Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden.
Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest.
Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster.
Ik sei: O heden, der is hwat thús.
Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
Harkema
Beppe hie in winkeltsje yn 'e Smoarhoeke fan 'e Harkema. Dêr kom altyd in koopman by har, dy joech har noait de hiele hân by 't bigroetsjen, mar altyd twa fingers. Dat wie in frijmitseler. 't Wie in koopman út Grins. In frijmitseler kin noait wer by syn binde wei. Docht er it al, dan meitsje se him dea. Om 'e sawn jier mat der in frijmitseler stjerre. It...
Ik wenne by de boer, dêr gong ik alle dagen mei de bus hinne. Ik hie dêr tichteby in tante wenjen, dêr gong ik wyks ek altyd in pear kearen hinne, hwant dat wie in rike erftante. Op in kear sei se tsjin my, se woe graech in kat fan ús ha. Ik die de kat yn in kartonnen doaze fan Plantenga's jenever en sette dy yn 't rakje fan 'e bus. Tsjin my oer siet...
Yn in skoalle yn Ruslân moesten de bern in opstel meitsje. Doe siet dêr in jonkje, dat makke in opstel oer de poes. Dy hie sawn jonge poeskes krige. Dy wienen allegear kommunist. Meester wie dêr tige mei op 't skik. In dei of hwat letter kaem dêr skoalbisite. Meester tocht: ik mat dy hearen ris hwat hearre litte. Hy sei tsjin 't jonkje: "Fortel dû ris fan...
Harkema
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein.
In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al. Hy hat faek by my west. Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is. Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat.
Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
Harkema
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten. Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre. Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju. Dy't ienkear...
Harkema
Teltsje fan de man dy't net lige woe. Ik wol net lige. Ik woe nei in eksternêst ta yn in hege beam. Ik hie twa dagen oan 't klimmen west, doe kom ik foar in hôfdounêst. Der haw ik hwat ierpels opbret en dêr haw ik de nachts yn slept. De oare moarns, doe't ik wekker woarde, moest ik wer hegerop, om by 't eksternêst to kommen. Ik moest noch oardel dei...
Ien fan Roel Bakkers jonges, Peters, hat forkearing hawn mei Harmke fan Knjillis Hut. Mar doe ha se Peters forteld, dat Harmke wie ien fan sawn dochters (letter binne der noch trije by kom), doe hat Peters de forkearing útmakke. Hy woe 't net riskeare om mei in nachtmerje to trouwen.
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
Teltsje fan 'e man dy't net lige woe. Ik wol net lige. Ik woe nei in eksternêst ta yn in hege beam. Twa dagen hie ik klommen, doe kom ik foar in hôfdounêst. Dêr haw ik earst hwat jirpels yn opbret, en dêr haw ik dy nachts yn slept. De oare moarns, doe't ik wekker woarde, moest ik wer hegerop, om by 't eksternêst to kommen. Ik moest noch oardel dei klimme....
