Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
314 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Nijega

As der yn Nyegea in master kaem of fuortgyng, krigen de bern in lange griffel en in stik koeke.

Nijega

Wie 't ien fan 'e bern syn jierdei, dan krige er soms in koeke op 'e earm boun mei in wyt lint. De earm waerd soms oan 'e stoel fêstboun, dan koe de jonge der net fan bite.

Nijega

Trouden der guon yn Nyegea, dan stapte it breidspear nei Drachten. It folk, dat hwat mear wie, ried der hinne. De breugeman krige in breugemanspipe. Dy waerd kocht, mar net troch de faem of de feint sels. De famylje die dat of in goe freon. It wie it gebrûk sa'n bytsje yn Nyegea. Men koe de breugemanspipe kant en klear keapje, mar de forsieringen koe men der ek los by krije. It wienen dan froulju, dy 't sa 'n pipe forsierden. Yn it pantsje kaem in krânske to lizzen, dêr 't it kopke yn paste. Oan it ear fan it kopke kaam in tûkje. De twa kopkes fan breugeman en breid waerden mei elkear forboun troch in koarde, dy 't oan 'e earen fêstmakke wie. De breugemanspipe waerd letter faek ophong yn in kistke mei glês der foar. De breid waerd ta Nyegea foarhinne oer de drompel tild.
(Dit hearde ik ek by de âld koster Dupon. A.A.J.)

Nijega
Meidielings fan widdou Kobus, Nyegea: ± 1860 song myn pake, as er in bêst sin hie: Vaarwel, bruintje schoon, ter vreugde van ons leven.

Earnewâld hyt ek wol Luzegea. Dêr feagden se in kear de toer ôf nei de biezem. Doe frege de Earnewâldsters of de toer luzen hie, omt hja nei de biezem sels altyd de luzen offagen.

Nijega

De Akkrumers binne tsiisfordounsers.
De Nyegeasters binne lammesturtsjes.

Nijega

Der wie in dief, dy sieten se achternei.
Hy roan troch in doarp, dêr rôpen se: "Gryp 'm, gryp 'm!"
Sa krige dat doarp de namme fan Geryp. Doe kom dy dief yn oar plak. Se hellen him al moai yn.
"Wy ha him samar, samar!" rôpen se.
Sa krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe kom dy dief wer op in oar plak. Der krigen se him topakken.
"Burch'm! Burch'm!" rôpen de minsken. Sa krige dat doarp de namme fan Burgum.

Nijega

Der wienen twa reuzen yn Fryslân, dy hâldden in weddenskip. Sy soenen elk in gracht grave. Hwa't it earst op 'e ein wêze soe, dy krige de priis. Earst skepten se mei gewoane skeppen, mar dat avensearde net genôch. Op 't lêst hienen se hiele greate skeppen. Hwat de iene reus to dwaen hie, dy krige in praem en dêr bigoun er mei to skeppen. Doe de oare ek. Doe 't de iene oan 'e ein ta wie seach er achterom.
"Aaa - krom!" rôp er.
Hy hie net rjochút groeven, mar it wie skeef gong. Guon hearden dat. Doe krige it plak, dat dêr lei, de namme fan Akkrom.

Nijega
't Gebeurde ek us dat Bonifacius mei syn folk yn Dokkum kom, doe hienen se sa'n honger. Mar doe 't Bonefacius by de bakker kom om brea, woe dy him gjin jaen. Hy hie gjin brea, sei er. Doe frege Bonifacius him: "Hwat he jo dan yn 'e oven?" Hwant hy rûkte it brea. Doe sei de bakker: "Stiennen." Doe 't de bakker letter it brea út de oven krije soe, wienen it...

