Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
De frijmitselders binne allegear oan 'e duvel forkocht.
Om 'e sawn jier mat der ien fan harren dea. It lot bislist hwa't dat wêze sil. As jo jo as lid net oan 'e rigels hâlde, wurde jo deamakke.
De frijmitselders krije in wikseldaelder.
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e sawn jier ien dea. It lot wiist út hwa't oan 'e beurt is. Sa'n ien is in slachtoffer fan 'e kweade. Frijmitselers ha noait jildgebrek. De iene helpt de oare. Jouns hingje se de lege ponge oan 'e doar, de oare moarns is er fol goud. Sy ha ek in wikseldaelder. Dat is in ryksdaelder of in goune. Dat giet sjesa: Ik keapje...
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe.
Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich.
Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
Fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. As mem de nachtmerje krige, sei se, hja hearde de rokken wol ritseljen. Dan foel der hwat op har del.
Hwat rogge yn 'e klompen dwaen helpt, seinen se. Sy hongen ek wol flear foar 't bêd. (flearstokken)
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
Boelenslaan
Fan ien fan 'e sawn jonges, dêr't net in fanke tusken is, is ien in wearwolf of in duvelbanner.
Boelenslaan
Fan ien 'e sawn soannen is de âldste of jongste in wearwolf.
Fan ien fan 'e sawn dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje.
Frijmitselders binne kûgelfrij. Sy binne mei de duvel anneks. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder stjerre.
In nachtmerje, seit men wol, is ien fan sawn dochters, mar 't is ek wol us in ienlingsdochter. Sa'n ien hat my pleage. Ik koe har wol. Ik hearde har nachts oankommen. Sy roan op 'e teannen. Dan kom se nêst my en even letter siet se my op 'e hals. Hoe raer ik dan wie - ik koe neat sizze. Ik haw har forsward en doe hat se der noait wer west. Roggemoal...
Boelenslaan
