Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
6 datasets found
Dutch Keywords: winter Place of Narration: Harkema
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear. "Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure." Mar ik leau net dat der oant diz...
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
Jan Hepkes harre by 't winter de seine. Dan wied er foar de simmer mar wer klear. By 't simmerdei makke hy de redens skerp. "Dan sil 'k fan 't winter de minsken us sjen litte, hoe't ik ride kin", sei er.
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
It gebeurde oan diz kant Ljouwert. Der ried in man op 'e fyts by 't wetter lâns. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearde de man in stim: De tijd is verschenen, de man is er niet. De man seach om him hinne, mar der wie neat to sjen. Doe kom der yn 'e fierte ien oanriden op redens. Dy man rekke dêr yn in wek en fordronk op it plak, dêr't dy stim...
't Wie de jouns om acht ûre yn 'e winter by Muntsjetille. Der lei iis oer 't Knjillisdjip. Doe hearden guon in stem dy't sei: "De tijd is gekomen, de man is er niet." Even letter kom der in man oan op redens. Se rôpen him ta: "Net fierder, net fierder!" Hwant fierderop wie in wek. Mar de man ried al fierder. Hy is yn 't wek riden en forsûpt.