Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
14 datasets found
Dutch Keywords: voorzien Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Garyp
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
Piter Poes wie duvelbander op Sumarreheide. Kamen der minsken by him dy't thús lêst hienen fan tsjoenderije, dan sei Piter Poes: "Ik hie jim al forwachte." Dan gong er mei dy minsken mei. In tsjoenster, seinen se, koe har foroarje yn in kat. Se koe ek op in biezemstôk troch de loft fleane.
Dêr't letter de tramwei kaem seagen guon op 'e Gariperheide wylde lantearnen. "Hjir komt hwat", seinen se. Doe kaem de tram dêr.
Guon wienen mei de helm geboaren. Sokken moesten alles fan tofoaren sjen. Sa'n man wie greate Sjoerd (Dykstra) fan 'e Achterwei to Sumar. Hy wie koedriuwer en moest der nachts soms ôf om nei in lykstaesje to sjen. Oan deselden dy't achter it lyk oanroannen koed er dan meastal wol birekkenje hwa't der stjerre soe.
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dat flies moast fuort forneatige wurde, oars seagen se letter lykstaesjes fan tofoaren.
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Hy mat der nachts wol us út om lykstaesjes to sjen.
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen. Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen. Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
Foardat de tram fan Drachten nei Feanwâlden der wie, seinen de lju fan Sumarreheide dat se de ljochten al sjoen hienen.
Rypke Paulusma wie rider fan ds. v. Herwaarden fan Garyp. Hja rieden us in kear nei Ljouwert om healwei seizen yn 'e winter. Samar ynienen woarde it reau op 'e berm set. Der stie in muorre foar 't hynder, it beest koe net fierder. Dêrom moest it wol oerside. De doomny en Rypke seagen de muorre allebeide. Letter kom dêr de tsjintwurdige brêge. It gebeurde...
Hwannear 't der ien kom by de duvelbander Piter Poes fan Sumarreheide, sei er: "Kom, bist dêr al? Ik ha de drank lang al klear hawn."
Inkelden yn Sumarreheide ha de ljochtsjes fan 'e tram al fier fan tofoaren sjoen, foardat de tram der wie.
Dikke Sjoerd Koedriuwer (= Sjoerd Dykstra) fan Sumar moest der nachts ek altyd ôf. Dy wie èk mei de helm geboaren.
Bearn Dekker (= Boonstra) wie mei de helm geboaren. Hy moest wol gau us yn 'e nacht fan 't bêd. Dan moest er hwat sjen. Hy hat us op in nacht sjoen, dat der in jongfaem, dy't op 'e Harste ûnder Sumar forstoarn wie, nei 't hôf ta brocht woarde. Hy seach it yn 'e nacht. De hiele bigraffenis, sa klear as by ljochtskyndei. In wike letter woarde dy faem nei 't...