Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Myn broer Miente en syn kammeraet Meint Pama hienen op in joun beide nei de faem ta west. Yn 'e nacht kamen se werom fan 'e Rottefalle. By de Trije Roede gongen se útelkoar, elk moest in kant út. Meint Pama gong de Trije Roede del en kom sa by 't Blauhûs. Doe't er dêr oan ta wie seach er in forskining. 't Wie in frommis, dat sweefde. Meint wie sa binaud...
Myn broer Brucht siet by syn frou yn 'e hûs. Se wennen doe noch oan 'e Bethlehemsreed, hjir flak by. 't Wie noch ier yn 'e moarn. Doe sei er tsjin syn frou: "Hjir komme aenst mannen mei glêdde petten op. 't Lykje wol plysjes." Dyselde moarns, om healwei tsienen stie it hûs fan achteren yn 'e brân. Doe kommen de brandspuitmannen delsetten. Dat wienen de...
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Wie der in man of frou, dêr't er in hekel oan hie, en dy seach er op 'e wei, dan bigoun er gau yn in boek to lêzen en dan liet er dy minsken neaken stean. Dan foelen har de klean ôf. As er syn nocht hie lêsde er datselde wer achterút, dus dan lêsde er achterstofoaren. Dan koenen se de klean wer oanlûke.
Sa wier der in deserteur en doe dy faem nei de rjochter ta en doe moast se trije riedsels opjaen. En as de rjochter dy net riede koe, dan wie har minnaer frij. Dêr hie se in hountsje, dat hjitte Lely. Sy die dat hountsje dea en doe gong se op it feltsje stean; doe sei se: Op Lely ga ik Op Lely sta ik Op Lely ben ik welgemoed. En it wie: dêr nimt se in...
Dat gong oer in frou, de man hie oan 't neidollen west op it boerene lân, dat mocht net. Dêr krige er 14 dagen straf fan. It minske hie in greate húshâlding en dy woe graech dat har man thús wie, oars hie se gjin iten foar har berntsjes en foar har sels net. En doe gong se by de wâl lâns om hwat prikjes om har iten klear to krijen, hwat waeiprikjes of sa....
Boelenslaan
Fan it fiskje Timpertee Jan en Tryn wennen ûnder in âlde pispot. Hja hienen it neat to rûm. Jan giet nei de fiver ta en fangt in fiskje. Sjesa, tinkt er, dat is in goede brieder. Mar it fiskje bigjint to praten en seit: "Ik bin it fiskje Timpertee. Astû my wer yn it wetter smytste, meist' trije winsken dwaen." Jan smyt it fiskje yn 'e fiver en giet nei...
Der wie in boer oan 't ploegjen. Doe sei er tsjin 'e feint: "Helje my even in pear learzens fan hûs." "Goed", sei de feint. Doe't er yn 'e hûs kom, sei er tsjin 'e frou en de faem: "De boer hat sein, ik moest jim allebeide brûke." Dat woenen de frou en de faem net leauwe dat de boer dat sein hie. "Nou," sei de feint, "dan sil 'k de boer roppe." Doe gong...
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
Boelenslaan
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
Der wie in pastoar, dy kloppe let op 'e joun by minsken oan. Hy woe graech in sliepplak ha foar de nacht. De man sei: "Dat treft net. Wy ha mar ien bêd, en dêr sliep ik mei 't wiif op." Mar, hy koe dy pastoar dêr ek net stean litte yn 'e nacht, dat hy sei: "As it net oars kin, dan matte jo mar tusken ús yn lizze." Dat wie dy pastoar wol goed. Mar dy man...
Boelenslaan
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
Boelenslaan
Der wie in man ûnderweis en der wie ek in frou ûnderweis. De man hie in teefke by him, de frou in hountsje. De man en de frou bleauwen by elkoar stean. It hountsje bleau ek stean, it slikke it teefke om'e kont hinne. De man en de frou seagen it en de man sei tsjin 'e frou: "Sa moesten wy èk nochris." Doe sei de frou: "Dat kin wol. Dan matte jo mar op in...
De minsken hienen froeger faek lêst fan nachtmerjes.
In nachtmerje siet krúst op jins liif, mei 't gesicht flak by jin. De nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in man by in frou en yn 'e gedaente fan in frou by in man.
In frou dy't yn forwachting is mei net ûnder 'e leider trochrinne. Hja mei ek net ûnder 'e line troch.
En hja mei de beide hannen ek net boppe de holle stekke, wòl ien hân.
Myn suster hie in berntsje forlern. Wy hienen der fan op bigraffenis west. 't Wie yn 'e winter. Doe't wy wer thús wienen fan 'e bigraffenis wie 't tsjuster. Myn frou sei: "Der hingje noch in pear lekkens bûten op 't bargehok. Dy sil 'k even ynhelje." Hja gong der út, mar doe't se wer yn 'e hûs kom, sei se: "Nou is 't net bêst, nou is 't bêste fan 'e beide...
Op 'e merken hienen se froeger ek faek in swarte spegel. Dy't dêr yn seach, koe de frou sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
Boelenslaan
Fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. As mem de nachtmerje krige, sei se, hja hearde de rokken wol ritseljen. Dan foel der hwat op har del.
Hwat rogge yn 'e klompen dwaen helpt, seinen se. Sy hongen ek wol flear foar 't bêd. (flearstokken)
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine. Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke." Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn. De oare deis moest...
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
Boelenslaan