't har yn in katsje foroare hie (Rikele Myt wie in tsjoenster)."
Us heit hie in barchje, dat woed er fetmeste en dan forkeapje. Doe kaem Siberen Jochums op in kear by him. Dy biseach it barchje en doe sei er: ik wol dy baerch wol fan dy keapje. Ast him noch in pear wiken hâldste, dan wol ik him graech ha. Heit koe der in aerdige stûr foar barre, dat heit wie al bliid.
Mar ús buorfrou, de tsjoenster hie heard dat Siberen de baerch ha soe.
In pear dagen letter woe de baerch net frette. Hy kaem net iens by de trôch. It beest is alhiel úttard. Dat hie dat frommes dien.
Der siet ris in kear yn Beets yn in kafé in man, dat wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Hy flokte en brûkte rare wurden, dat it lang net mear moai wie.
Doe't it tiid wie fan sluten wie er bang, doe woe er net nei hûs.
De kroechbaes sei: "Dû mast der út, ik kin dy hjir fannacht net hâlde."
Doe sei er: "Dan wyt ik, dat ik in goed pak op myn donder krij."
Doe't er even bûten west hie, ha se him kjirmjen en razen heard. It klonk wit hoe fier.
De oare deis wie er bûnt en blau. Sa hie de duvel him tramtearre.
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los.
't Koe him net folle skele hwat er sei.
Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde.
Doe tocht er: "Dat is de duvel." Hy trille as in blêd, doe't er thús wie. Hy sei: "Ik doar de Heidkampen (to Jistrum) noait wer del."
Sûnt dy dei hat er de drank stean litten.
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren.
Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze.
Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait.
De twadde deis die er itselde wer.
De trêdde deis kaem er wer. Doe seach er Anne. Hy bleau even stean om nei har to sjen. In skoftsje letter is Anne fordronken.
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun sonken.
Doe't pake thús kaem trille er noch.
Der wie in jonge, dy woarde der troch syn heit op útstjûrd om sinaesappels to forkeapjen: acht foar in kwartsje.
Mar dy jonge brocht se oan 'e man foar tsien foar in kwartsje. Dat, doe't er thús kom hied er folle minder jild ynbard as de heit birekkene hie.
De man wie lulk en hy joech de jonge in lawibes dy't oankom. De jonge, mei de holle skean en triennen yn 'e egen, gong fuort.
Doe kom er in bidhúske foarby. Dêr hong Jezus oan 't krús. Dy hie de holle ek in bytsje skean en hy seach o sa truerich.
Doe frege dy jonge: "Hastû se ek forkocht foar tsien foar in kwartsje?"
