There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search
Yn 't West fan Bûtenpost wenne in frou, dy wie bitsjoend. Doe seagen se de kessens fan 'e bêdden fan har nei, doe kommen dêr in stik twa, trije krânsen út. Hja makken alles ticht yn 'e hûs. Doe binne se hinnegien, se ha dy krânsen yn in bakje lein. Dat bakje ha se hielendal ticht makke.
Doe ha se dat bakje yn 'e kachel smiten en opbarnd.
It minske har man hiet fan Zondag.
Har skoanheit sei tsjin har man: "Nou mastû it gewear krije en dû mast sjitte op al hwat op it hiem komt."
De soan gong yn in hok sitten mei 't gewear en loerde nei hwat der komme soe.
Der kom in greate, grouwe kat oan en dy skeat er presys yn 'e kop.
Tichteby stie in boereplaets, dêr tsjinne in faem. Dat wie de tsjoenster. Dy faem wie de oare deis alhielendal forropt om 'e kop.
De boer sei tsjin har: "Hwat ha wy mei dy?"
Hja woe 't him net fortelle fansels.
Mar Zondag - de man dy't de kat rekke hie, sei: "Nou wit ik hwa't myn wiif bitsjoend hat."
Myn broer hat ûnder tsjinst west yn Brabân, û.m. yn Vught. As dêr by nacht in swarte kat by de wei siet, doarsten se dêr net nei to skoppen, hwant dan kommen der mear. Dan nommen se wraek.
Yn Jobbegea stie in doomny, dy hiet fan Mol. Dy wie ris in kear op in forgadering, dêr wienen in hiel soad minsken. De sael wie groatfol.
Ien fan 'e bitsjinsters kom op him ta, doe't hy der yn kom.
"Kan mijnheer er door?" frege se.
"O heden ja," sei doomny, "een mol kan door een klein gaatje."
By myn buorman stie in beam, dy trille en skodde nou en dan alhiel, sawol de stamme as de bledden en tûken. En dat gebeurde by blêdstil waer. 't Is hjir yn Drachten gebeurd.
Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei.
Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol thé. Dan rêste wy even út."
Hja kommen by de muoike, mar dy sei: "Jimme binne to let foar de thé en to bitiid foar de kofje. Mar ik haw noch wol hwat ûnder 'e koark." Doe krigen se elk twa kognakjes.
Dêrnei stapten se wer op 'e fyts. Doe't doomny op 'e preekstoel stie rôllen him de wurden suver ta de mûle út.
Doe't hja werom op 'e fyts soenen frege er de âlderling:
"Hoe is 't gong mei 't preekjen?"
"Bêst," sei de âlderling, "mar jo matte hjirom tinke, as jo de preek dien ha matte jo sizze fan 'amen'."
"Sei ik dat dan net?" frege de doomny.
"Né," sei de âlderling, "jo seinen: - proost -"
Us beppe dy't yn 'e Harkema wenne gong jouns altyd itselde paedtsje del om molke to heljen.
Op in joun gong se dêr wer lâns. Mar doe woarde se ynienen samar fan 't paedtsje ôfset. En sy seach neat. In skoftsje letter gong se wer it paedtsje del. Mar doe woarde se nochris wer oan kant set, sûnder dat se hwat seach. Foar de trêdde kear gong se oer 't paedtsje. Mar doe woarde se der ôfsmiten. 't Ammerke stoude in ein fuort. Doe tocht se: "Nou gean 'k der net wer lâns." Hja hie wol yn 'e gaten dat der in lykstaesje passearde. Mar sy hat him noait sjoen. 't Gebeurde op 'e Bulten.
Froeger hienen jy minsken, dy wienen mei de helm geboaren. Sa wie der ek in plysje yn 'e Koaten, dy hiet fan Ruerd Houtvester. Dy moest alles sjen.
Heit wie arbeider by de boer. Dy boer hâldde bijen. Op in kear moest heit foar dy boer mei de bijen nei Súdfelde ta yn Drinte. De plysje (Ruerd Houtvester) gong mei. Doe't se al in eintsje yn Drinte op wienen sei de plysje tsjin heit: "Gean even oan kant, Sibe, dêr komt in bigraffenis oan."
Heit gong oan kant, mar hy seach neat.
Even letter sei de plysje: "Gean nou mar wer fierder. Dêr wie in lykstaesje, dêr roannen 24 minsken achter oan."
To Hurdegaryp stiet in villa dêr is in singel by. By de wei is in izeren hek. Dat kinne se wol ticht dwaen, it giet altyd fansels wer iepen. Dêr kuijeren altyd in hear en in jiffer yn dy singel om. Dy spûken dêr. As jy goeijenavend seinen, seinen se neat werom.