Der wie in faem, dy tsjinne by in hear en in frou. Se wienen tige wiis mei har omt it sa'n earlike, trouwe faem wie.
Op in kear sei dy faem: "Ik woe sa graech in eigen keammerke ha, dat ik op slot dwaen kin en dêr 't ik myn eigen spullen yn opbergje kin. Sûnder dat in oar dêr by komme kin."
Dat woarde har tastien. Se krige in eigen keammerke. Op in kear wienen de hear en de frou fuort. De faem bleau allinne thús. Sy moest op 't hûs passe. Doe kom der in bidler by de doar. In âld mantsje. Hy frege oft er ek ûnderdak krije koe foar de nacht.
De faem sei: "Dan mat dat mar wêze. Dan komme jo yn mijn keammerke. Mar ik doch de doar fan it keammerke op slot."
De bidler sei: "Ik bin in âld man. Men wit noait, hwat der ris gebeure kin. As ik der fannacht ris ûnforwacht ôf kom ta reitsjen, dan is de jas, dy 't oer de stoel hinget, foar jo. Jo matte him mar goed neisjen."
De oare deis wie de bidler dea. De faem hie de jas urven. Doe 't se him neiseach, sieten der allegear trijehoekjes op fan stof en ûnder elk tryehoekje siet jild. Yn 'e bûse fan 'e jas siet in brief. Dêr stie yn to lêzen, dat de jas woarde tamakke oan deselde yn hwaens keamer hy de lêste nacht fan syn libben ûnderdak krije soe. Sadwaende wie al it jild foar de faem.

Nijega

Der wie in man, dy hie in apelbeam achter hûs stean. Mar dy apelbeam bleau altyd like sutrich. Hy woe beslist net groeije. De man gong hinne en graefde der omhinne. Doe stjitte hy mei de lodde op hwat. Hy sjen. Doe wie dat in potsje mei in lid der op. Dat potsje siet stiiffol jild. Op it lid stie hwat to lêzen, mar dat koe er net lêze. Dat koe him ek neat skele, it jild wie foar him bilangriker. Op in kear doe lei dat lid by him op'e tafel. Doe kom der in man by him, dy seach dat lid dêr lizzen.
Hy krige it yn 'e hannen en sei: "Hea, hwat is dat in nuver opskrift. Dêr stiet op: 'Under dizze pot is nôch in pot, dy helte groter is dan deze pot.'"
De apelbeam wie nei 't hy der omhinne groeven hie al in bytsje útein set, mar hy tierde noch net. Doe de man wer oan 't graven. En it kom krekt sa út as op it lid ta lêzen stie. Hy foun in pot mei jild noch helte greater as de earste.
Nou wie dy man ryk. Doe 't er dy pot út 'e groun hie, bigoun it beamke to groeijen. Dit wol sefolle sizze as dat jild gjin fleur bringt.

Nijega
Nachtmerjes farre yn in tobbe oer de mar. Twa skrinkelbonken binne har rimen.

Hwat ik nou fortel gebeurde de kant út fan Earnewâld. It sil sa 'n tachtich jier lyn wêze. Myn heit (Megiel) en noch ien wienen yn in pream. Sy moesten it ien of oar ophelje. Of it nou stien wie of turf fan Beets, dat wyt ik net. 't Wie yn 'e nacht, en sy farden yn 't goede farwetter. Sy koenen it paed goed. Doe gebeurde it dat se samar yn hiele lytse nauwe sleatsjes en yn slinken rekken en wylst se dêr yn wienen mienden se hyltyd noch dat se 't goeije paed hienen. Sy farden rjocht op 'n arkje yn, dat sinkende wie. Sy wienen krekt op'e tiid. Sy ha dy minsken dêr ret. Sy leinen op bêd en wienen sûnder heit en dy fêst fordronken. De oare deis by ljocht seagen heit en dy dat it ûnmooglik west hie om dêr to kommen. Hwat wûnder hie har dêr brocht? hat heit him letter faek ôffrege. Wienen sa dêrhinne tild?

