Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
483 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Twijzelerheide

In wearwolf is in forbastering fan in houn en in minske. It is in minske dy't dea is. Dy syn siele krijt gjin rest. Hwant hy hat oars neat as forkeards dien. Dat docht er nei syn dea nòch. Hy hat it gesicht fan in minske, mar it gedrach fan in wolf. Hy raest ek as in wolf.
Hy mat de boel forniele. As der in skiep forskuord wie krige de wearwolf de skuld.

In pleachbeest wie meastal in grouwe, swarte houn.
Trape men op in pod, dan kaem der tonger, waerd der sein.
Men mat noait spotte mei in graef op it tsjerkhôf, oars groeit letter by jin sels de earm ta it graef út.
In man of fjouwer wienen ris dwaende mei in swier ambyld, dat stie op 'e wein en dat moest yn 'e smidderije droegen wurde en op 't houtblok set. It wie min wurk en 't ambyld wie eins net to tillen. De mannen wienen der hwat mei oan. Doe kom Sterke Hearke dêr lâns. "Soestû ús net eefkes helpe kinne?" fregen se. Dat wie Hearke goed. Hearke nom it swiere...

Der wienen jongelju, dy wienen krekt troud. 't Wie yn 'e tiid fan 'e distribúsje en sy mochten net mear stroom forbrûke as safolle.
Doe kaem de meteropnimmer by harren en dy seach nei de man en sei: "Jo hawwe der oerhinne west."
De man sjocht syn frou ris oan en de frou seit neat, mar hja wurdt hielendal wyt.
De meteropnimmer docht de finger yn 'e hichte en seit: "Tink der om, tink der om, 't mei net wer gebeure."
Doe't de meteropnimmer fuort wie, sei de frou tsjin har man: "Soe dy smoarge keardel hjir foar de glêzen stien ha to loeren? Ha wy de gerdinen dan net goed ticht hawn? Wy meije wol goed sjen joun as dy goed slute as wy op bêd geane."
In maend letter, dêr kaem de meteropnimmer wer.
Hy sjocht nei de meter en sjocht de man wer oan en seit: "Nou ha jo der dan fordomd al wer oerhinne west. Dit is dan de twadde warskôging dy't jo krije. Jo matte 't sels witte, mar 't komt sa net goed. Tink der dochs yn 't forfolch in bytsje better om."
Doe't de meteropnimmer fuort wie sei de frou: "Wy meije wol nei boven ta gean to sliepen, hwant dy smoarge keardel stiet blykber altyd to loeren foar de finsters hjirûnder."
"Ei fanke", sei har man. "Wist hwat wy dogge? Wy keapje in doaske punaises en dêr meitsje wy de gerdinen mei fêst oan 'e kanten, dan kin er neat mear sjen."
Doe't de maend om wie kom de meteropnimmer dan foar de trêdde kear.
"Ik hoop," sei er, "dat jim nou better oppast ha."
It wyfke sjocht it mantsje ris oan en tinkt: Nou hat er bislist neat sjoen.
De man sjocht wèr nei de meter en dan sjocht er man en frou beide oan en seit tsjin 'e man: "Nou ha jo der dan dochs wer oerhinne west. Dit is dan de lêste kear. As jo der nou wèr oerhinne geane dan wurde jo ôfsnien en dan kinne jo jo bihelpe mei in kears."

Twijzelerheide

Men mat noait midden op 'e wei rinne nei tolve ûre yn 'e nacht. Dan kin men fan 'e wei ôfsmiten wurde, as der in lykstaesje passeart.
Hjir yn 'e heide is sa alris ien oan kant reage.

Twijzelerheide

Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie dêr formoarde woarn yn dat húske.
Doe sei heit tsjin Sjoukjemuoi, dêr koe se wol ôf komme.
Dan moest se hinnegean en dêr poppekleantsjes - regenkleden ensa - dellizze. En dat hat se dien. En doe hat se der noait wer lêst fan hawn. Dy kleantsjes woarden wei, en hwer't se bleaun wienen, wist gjin minske. Heit sei, dy woarden der fansels weikrigen. En dat wie èk gebeurd.

Twijzelerheide
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se]. Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
Trape men op in pod of kikkert, dan bigoun it to tongerjen, seinen se froeger. Ek op in slak.
Heit en mem wienen ris togearre to jounpraten. Doe't se weromkamen, wie 't nacht. Doe kaem dêr in greate, grouwe, swarte houn njonken har, dy roan flak by har lâns. It duorre net sa lang. Us mem seach dy houn, mar heit seach him net. Doe't se tsjin heit sei: "Wy ha hjir in houn as in keal njonken ús", waerd er stadichoan wei. 't Gebeurde hjir yn...
Yn Twizel rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Dêr't nou it spoar lâns giet, dêr seagen de lju hjir froeger ljochtsjes by jountiid, dy't der oan kamen. Dat hat foartjirmerij west.
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy hienen se fan 'e duvel. As jy dy útjoegen krigen jy him wer. Sa'n wikseldaelder rekken jy noait kwyt. Jy krigen dus ek noait forlet fan jild, jy wienen altyd ûnderdak. Sokke frijmitselders koenen jy der altyd út. Alle jierren wienen se oan 't timmerjen oan 't hûs. Sy makken noait hwat dien. Om 'e sawn jier moest...
Der wie in boer, dy forkocht in kou oan 'e slachter. Mar dy kou wie to djûr. De slachter hie der to folle foar bitelle. De slachter slachte de kou, mar doe sei er tsjin syn feint: "Wy matte dat jild wer ha. Sa net goedskiks dan kweaskiks." Doe gong er yn 'e nacht nei de boer ta mei syn feint. Hy hie sjitark meinaem. Mar dy boer hie hiel tafallich de jouns...
"Dêr is ek wer in wylde lantearne", sei ús heit froeger, en dan gongen wy nei bûten ta om to sjen. Sokke wylde lantearnen wienen de foarboaden fan 'e lettere fytslampen.

Hjir op 'e Heide wennet in frommeske, dy hat froeger as faem wenne by Knjillis Gearts van der Veen oan 'e Simmerdyk by Hurdegaryp. Dy boer is doe formoarde woarn.
Hy hat fan tofoaren witten, dat dat gebeure soe. Hja hie fan tofoaren sjoen dat ien him formoarde.

Twijzelerheide
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.

Us mem hie it linnen foar har deakleed wol fjirtich jier foar har dea yn 'e kast lizzen. It mocht persé net knipt wurde, it moest skuord wurde en dat is ek gebeurd.

Twijzelerheide