Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
14 datasets found
Dutch Keywords: zeven Organizations: Meertens Institute Place of Narration: De Westereen
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
Nachtmerries kwamen veel voor; ik heb ze ook meegemaakt. Als er een gezin was met zeven dochters, dan was een van de meisjes een nachtmerrie. Wanneer je nuop bed lag, dan kon zo’n nachtmerrie komen en die ging de keel dicht knijpen. Je kreeg gewoon geen lucht meer. En het werkelijk leek, alsof er een vrouwmens aan kwam. Er was een middel, om van de...
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Se koenen de nachtmerjes meastal wol oankommen hearre. Se kommen ek wol by de hynders. De moanjes woarden dan flechten yn draeid.
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. 't Is de âldste of de jongste. Nachtmerjes komme nachts by de minsken. Se knipe de minsken de hals ticht. Us heit gyng altyd achterstefoar op bêd. Dat die er om 'e nachtmerje. De minsken hâldden nachts de kaei oan 'e binnenkant yn 't slot. Dat dienen se om 'e nachtmerjes en de tsjoensters to kearen.
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster in bern deatsjoene.
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. In nachtmerje kin oeral troch. In nachtmerje komt by de minsken by 't bêd. De minsken gongen wol hinne en struiden griene earten oer de flier. Dan stroffele de nachtmerje en foel oer de griene earten en dan woarde de slieper dêr wekker fan.
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Minsken dogge wol de toffels omkeard foar 't bêd, dan pleaget de nachtmerje har net. Se flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
Er was een koopman die ging met zeven, zeven naar de markt. Hij verkocht er zeven, zeven en hij hield er zeven, zeven over. Hoe kan dat. (hij verkocht zeven)
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje. Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje. Sa'n nachtmerje giet faek nei ien fan 'e buorlju ta. Sy kin troch alle lytse gatsjes. Meastal giet se troch 't slotsgat. Men struit moal op 't gesicht om de nachtmerje to kearen. Duveldrek lizze se ûnder 'e drompel.
Men hat nachtmerjes en nachtrunen. In nachtmerje is in fanke of in frommes, in nachtrún is in jonge of in man. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtrún. Sy komme troch 't slotsgat by jin yn 'e hûs. Jitske Jehannes (Elzinga) syn heit dy wenne...
Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea. Yn Bûtenpost wenne dokter Dijkhuis. Dat wie ek in frijmitselder. Op in kear soed er de lantearne bûten opstekke, mar doe krige de duvel him. Wylst er mei de lantearne oan 'e gong wie, rekke er dea.