Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
Der binne bern dy wurde geboaren mei in flues om 'e holle.
Sokken, seit men, binne mei de helm geboaren. As se dat flues achteroer lûke matte sokke bern letter alles sjen.
As se it foaroer lûke, dan net. By de Petten yn 'e Harkema hat in frommes wenne dat mei de helm geboaren wie. Dy moest der nachts ôf as der letter in sterfgefal wie.
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
Op 'e Readskuorre stienen twa plaetsen njonken elkoar. Ien stiet der net mear, dy is ôfbrutsen. Dy plaets hat earst in skoftsje ûnbiwenne west. Doe stie it ark, lykas de ploege en de eiden en de weinen noch yn 'e skuorre. It wie op in joun, doe kom ik dêr mei in pear kameraden lâns. 't Wie yn myn feintetiid. Doe seagen wy dêr in lyts grien ljochtsje...
Op in joun soe 'k nei pake en dy ta, 'k wie in jonge fan sa'n jier of achttsjin. Ik slepte altyd by pake en dy. Geartom hie 'k by my. Doe seagen ik en Geart-om it hok fan Gjert van der Veen yn 'e brân stean. Dat wie hjir oan 'e Mellereed. Op in distânsje fan 200 meter seagen wy 't brânnen. Wy seagen 't glêshelder brânnen. Wy stapten hurd by pake en beppe...
Us mem en dy ha in berntsje forlern, dat is forbrând. 't Wie op in tongersdei-to-joun. De wyks fan tofoaren kom heit op in joun thús. Doe tocht er: hwat hjir is to dwaen, wyt ik net.
't Wienen allegearre minsken en fytsen. - Mar der wie neat.
In wike letter hiene jy deselde sitewaesje. Mar doe wie 't echt. Heit sei: Ik wist hwat der gebeure soe.
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje. Sy rounen njonken elkoar. Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
Lammert Klokmakker fan Eastemar syn broer wie mei de helm geboaren. Hy moest der nachts altiten ôf.
Harkema
Heit fortelde, op 'e merken hienen se froeger swarte spegels. Dy't yn sa'n spegel seach krige 't wiif to sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe.
Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
Wibe Alma ^ fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren.
Dy moest alles sjen. As der hwat wie woarde hy der yn 'e nacht útkloppe. Dan mòest er datselde sjen. Hwat er dan seach fortelde er letter. Dan sei er, dy en dy giet èk dea. Dat kom altyd út.
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen.
Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
Harkema
As der hwat is dat net doocht, dan sjocht in hynder dat it gaust. Dat springt dan oan kant. In hynder hat forgreatglêzen.
Oer de betonwei, achter 't earmetsjerkhôf seach ik in kear in gemeente-hûs yn 'e brân stean. It wie ien kleare klinkende lôge. Even letter brânde it op.
Men kin yn 'e nacht lykstaesjes tsjinkomme. Hjoed-de-dei is der in jongfeint yn 'e Harkema, dy doart net midden op 'e wei to fytsen (1953).
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
