Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
12
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
12 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwing Place of Narration: Harkema
Us mem warskôge ús altyd: "Tink der om, rin nachts noait midden op 'e reed lâns! Gean oan 'e kant."
As de bern jouns net op bêd woenen, sei heit: "Pas op, hear, de wjerwolf stiet om 'e hoeke, dy pakt jim aenst."
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne. Alde frou Wobbes (Janke Hollander) sei: Dy't jouns midden op 'e wei rint hat de kâns dat er foar by de lykwein op rint en der achter wer by del falt. Janke wie nachts altyd op 'e lappen. As wy fan in feestje werom kommen yn 't holst fan 'e nacht, siet hja altyd as in roungear protsje by de hage. 't Wie ús...
Heit pleage ús froeger wol as wy der by joun op út moesten en wy wienen hwat brutael. Dan sei er: "Ast net om lyk wolste pakt it pleachbeest dy, hwant dat rint dêr en dêr."
Klaes Schievink hie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gong er mei de boerewein nei de duvelbander ta. Doe't hy dêr kom, sei de duvelbander: "Ik wyt wol krekt hwat der by dy oan 'e hân is. Hjir hast in flesfol drank mei. Mar pas op, der komt earst in ding oan, dy springt by dy op 'e wein en dy hat it op 'e flesse bigrepen. Lit dat ding de flesse net brekke...
Wy mochten froeger net in pod deatraepje, hwant, sei mem, dan bigong it to tongerjen.
Wy mochten ek net in mes nachts op 'e tafel lizze litte, hwant oars snijden oaren der mei.
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
Yn 'e Harkema wienen de minsken bang foar de tiid tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht. Hwant sy seinen: Tussen twaalf en één is alles op de been. Dan gong it altyd op in spûkjen. Deselden dy't by de faem wienen, gongen, as se 't mar even skikke koenen, foar tolven of nei ienen wer op hûs ta. Piter (har man) hâldde him dêr ek altyd trou oan.
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
't Wie de jouns om acht ûre yn 'e winter by Muntsjetille. Der lei iis oer 't Knjillisdjip. Doe hearden guon in stem dy't sei: "De tijd is gekomen, de man is er niet." Even letter kom der in man oan op redens. Se rôpen him ta: "Net fierder, net fierder!" Hwant fierderop wie in wek. Mar de man ried al fierder. Hy is yn 't wek riden en forsûpt.
12