Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
314 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Nijega
(40.40 min.) DJ: Der ha ik lêsten west by in âld man. Dy man dy wennet op in eilântsje. Wit jo wol wêre? Dêr is in eilantsje. FK: Yn de mar tink. (DJ: Ja, hiel wiid is it dêr) en ja, dat is de mar. En dêr leit it grut eilân yn en it lyts eilân. DJ: Mar dit wie in eilantsje en dy man koe allegear keunstjes mei katten. Dy hie fiif katten en dy katten dy...
FK = Frou Kobus DJ = Dam Jaarsma JV = JJ Voskuil DK = dochter Kobus DJ: Dat ha wy noait heard. Sjonge, dat ha wy noait heard. (onverstaanbaar) JV: vertelt u dat nog eens, want het stond net niet op de band. (gelach) FK: hoe begjint it dat ek mar wer, Dicky, fan yn de koal, ja. DK: yn de koal, hè. Dat hy sa freeslik lyts wie. FK: ja, hy wie heel lyts, hin....
(10.01 min.) DJ: Ik heb hier de lijst bij de hand. Ja, ja. VK: heeft mevrouw Kobus de lijst ook gezien dan. DJ: dy ha ik hjir, die heb ik hier gedaan. It begjint mei de stiennen ûlebuorden. Dat is dan it earste ferhaal, fan de stiennen ûlebuorden. Dat wol’ se graach dat jo dat even fertelle. FK: wat is dat? DJ: De stiennen ûlebuorden wite jo wol. Dat...
(34.34 min.) FK: ja, ik ha it al earder heard, mar net dat ik it no sizze koe. Mar miskien ha wy it der ek wolris oer hân. Wy ha’t der ris oer hân. DJ: ja, dat hoorde ik ook, dat. Bekend verhaal JV: ja en dat verhaal wordt in heel Nederland wel verteld. DJ: dat zal wel, ja. Koal, spek, dat soort verhalen JV: maar je zou eigenlijk meer van dit soort...
(6.25 min.) FK: Sa komt my yn’t sin, dat ha ik leau’k noait sein, mar dan wie der ek in, in lyts doarpke. En dat doarpke dêr wie, soe, skoalfeest wêze, hin. En, dan wie it ek allegear, allegear feest. De bern en dat stie der heul dik en och de grutten diene ek mei. En sa wiene se ek op it feest en wie der in, eh, in rychje tintsjes, diskes, dêr’t je wat...
(18.15 min.) DJ: Ja ja. En dan is dit der, de skipper en syn frou, dy’t in nij skip krigen op voorwaarde dat de frou foar de duvel is as se de wite mûtse op hat. FK: Ja (18.35 min.) Ja, altyd om ’t jild hin. Har skip wie sa min en dy man altyd min tefreden, heul min tefreden, omdat se gjin jild hie en dan wie se net sunich genôch, mar se hie gjin sinten...
(31.00 min.) JV: Maar u hebt een ander verhaal verteld over een schaatsenrijder, toen. DJ: Ja, dat wat ik zopas vertelde. FK: Ja, ja DK: Dat de holle der wer op kaam DJ: Hat jim mem dat ek wol ferteld. No moat jo dat ek noch even fertelle, fan de holle. FK: Ja mar dat wyt ik net sa goed DK: Ja DJ: Ik wit it ek net, hear, as jo dat oait ferteld ha. Ik...
Stilte tot de 51ste seconde. FK = frou Kobus DJ = Dam Jaarsma JV = JJ Voskuil DK = dochter Kobus JV en DJ: goedemorgen (FK en DK lachen) FK: Fan Amsterdam no DK: Jimme lykje niks net Amsterdammerachtich, hin FK: nee DK: Nee, gjin lang hier, hin (ze lachen allen) FK: Ja, haha, jim koene hjir bêst yn it doarp (ze lachen allen) JV : o dankje FK: ja DJ: maar,...

Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder tsjinst. Hy sil in goed nûmer lûke. Mar hy krijt it yn 't boarst. It is letter krekt sa útkaem. De feint rekke ûnder tsjinst, mar doe waerd er dêr ôfkeurd, omdat er 't oan 't boarst krige. Hy is wol troud mei dy faem, mar syn kwael boaze sa hurd oan, dat al ridlik gau dêrnei is er stoarn.
Fan it oare pearke hiet de faem Minke Schuurmans. De faem, dêr't ik by sliepte, hie ek heard hwat der oer hàr sein wie.
"Dû moatst skielk trouwe," hie Hinke sein. Minke waerd o sa kjel, mar Hinke krige gelyk. Mei deselde feint, dêr 't hja forkearing mei hie, troude se hommels. Dy feint waerd doe arbeider by syn heit.
Der kaem ris in man by Hinke Kaert, dy woe wite hoe 't it him yn syn houlik gean soe. "Hwatte?" sei Hinke, "yn dyn houlik? De tuchthúsdoarren stean foar dy iepen."
"Hoe dat sa?" frege de feint.
"Kinstû dat noch freegje. Dû wytst it sels donderse goed. Dû hast hwat útheve. Liich der mar net om. Fortel it my mar, dan kin ik dy miskien ried jaen."
Doe foel er troch de koer en hy sei hwat er misdien hie.
Hja joech him goede rie en sei: "Se sille dy dêr goed bihandelje."
Sa is't ek gebeurd.
Der kamen ek ris twa by Hinke, dy woenen har to fiter ha. Mar Hinke hie se fuortdaliks troch. "Wy woenen wol hwat fan jo witte", seinen se.
"Ja", sei Hinke, "ik sil jimme mei de heidebiezum." En hja jage se fuort.

Nijega
Wiegezang zonder einde. Te Nijega woonde in den overouden tijd eene vrouw, die zich aan den duivel had verkocht onder voorwaarde, dat zij hem, als hij haar kwam halen, een kunststuk ter uitvoering zoude opleggen. Kon hij dan dat werk niet volbrengen, dan was zij vrij. Toen de booze op den bepaalden tijd kwam, zat de vrouw haar kind te wiegen. Hij maande...
JV: dat van die bonen op de achterkant van de lepel, dat kan hier misschien nog even bij. Het staat niet op de DJ: nee, o ja, van die, hetzelfde. Datselde dus fan dy feint dy’t by in boer wennet of sa en dy feint dy mocht gjin beantsjes (FK: ja) Dat wolle wy graach even hearre (FK: ja) Stean op dy’t mei wol, wurdt der wol sein (FK: wat?) Stean op dy’t mei...

Imke de Jong wie in gûchelder, mar hy koe ek tsjoene. To Ljouwert hat er yn 'e gefangenis sitten. Mar de tuchthúsdoarren gongen samar foar him iepen. Der wie suver neat mei him to bigjinnen. Se ha him to Ljouwert op fjouwer plakken tagelyk ta de stêd út gean sjoen.

Leeuwarden
FK: ja DJ: Moeten we ook meer verhalen laten vertellen. JV: Ja ja. (15.20 min.) DJ: Dit verhaal van de moeder die haar kind aan de duivel geeft. Als de duivel het komt halen stelt hij het kind drie vragen, die het alle drie weet te beantwoorden. Hoe djip is de see, wat is zoeter dan zoet en wat is harder dan hard. Dat ferhaaltsje, dat wolle wy graach even...
(32.49 min.) JV: ja. Kent u ook geen verhaal dat de boer een les krijgt, dat de boer te gierig is of te FK: nee, dat wyt ik sa net DJ: sa net, hè, dat ha wy noait hân JV: ook zo’n verhaal, dat de boer de knecht dwingt te zeggen dat iets eh, ja, er loopt een haas op het dak DJ: ja, da’s ook bekend. Kijk, dat kinne jo miskien ek wol. Dêr wie in boer en dy...
(22.43 min.) DJ: Dan stiet hjir: het meisje dat slecht, eh, kan zien. JV: o ja. FK: dat ha jim wol. Ja, dat ha jim wol, dat ha jim wol. JV: ja ja. DJ: Als de buurman komt om haar hand te vragen, slaat ze de koffiekan vande tafel denkend dat het de kat is. Dat wol ik graach even hearre. FK: Dat hat der ek lang west, hè. DJ: Dat is een heel oud verhaal. FK:...