Nijega

Der wie in man, dy hie jild fan 'e duvel. Dêr moest er syn siele foar ôfstean. Doe 't dat tiid wie kom de duvel om dy to heljen.
Doe sy de man: "Wolle jo sa lang wachtsje oant ik myn hoasbannen fêst doch?"
Ja, salang woe er wol wachtsje.
"Dan kinne jo lang wachtsje", sei de man, "hwant fan nou oan draech ik noait wer hoasbannen."

Nijega

Wy ha hjir jierrenlang de needslachting hawn. As der hwat slachte wurde moest wienen dat faek ûnforwachte needgefallen. Hwat binne wy faek even fan toforen kloppe woarn. Mar dan wie der noch neat. Even letter wie de man der sels dy 't kloppe. 't Gebeurd wol yn 'e nacht, mar ek wol us oerdei. Soms wie 't it tikjen fan in stok op it glês. Dan hie sa 'n ien even letter ek echt in stok by him, dêr 't er mei op 't glês tikke. 't Wienen altyd needgefallen. Soms wie der ek wol us in tiid fan fjirtsjin dagen tusken, mar it kom altyd nei.

Nijega

Der is my us forteld, der wenne ergens in jonge dy weide de skiep. In herdersjonge. De namme fan it plats is my ûntsketten, mar dat komt my wol us wer yn 't sin. Dy herdersjonge makke us in tjerske yn 't lyts, dy wie seldsume moai. Hy wie der sa wiis mei, dat hy liet him oan net ien sjen. Mar doe kom der in man by him dy ûntfytmanne him dat prachtige ding en dy sei tsjin 'e minsken dat hij dy tsjerke makke hie. De jonge hâldde fol dat it sa net wie, dat hy de makker wie. Mar de minsken fan dat plak leauden him net. Sy gongen boppe oer syn wurden hinne. De man waerd leaud. Doe sei de jonge: "Dêr sille jim foar straft wurde."
Sa is it ek kom. De iene ramp nei de oare kom oer dat plak. It plak bistiet noch wol, mar hyltyd is der hwat.

Nijega

Der wienen in man en in frou, dy wienen mei elkoar troud. Mar de frou gong mei oare manlju. En de man reizge wol nei oare froulju ta. Mar doe akkoarten se, dat soe dien wêze. Sy joegen elkoar de hân der op.
"Hoe faek hastû mei in oare frou út west?" frege se.
"In kear of fiif. En dû?"
Sy sei: "Ik ha elke kear in griene eart yn 't trompke dien as ik mei in oare man út wie."
Der leinen mar in pear earten yn 't trompke.
Hy sei: "Dat falt my ta, gelokkich."
Mar doe sei se: "Ja, mar wy ha der ek al in kear fan iten yn 'e hongerwinter."

Nijega

De kâlde winter
Ergens wennen twa minsken. De frou fan dy beiden wie hwat ienfâldich. Sy hienen in baerch slachte, mar de man woe ha, sy soenen fuort net oan 't spek komme. Sy soenen earst it ôffal mar opite.
"Hwerom ite wy net fan 't spek?" frege 't minske.
"Dat is foar de kâlde winter," sei de man.
Doe kom der us op in kear in skoaijer by de doar. Dy wie oan 't hânbûtsen.
Doe 't de frou iependie, sei er: "Hwat in kâlde winter, net?"
"O," sei 't minske, "binne jo de kâlde winter? Dan sil 'k jo gau it spek jaen."
Sy helle it spek tafoarskyn en de skoaijer nom it yn tank oan.

Nijega

Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen.
De oaren seinen: "Hoe is 't nou?"
"Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje."
"Hea," seinen de oaren, "wy ha neat sjoen."
"Né," sei se, "mar ik seach jim wol by de Cykwein opgean en der wer by delgean. En ik seach jim ek by de hynders lâns gan. Ik seach it hwat ta let, dêrtroch woarde it oan kant treaun. Soks komt my oars noait oer. Dy 't it net sjocht, dy hoeft net oan kant ta goan."

Nijega
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.