Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search














Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Us mem warskôge ús altyd: "Tink der om, rin nachts noait midden op 'e reed lâns! Gean oan 'e kant."
Harkema
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne. Alde frou Wobbes (Janke Hollander) sei: Dy't jouns midden op 'e wei rint hat de kâns dat er foar by de lykwein op rint en der achter wer by del falt. Janke wie nachts altyd op 'e lappen. As wy fan in feestje werom kommen yn 't holst fan 'e nacht, siet hja altyd as in roungear protsje by de hage. 't Wie ús...
Oebele Wagenaar wie feint by Albert Land yn 'e Harkema. Letter wenne er op 't Wytfean en wie 't de greatste útdrager fan Fryslân. Oebele sei, doe't er noch by Albert Land wie: "Hjir komt in spoar- of tramlijn, hwant ik hear it alle nachten wol." Letter is de betonwei der kom, mei alle auto's en frachtauto's, in drok forkear. Mar gjin trein of tram. Dy...
Syn dochter hiet fan Rixt. Dy hat us in kear in swier aambeeld út 'e smederij wei tild nei de wei ta.
Jan Hepkes hie altyd in keats op 'e rêch as er fuort gong to meanen of to fiskjen. Hy sei: "Op in kear wie 'k op stap, doe stie dêr in âld stumper fan in minske oan 'e kant fan 'e wei. Hja krimmenearre stien en bien. Ik bleau stean. 'Hwat skeelt der oan?' sei 'k." "Ik ha hjir in murde earten", sei se. "Dy stean klear. De frachtrider moest se meinimme om...
Jan Hepkes siet in kear mei guon to praten. 't Praet gong oer moesplanten. Ien sei tsjin Jan: "Mast aenst us meikomme om myn moesplanten to sjen." "Oer moesplanten praet," sei Jan, "dêr kin 'k ek hwat fan sizze. Ik hie in kear moesplanten boud; fuort dêrnei rekke ik nei de klaei ta achter Ljouwert by in boer to meanen. Doe't dat dien wie kom ik werom. Ik...
Harkema
Yn 'e Liuwe-poel yn 'e Harkema ha se us in kear heard: "De tijd is verschenen, de man is der niet." Mear wyt ik der net fan.
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen.
Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op.
Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
As der in lykstaesje nachts passearde, en de minsken joegen gjin rûmte dan woarden se oan kant set.
Men kin yn 'e nacht lykstaesjes tsjinkomme. Hjoed-de-dei is der in jongfeint yn 'e Harkema, dy doart net midden op 'e wei to fytsen (1953).
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie timmerman. 't Wie in rûch man. Op in joun kom er fan 't wurk werom. Hy soe wer nei de Harkema ta en roan de Skeltepaden lâns. It bakje mei timmerark hied er oer 't skouder. Doe kom der him in wite juffer opside. Ruerd sei, hja moest by him weigean, hwant hy woe net mei har huorkje. Doe hie dy wite juffer him pakt en oer de...
In pleachbeest dat sjocht der hast krekt sa út as in grouwe fôlle. It hat hiele greate egen en it keart de minsken. Dy kinne net fierder komme as der in pleachbeest is. It hat ek hiele greate earen op 'e kop.
In frou út 'e Harkema roan op 't midden fan 'e wei. Doe tocht se: "Heden, hwat giet dat swier." Doe gong se by in lykwein op.
Op 'e Mûzegroppewei is yndertiid in moart gebeurd. De bloedplakken dy't der doe kommen, wolle net wer út it sket wei, dy komme der altyd wer yn.
Harkema
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
Us mem seach fier fan to foaren de fytslampen op 'e wei. Mem seach dy ljochtsjes kommen en gean.
Sy wienen samar foarby. Dat wienen letter de fytsen.
Harkema
Der wienen nachts faek lykstaesjes op 'e wei. Ik ha faek genôch de regenkleden wapperjen heard.