Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
7 datasets found
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Rottevalle
Op in kear kommen der twa jonge bazen by Hinse, mei it wetter fan twa sike minsken. Dat seinen se tominsten, mar it iene fleske mei wetter wie dat fan in hynder. Hinse biseach it goed en doe pakte er de medesinen yn. "De iene pasjint mat dit ha," sei er, "en de oare dat." Doe't de beide jonge bazen it spul ûnderweis útpakten, siet yn 't iene pakje in...
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
De tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje. Krige sa'n kat in optuter, dan lei de tsjoenster de oare deis siik op bêd. De krâns yn 't holkessen woarde opbrând as der ien bitsjoend wie. Se gongen foar 't slachtoffer nei de duvelbander ta om ried. Dat wie âlde Hinse: Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean.
Wol men wite of in bern bitsjoend is, dan moat men spjelden yn wetter siede. Wurde dy spjelden read, dan is it bern bitsjoend.
Der wie ris in doomny dy gong ris op in kear mei syn frou nei in sike man ta. Dat wie in tige rûch man, dy flokte dat it hwat die en de doomny moest him sa nou en dan biskrobje. Op 'e weromreis praetten doomny en mefrou dêr drok oer. It wie in iensume wei mei bosk oan 'e kanten dêr't se lâns moesten. Doe sei doomny tsjin syn frou: "Wolst hjir even...
Faek kamen der by de tsjoenster minsken mei kleantsjes fan har bern. Dy bern wienen dan siik en dat kaem, trochdat hja bitsjoend wienen. Dan krigen hja de rie, wetter oan de soad to bringen en dêr spjelden en nuddels yn to dwaen.
To Rottefalle barde it ek wol dat in bern bitsjoend wie. Dat foel dan op as sa 'n bern ûnhjirmlik bigoun to gûlen. Men snie dan it holkjessen iepen, en, ja man, dan siet der in krânse yn.