Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
11 datasets found
Dutch Keywords: voorzien Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Eastermar
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
Alde Frytsen stie us yn 'e winkel by Rikele Pot. Doe sei se: "Hjir komt in ramp yn 't koart." In pear dagen letter sakke der in ramt yn en alle potte- en panneguod dat der op stie, kom nei ûnderen en rekke yn diggels. (Frytsen wie de beppe fan Willem Mulder to Eastemar)
Alde Jitse Bouma moest der nachts om tolve ûre ek út
Germ Visser hie op in joun mei 't wiif to jounpraten west. Underweis sei er: "Even achter my lâns gean." Doe seach er syn eigen slide (it wie in nije slide dy't krekt yn 'e swarte tar siet). Dêr stie in deafet op. Letter kommen se om syn slide to lien. De slide moest foar syn glêzen lâns. Der wie in frommeske forstoarn. ('t Gebeurde op 'e Tike)
Albert Postma wie de heit fan Klaes Oersetter. Hy wie fisker en gong der yn 'e nacht algeduerigen op út, mei syn boatsje. Hwerom, dat wie net bikend, mar men tocht, dat er dan hwat sjen moest.
Alde Hinse Jehannes fan 't Swartfean wie nergens binaud foar. Op in nacht kom er fan Feansterheide thús. Doe sieten der murdejeijers ta syn rapen. Doe't er by har wie, seach er se ûnforskrokken lyk yn 'e egen, dat sy lieten de rapen falle. De hounen wienen binaud. "Dat wist ik justerjoune al," sei Hinse, "dat jim hjir wêze soenen."
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove." "Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
It gebeurde yn 'e foarige ieu to Eastemar, dat Popke bakker yn 'e neinacht in minske by de bakkerije lâns gean seach. Hy tochte, dy koe wol us net folle goeds yn 't sin ha. It koe wol us om syn takkebosken to dwaen wêze. Dat hy slûpte har stil achternei. It minske gong de kant nei de Koemarke út en bleau stean op 'e earste trime fan 'e hekke. "Hwat mat...
As der in bern geboaren woarde mei in helm biwarre de dokter sa'n helm. De dokters wienen der gleon op. Sa lang dy helm yn stân bleau seach deselde, dy't der mei geboaren wie, de dingen foarút. Waerd de helm forneatige, dan wie dat dien. Guon dokters forkochten dy helms djûr.