(14.15 min.)
FK: drank makket earm en ryk gelyk
DJ: dat, wat seine jo? Drank?
FK: drank makket earm en ryk gelyk.
JV: ja.
DK: alkohol.
DJ: dat makket earm en ryk gelyk.
FK: Dan bin’je deselde. Je stoattelje. En dat. Der wiene ek twa mannen, dat wiene de koetsier en menhear. En se komme ek beiden barreljen, mar se kômen yn ‘e hûs. Dêr stiene twa ledikanten, no. En elk op in ledikant. Dêr rôp menhear: der leit in oare kearel by my yn’t bêd. Ja, by my ek, sei de koetsier. Menhear sei: ik sil minent der út smite. Ik ek, sei de, sei de sjofeur, en hy die it, mar de sjofeur wie earst en smiet menhear oer de flier. Want doe wiene se by inoar yn bêd gong, dat wisten se net.
DJ: jawis, jawis
FK: wiene beiden gelyk hin.
(allen lachen. Daarna stilte.)

Nijega

Der wie in boer, dy hie ien koe. Mar hy hie gjin hea mear foar it dier.
Mar hy wenne yn in âld hûs mei in reiden tek. En dêr groeide safolle gers op, dat hy sei tsjin syn maet Jan: "Witste hwat wy dogge? Wy takelje dy koe op it dak, dan litte wy him dêr weidzje." Dat sy oan 't takeljen.
Mar it beest krige it krap en joech rare lûden ûnder 't takeljen.
Doe sei de ûnderste dy't him by de sturt beet hie: "Trek aan Jan, hy groent naar de graasjes."
(yn Grinslân forteld.)

Nijega

Marten de Boer to Wergea fortelde my us _ 1914: Der wie in boer, dy hie in poep yn 't wurk.
Dy poep soe in stik lân foar him ôfmeane en dêr soe dy poep in bedrach oan jild foar barre. De oare deis komt er by de boer en seit: "Ik heb it stuk land omsniden, boer."
De boer bitelle him.
Mar doe't er nei 't lân ta gong to sjen, hwat hie de poep doe dien? Hy hie allinne mar de kanten meand.
Doe krige de boer yn 'e gaten dat de poep him foar 't lapke hawn hie.

Nijega
Foarboaden fan'e dea: a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade. b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief. c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea. d. As der ûle ropt. e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen. f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...

Bigraffenis - boereplicht.
Yn Nyegea 4 buorrens: De Tike, de Westerein, de Hegewei en de buorren. Der wie in reglemint. Op 'e dei fan 'e bigraffenis kamen de dragers fóár de biïerdiging yn 't hûs njonken 't sterfhûs by elkoar, dat it tichtst by 't tsjerkhôf stie. Nei de bigraffenis kamen se yn 't hûs njonken 't sterfhûs dat it fierst fan 't tsjerkhôf ôf lei. Dus net yn 't sterfhûs sels. Dêr krigen se elk in hiele koeke (lyts model) en kofje. Wie der in man stoarn, dan seinen 2 manlju it om. Wie der in frou stoarn, dan seinen 2 froulju it om. It wienen de neiste buorlju dy 't dat dienen. Dy dienen it biklaeijen ek. It biklaeijen wie altyd in frou by. Nei 't biklaeijen krigen se in slokje. Twa fan 'e allerneiste buorlju gyngen nei 't gemeentehûs om de forstoarne útskriuwe to litten. Sy gongen ek nei de famylje fan de forstoarne. Allinne yn 'e buorren waerd rounsein. Yn guon gefallen gongen se wolris fierder. It waerd rounsein troch twa manlju as der in man stoarn wie, troch twa froulju, as der in frou stoarn wie. De skûteldoek, dêr 't it lyk mei wosken wie, kaem yn 'e kiste. Ek de hierkaem, it skearmes, de nuddel, ensfh. Strie kaem yn 'e lingte yn 'e kiste to lizzen. 't Lyk leinen se earst op strie yn 't bêdsté, neidat men it bêd der ôfnomd hie. Dit strie waerd letter opbrând. Hie men hwat noadich by de bigraffenis, dan liende men dat tsjin in lytse bileanning. Liende men in kofjemonne, dan waerd dy werom brocht mei kofje yn 't laedtsje. De kanarje waerd út 'e sterfkeamer brocht, der kaem in swarte doek oer de spegel, de klok waerd (net by alle minsken) stil set. De blommen kamen út 'e finsterbanken wei en de blinen dienen se ticht.

Nijega