Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
Mannetje Tinderlanteen en de frou Isebel wennen ûnder in pispot. It mantsje giet to fiskjen en hy fangt in prachtich moai gouden fiskje, en dat fiskje sjocht him sa oan en smeekt him, dat it wol sa graech wer yn 't wetter, dat hy krijt meilijen en smyt it der wer yn. It fiskje komt wer boven en seit: "As dank meije jo trije winsken dwaen." Mannetje...
Der kaem ris in as frou forklaeide keardel op in joun by in boer. "Kin ik hjir oernachtsje?" frege dy. De boer liet har der yn, mar hy fortroude 't net. Hy sei tsjin 'e feint: "Net fuortgean dû. Smyt dû m aenst hwat nuten ta." Dat hat dy feint dien. Doe heinde dat frommes de nuten op wylst hja de knibbels tsjin elkoar oan klapte. Doe wie 't biwezen dat it...
Vier vrouwen wouwen uit wandelen gaan
al in de klaverweide.
Daar zagen ze vier ruiten staan.
De boeren kwamen erbij.
De boeren wouwen met schoppen graven.
Schoppen wouwen de heren plagen.
De heren lachen van harte zo blij.
Toen kwamen de vier advokaten erbij.
(rijmpje bij 't kaartspelen)
In nachtmerje wie in frommeske, dat de minsken in soad lêst oandie. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
Drachten
Bertus Douma fan de Pein mocht graech in buorrel. Op in kear siet er yn 'e bus en even letter stoppe dy bus en doe kaem der in frommeske yn. Bertus Douma hie nei Ljouwert ta west en aerdich hwat oansketten. Der wie mar ien plakje mear yn 'e bus oer, njonken Bertus. "Jo kinne hjir wol sitte, frou", sei er. Mar dy frou hearde wol dat er tofolle hawn hie en...
Der wie in frou, dy kom de winkel yn. Sy woe aeijen keapje.
"Hwat binne dy aeijen djûr", sei se tsjin 'e winkelman.
"Wat noemt u duur," sei dy, "een kip heeft een hele dag werk aan één ei."
't Gebeurde yn froeger tiden op in nacht dat in frou allinne de kant fan Beetstersweach út wei kaem. Hja moest nei Drachten ta. Hja wie bang allinne yn 'e nacht, hwant men hearde de lêste tiden fan rare dingen. Yn Drachten wenne in tige biruchte ynbrekker en moardner, dat wie Biesterfeld. Dy wie krekt loskaem út 'e gefangenis. It minske wie bliid doe't...
In man en in frou hienen nei tsjerke ta west. Doomny hie preke oer Job en syn geduld. De preek hie gâns yndruk makke op de beide minsken en ûnderweis praetten se der nochris oer nei. Doe sei de man: "Dû matst hjir even op my wachtsje. Ik mat even út 'e broek." De frou wachte, mar doe hearde se ynienen in freeslik geflok en kettermintsjen achter 'e boskjes...
Der wie ris in doomny, dy frege in lytsfeint foar de tún. Hy foldie skoan, mar de doomny wist syn namme noch altyd net. Op in moarn kom er by de jonge. "Hoe hystû eins?" frege er. "Och doomny," sei er, "dat doar ik hast net to sizzen, hwant ik ha sa'n fize namme." Doomny sei: "Dat hindert hielendal neat. It sil wol in bibelske namme wêze." "Dan sil ik it...
In man en in frou, dy wennen yn in soarte fan hutte yn 'e wâl. Se hienen it och sa earmoedich. De man mocht graech fiskje. Hy sei tsjin 't wiif: "Ik gean der mei de angel op út." "Och, hwat silstû to fiskjen dwaen", sei se. "As ik hwat fang, dan nim ik it mei," sei er, "men kin noait ris wite." Hy fangt in fisk, en dy docht er fan 'e heak. "Sjesa," seit...
Der wie in bakker, dy bakte altyd to lichte bôllen. Mar hy paste der wol foar op dat it net sjoen woarde. Hy sette dy lichte bôllen altyd achter de goeije. Dy bakker hie ek in papegaei. As er fuort gong sei er altyd tsjin 'e frou: "As de kontroleur komt, achter binne de lichten." Doe kòm de kontroleur. En dy foun neat. De breaën hienen har gewicht, it wie...
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten. Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op. Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los. Beppe sei:...
Der wie in doomny, dy naem in jonge yn tsjinst foar túnwurk en oare karweikes. Hy sei tsjin dy jonge: "Hoe hystû?" Doe sei dy jonge: "Dat doar ik net to sizzen." Mar de doomny sei: "Ik mat dochs dyn namme witte!" De jonge woe 't earst net sizze, mar op 't lêst sei er: "Yn fredes namme dan mar. Ik hyt: Vier vingers in 't gat." De frou fan 'e doomny frege...
Oan 'e Dwarsfeart wennen twa famyljes, dy skreauwen har allebeide Pietersma. De iene Pietersma syn fyts hienen se stellen. De oare Pietersma hie de frou forlern. Doe moest de doomny nei deselde ta dy't de frou forlern hie. Mar hy koe de minsken oan 'e Dwarsfeart noch net en sa koe 't gebeure dat er by de forkearde Pietersma torjochte kaem. Hy sei: "Ik...
It wie yn 'e oarloch en doe wie der in man dat wie in hertstochtelike roker. Op in kear kaem dy man thús sjongendewei mei in wûnderbêst sin. De frou sei: "Hwat hastû in bêst sin." "Ja," sei er, "gjin wûnder. Ik haw in tabaksbontsje op 'e kop tikke. Toe," sei er, "gean dû dêr fuort even mei nei de winkel ta en helje my in pakje tabak op. Hjir hast ek...
Der wie in man, dy wie bot oan 'e drank. Hast alle dagen siet er yn 'e herberch. De bern en de frou krigen mear slaen as iten as er thús kaem mei syn dronkene kont. Nettsjinsteande dat wie 't minske dochs noch mâl mei de man. Op in middei - doe wie 't iterstiid, doe sei se tsjin 'e âldste jonge: "Mast jimme heit even in pantsjefol waerm iten bringe." Doe...
Ergens op in plak founen se alris in beest, dat allegearre bulten makke en alles ûnderstoboppe helle. 't Wie in mol, mar net in minske yn dat plak dy't sa'n beest ea sjoen hie. Allegear wienen se warber om it beest to fangen, mar dat retten se net op. Op 't lêst wie der in âld wyfke, dat fangde him. Doe sei se tsjin dy mol: "'k Sil dy de swierste straf...
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...