Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
45 datasets found
Dutch Keywords: zien Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Drachten
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
Der wienen in boer en in boerinne, dy hienen in feint en in faem. As de boer en de frou fuort wienen dienen de feint en de faem har togoed oan allerhande lekker iten en drinken. Dan bigoun de faem to itensieden en sy lieten it har togearre goed smeitsje. De boer krige argwaen fan dy smulpartijen en op in kear bearde er dat hy en de frou der wer togearre...
Op in kear seach ik hjir ta 't finster út. Doe seach ik in great wetter, skean troch de finne hinne. Dêr farde in skip oer lâns. Séfûgels fleagen dêr boppe. Yn it skip wienen núnders, dy pipen der oer. Dy beesten wienen noch levend. - Dat mat allegear noch neikomme (as it neikomt)
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
In pear jonges soenen op in snein-to-moarn nei tsjerke ta. Mar sy gongen earst op roof út en doe pakten se in ein. Dêr setten se mei nei tsjerke ta. De iene jonge hie de ein ûnder 'e jas. Doomny sei: "Ik zie hem." Donders, tochten de jonges, hy sjocht de ein. Even letter sei de doomny alris wer: "Ik zie hem." De jonges bigounen to switten. Hoe kin dat,...
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
Doomny rint oer de dyk en docht in skeet. "Hè-hè," seit er, "dat is ek in forlichting." In eintsje fierder gebeurt wer itselde. Wèr in skeet. "Hè-hè, dat is in forlichting", seit er. Wer in eintsje fierder lit er foar de trêdde kear in wyn gean. En dan seit er nochris: "Hè-hè, dat is in forlichting." Dan sjocht er tafallich achterom. Dan is der in âld...
Blauburd wie in ridder dy't wenne op in great kasteel. Hja neamden him Blauburd omdat er sa'n dik blau burd hie. 't Wie in tige wrede keardel. Hy hie al forskeidene froulju hawn en dy waerden altiten samar wei. Doe krige er op in kear wer in frou, dy hie in pear bruorren en ek in suster: Anna. De brulloft waerd tige luisterrijk fierd yn 't prachtige...
Der leefden ergens minsken, dy wienen o sa rûch. Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen. "Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast." De jonge docht it. Doomny komt deryn. "Lêze jo?" freget er. "Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze." "Mar jo ha...
Twa gekken sieten yn in keamer. Hja hienen yn gjin tiden rookt. Doe kaem dêr ien dy naem in pakje sigaretten foar har mei. Doe bigounen dy gekken to roken. Se rookten as ridders, jy koenen de reek snije. Doe die de iene de saklantearne oan en sei tsjin 'e oare: "Doarstû wol yn 'e ljochtstrael op to klimmen?" De oare sei: "Net heal, hwant dan dochstû gau...
In boer en boerinne hienen in faem, dy hâldde tige fan lekker iten en drinken. As se it lappe koe dan slynde se it iene of oare en iet dat tomûk op. Mar sy moest goed oppasse, hwant se hienen dêr in papegaei en dy fortelde altyd alles hwat er seach. Dat de faem moest der altyd foar soargje dat dat bist net fornaem hwat se die. Op in kear wie de frou...
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
Oan 'e feart fan Bakkefean nei Sigerswâld, dêr't in pomp ûnder 'e feart is, dêr doogde it net. Heit en dy farden dêr ris lâns, de kant nei Sigerswâld út. Doe seagen se op 'e wâl in dier rinnen, 't like op in greate swarte houn. Dat koenen se net goed sjen, hwant it wie skimerich. Dy houn bleau by 't skip lâns rinnen, oan Sigerswâld ta. Heit biwearde, dat...
Alde Bearn van der Woude sei op in kear yn 't foarige: "Ik koe fannacht net sliepe. (Hy wenne doe op Driemunt). Der komt fêst hwat. 't Wienen allegear ljochten en in leven dat der wie - der komt fêst hwat." Nou is de greate Rykswei 43 der troch. Flak njonken it plak, dêr't hy mei syn woanwein stie. Der binne ek forskeidene dy't de tram fan tofoaren riden...
Der wie in boer, dy syn frou krige wol gauris bisite fan 'e pastoar. De boer krige yn 'e gaten, dat it om syn wiif-sels to rêdden wie. Hy hie in lytsfeint, dat wie Jan. Hy sei tsjin Jan: "Jan, gean dû yn dy en dy beam dêr sitten. En dan mast goed sjen hwat der gebeurt, dan krigest in pear nije klompen fan my, ast my dat fortelst." "Goed boer", sei Jan. De...
Biesterveld (fan 'e Drachtster Dwarsfeart) en syn kammeraet wienen togearre yn 't fjild. 't Wie let yn 'e joun. Doe sei syn maet: "Dêr komt ek hwat oan." "Rint it of sweeft it?" frege Biesterveld. "It sweeft", sei syn maet. "Set dan sok", sei Biesterveld. En dêr roannen se hinne, sa hurd as se koenen.
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
Ergens yn Drinte lei in allemachtich greate stien. Dêr stienen de minsken faek by. Doe sei us ien fan dy minsken: "Hea, sjoch, dêr stiet hwat op to lêzen. Dat koe wol in spreuk wêze. Mar it wie sa ûndúdlik, dat net ien dy't it lêze koe. Doe ha twa man die stien dêr mei in amerfol wetter skjinmakke. Doe koenen se it lêze. Der stie op: Onder deze steen daar...
De ingel stie mei uitgetrokken zwaard foar Bileam. De ezel seach dy ingel wol, mar Bileam seach it net. En doe sloech Bileam de ezel om him foarút to krijen. Doe gong de ezel hinne en bigoun to praten. Hy sei tsjin Bileam: "Waarom slaat ge mij? Heb ik u niet trouw gediend?" En fan lulkens biet er yn 't reid. As jy nou de reiden bisjogge, dan stean dêr...