Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
23 datasets found
Dutch Keywords: voorzien Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Drachten
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
As in houn spûkgûlt, dan sjocht er hwat. Dat bitsjut meastal in sterfgefal.
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
In man en in frou - dat wienen skippers - dy bûgelen it skip mei de bûgel fol skulpen foar de kalkbranderij to Drachten. Dat dienen se bûtendyks by Harns (Harlingen). Doe sei de frou ynienen ûnder 't wurk: "Wy matte optslach nei de wâl, hwant der is hwat yn ús famylje gebeurd." Datselde ogenblik wie har heit overleden.
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat. Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
Alde Bearn van der Woude sei op in kear yn 't foarige: "Ik koe fannacht net sliepe. (Hy wenne doe op Driemunt). Der komt fêst hwat. 't Wienen allegear ljochten en in leven dat der wie - der komt fêst hwat." Nou is de greate Rykswei 43 der troch. Flak njonken it plak, dêr't hy mei syn woanwein stie. Der binne ek forskeidene dy't de tram fan tofoaren riden...
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
Boardzer Bruining fan Boelensloane fortelde my ris: "Ik kom us in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. 't Wie moai ljocht-moanne-waer. Mem hie 't glês sa'n eintsje yn 'e hichte. Myn ierpeltsjes stienen waerm op 'e kachel. Doe't ik yn 'e hûs kom, stienen der in pear stuollen yn 'e hoeke, mei in lekken der op. Ik gong sitten. Doe't ik it iten op hie,...
Antsje Huizinga fan Burgum wie in bikende froedfrou. Dy hellen se faek yn 'e nacht op, as der in lytsen op komst wie. Dan sei se wolris, as de lju midden op 'e wei wienen: "Ho, dêr net lâns, hjir mat in lykstaesje passeare."
Myn âlde beppe wie op in joun bûtendoar. "Bern," sei se, "dêr komme allegearre ljochtsjes oan. En dy komme dit allegear út. Dat bitsjut hwat." Letter kommen de fytsen der. 't Wienen krekt deselde ljochtsjes.
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
Myn broer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm fan achteren losmakke en en nei foaren oer de holle helle, dan hoeft deselde neat to sjen. Wurdt de helm fan foaren losmakke en nei achteren oer de holle helle, dan moat er àl sjen.
Seach men in fjûrbol, dan bitsjutte dat swier waer.
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen. Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat. Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze). As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
Us Bareld komt op in joune thûs. "'k Ha hwat bileefd", sei er. "Wy stienen to praten by Jille Pultrum. Ynienen bigjint dat hûs to kreakjen en to brânnen." Steven de Meer wie by Bareld. Sy binne togeare útnaeid. 't Wienen great-jonges. De hjerstmis brânde dat hûs ôf.