Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander.
Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle.
Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
De Westereen
Hie Willemke in bern bitsjoend dan gongen de lju altyd nei Wopke fan Kûkherne. Dan krigen se in drankje mei en dat dienen se dan yn 'e bûse. "Tink der om," sei Wopke, "as der dy aenst ien foarbykomt en dy fortinkst der fan dat hy (of sij) de tsjoenster is, dan mast dyselde foarbygean oan 'e oare kant as dêrst it drankje hast. Oars hat it syn kracht...
De Westereen
Wie de tsjerne bitsjoend, dan koenen se gjin bûter krije. Dat gebeurde froeger faek. Dan gongen se nei Wopke ta om ried.
De Westereen
Tsjoensters hienen je froeger oeral. Yn Kollumersweach wienen ek guon. Hja makken krânsen yn 'e bêdden dêr't de minsken op sliepten. Dy moesten der úthelle wurde, oars kom 't forkeard. Meastal wienen it lytse bern dy't bitsjoend woarden. Wie dat it gefal, dan gongen se faek nei Wopke fan Kûkherne. Dy moest de bern dan wer better meitsje. Meastal joech er...
De Westereen
Ik haw it oan 't wetterjen hawn. Ik hie sa'n pine, dat ik raesde it út. Al hwat ik fan dokter ynnaem, it joech gjin byt.
Doe haw ik nei Jistrum ta west, nei Joast, de wûnderdokter.
Dy sei: Sipels siede en fan it focht dêrfan trije kopkefollen deis opdrinke. Ik wie de pine samar kwyt.
Wyberen van der Meulen wie oannimmer. Dy hie in jonkje, dy hie dauwjirm. Dêr wie neat oan to dwaen. De dokter wist der gjin ried op. Doe gongen se nei Joast. Joast sei: "Liz der droege havermout op." Dat ha se dien en 't bern is genezen. Joast hie 't altyd by 't goede ein.
De Westereen
Wie der ien bitsjoend, dan woarde der drank helle fan in duvelbander. Sy gongen froeger nei 't Wytfean nei Jonge Jan en letter nei Kûkherne nei greate Wopke. It drankje moest weistoppe wurde foar de tsjoenster. Hie dy 't sjoen, dan wie 't neat mear wurdich. De duvelbanner warskôge, dat dy't him it earste tsjinkom, dat wie deselde dy't it drankje stikken...
De Westereen