Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Ergens wenne in doomny dy wie nochal hwat opskepperich. Op in kear, doe wie 't op in ringforgadering, dat er sei tsjin syn kollega's: Nou sil ik de oare kear sa preekje, dat de iene helte fan it folk laket en tagelyk de oare helte gûlt. Dat woenen dy oare doomny's net leauwe. Dat bistie net, seinen se. Dat wie opskepperij. Sy stjûrden guon nei dy preek...
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie.
Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út.
De fisker krige byt en helle op.
Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong.
En hy sei:
"Hoe langer, hoe gekker,
dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
Jo moesten sneins ek noait neilknippe, hwant dan moesten jo yn 't hjirneimels dy stikjes neil wer opsykje. Mem woe net heal lije dat wy dat op snein dienen.
Drachten
Doomny fan Es fan Boarnburgum hâldde der einen op nei. Dêr waerden him guon fan ûntstellen. Doe sei er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel:
"Burgers en boeren van Boornbergum,
ik zeg niet dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Der wie ris in doomny dy hâldde der in nuvere gewoante op nei. Hy sloech ûnder 't preekjen altyd mei de fûsten op 'e bibel. De jongerein siet altyd op 'e foarste bank. Dy tochten: "Dêr sille wy ris in grap mei ha." Doe nommen se in doaske punaises mei en dy stutsen se troch in blêd fan 'e kânselbibel hinne, sa dat de punten der bovenút stutsen. Doe't er...
Der wienen twa collega's predikanten. De iene hiet fan Barabbas. De oare syn namme wit ik sa net mear. Dy twa doomnys wennen yn itselde plak. Mar it harmoniearde net tusken dy beide hearen. De iene mocht de oare, om samar to sizzen, net sjen. De iene tocht: ik mat sjen dat ik hjir wei kom. Op in snein hâldde de iene syn preek de moarns, en de oare de...
't Wie yn 'e oarloch en in krappe tiid. Ergens stie in dûmny to preekjen. Mar de man hie in spraekgebrek. Ynpleats fan "Vrede, vrede, maar er is geen vrede", sei er: "Vrete, vrete, maar er is geen vrete."
Yn Droegeham lei in stien oan 'e kant fan 'e dyk. 't Wie in hiele grouwe stien en der stie op to lêzen: Het zou jullie verwonderen als je mij eens zag van onderen. De feinten fan Droegeham gongen op in sneintomiddei meiïnoar ris nei dy stien ta om him om to wippen. Se woenen ris witte hwat dêr ûnder wie. Mei great lijen krigen se de stien op it lêst mei...
Drachten
De doomny fan Boornburgum hie einen, mar der woarden him altomets guon ûntstellen, dat op it lêst hâldde er mar in pear oer. Doe gong er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel stean en sei:
"Mensen uit Boornbergum en Kortehemmen,
ik zeg niet dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn eendjes kwijt."
Drachten
To Boarnburgum hat in doomny stien, dy hâldde der einen op nei. Mar dy einen waerden him de iene nei de oare ûntstellen. Hy hie yn 'e rekken hwa 't it dien hie.
Op in snein-to-moarn doe't er op 'e preekstoel stie, sei er:
"Gij mensen van Boornbergum, die gij zijt,
ik zeg niet, dat gij dieven zijt,
maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Der wie in doomny, dy naem in jonge yn tsjinst foar túnwurk en oare karweikes. Hy sei tsjin dy jonge: "Hoe hystû?" Doe sei dy jonge: "Dat doar ik net to sizzen." Mar de doomny sei: "Ik mat dochs dyn namme witte!" De jonge woe 't earst net sizze, mar op 't lêst sei er: "Yn fredes namme dan mar. Ik hyt: Vier vingers in 't gat." De frou fan 'e doomny frege...
Ergens wenne in doomny, dy stie op in kear to preekjen op 'e stoel. It wie in preekstoel op in poat en it jongfolk hie dy stoel trochsage, tominsten omtrint trochsage. Wylst de doomny oan 't preekjen wie sei er - hwant dat paste sa yn 'e preek: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk." Doe't er dat sein hie joech de stoel bilies. Hy foel yn twaën en de doomny...
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen. Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er: Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen, ik zeg niet, dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn...
Doomny Ekkeboom wenne yn 'e Wylgen. Mar hy bipreke ek Boarnburgum en Koartehimmen. 't Wie in krappe, earmoedige tiid en de minsken ûntstielen him faek de hinnen. Op in snein-to-moarn moest er preekje yn Boarnburgum. Doe't er op 'e preekstoel kom, sei er: "Gemeente, ik zal niet zeggen, dat ge allen dieven zijt, maar ik raak daarom al mijn kippen kwijt."...
Sibe de Jong siet us to Kollum yn 'e tsjerke. De preek forfeelde him en hy seach sa nou en dan us op 't horloazje, om to witen hie let it wie. Dat krige doomny yn 'e gaten en hy spriek fan 'e kânsel ôf:
"Het gaat niet om de tijd,
maar om de eeuwigheid!"
Der wie us in doomny, dy hie in baerch slachte. Njonken 'e pasterije stie in arbeiderswente, dêr koenen se bêst in stik spek brûke. Dy minsken hienen in jonge, dy wie in bytsje ûnnoazel. De heit sei tsjin him: "Sille wy fannacht dy baerch slachtsje?" Dêr wie dy jonge wol foar to finen, dat dy nachts snapten sy dûmny syn baerch. Doe koenen se dan de oare...
Ien dy't op in snein geboaren is, kin knoffelbannen lizze.
Yn Boarnburgum stie in doomny. Ik wyt net krekt mear hwat syn namme wie, ik leau fan de Haas.
Sy ûntstielen him syn einen en doe sei er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel:
"Inwoners van Boornbergum en Kortehemmen,
ik zal niet zeggen, dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn eendjes kwijt."
Ik ha faek heard dat se seinen: dy't op snein naeit en docht dat guod op syn stjerbêd oan, dy kin net stjerre.
Drachten
