Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy hienen se fan 'e duvel. As jy dy útjoegen krigen jy him wer. Sa'n wikseldaelder rekken jy noait kwyt. Jy krigen dus ek noait forlet fan jild, jy wienen altyd ûnderdak. Sokke frijmitselders koenen jy der altyd út. Alle jierren wienen se oan 't timmerjen oan 't hûs. Sy makken noait hwat dien. Om 'e sawn jier moest...
Twijzelerheide
Ien fan 'e sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. Foar in nachtmerje sette men de toffels achterstofoar foar 't bêdsket. Men struide moal op 't gesicht.
Frijmitselers wienen forkocht oan 'e duvel.
Alde Katrinus Ritskes wie in frijmitseler. Om 'e 7 jier moatte se ien dea meitsje. Hja kinne der noait wer by wei, hja binne foargoed yn 'e macht fan 'e duvel.
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
Se setten de toffels achterstofoar foar 't bêd om der gjin lêst fan to hawwen. Ek struiden se wol moal op 't gesicht op 't bêd.
Wienen der ergens 7 dochters, dan wie ien dêrfan in nachtmerje.
Twijzelerheide
Fan ien fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje.
Nachtmerjes flechtsje hynders flechtsjes yn 'e moanjes.
Mem sei wolris, in nachtmerje wie sa'n leaf, lyts mantsje.
Ik ha wolris heard dat se oer it wetter farren komme en dan tige moai sjonge, en dat se troch it kaeisgat yn 'e hûs komme.
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea. Der hat my us in tsjoenster topakken hawn. Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort...
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen." "Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
Twijzelerheide
