Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Wylde lantearnen ljochten froeger op 'e wei. Dat wienen de tekens fan de lettere fytsljochten en de autolampen.
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
Hjir wenne in âld minske, dy hie sjoen dat der weinen ride soenen sûnder hynders der foar. Dat wienen de lettere auto's.
En hja sei ek: Skielk komt it safier, dan fljogge de minsken yn weinen troch de loft. Dat wienen de lettere fleantugen. Dat hie se allegear fan tofoaren sjoen.
Alde Griete Geart moest der nachts ek altyd út as der in bigraffenis yn oantocht wie. Dy waerd dan kloppe. Bleau er lizzen, dan moest er sa hurd rinne dat er alhiel achter de siken rekke.
Griete Geart wie mei de helm geboaren.
Dy helm hienen se him forkeard ôfnaem, dêrom moest er letter alles sjen.
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen.
Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
De Westereen
Yn 'e Westerein wenne in man, Bontsje Keke. Se seinen, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach nachts lykstaesjes. Dy mòest er sjen, dan koe er net op bêd lizzen bliuwe.
In pear dagen letter wie dan meastal de èchte bigraffenis.
Mar hy hie dan alles al fan tofoaren sjoen.
De Westereen
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
De Westereen
't Gebeurde èk op in nacht, doe seach er syn dochter dea lizzen yn 'e dobbe. Dy hie harsels forsûpt.
't Kaem krektsa út.
In pear dagen letter wie 't doe gebeurde 't echt. Doe foun er har yn 'e dobbe.
De Westereen
Úlke wie in duvelbander, dy wenne oan 't Wyldpaed. Wopke wie in duvelbanner, dy wenne yn Kûkherne. Se gongen meast nei dy mannen ta as de bern bitsjoend wienen. Dan krigen se medesinen mei, meastal yn in fleske. Wopke sei dan: "Pas der goed op, hwant ûnderweis komt der in houn of kat of oars hwat, dy hat it op 'e drank gemunt. 't Fleske mat oan 'e...
Letter hie Jan Visser nòch sa'n gefal, nou mei syn eigen jonkje. Doe wie er al troud en hy wenne yn Kollum. Dat wie doe't syn jonkje stoar. Hy soe der krekt even op út mei syn mem, dy't by har yn wenne. Sy stienen al yn 'e gong. Doe sei Jan: "Gean even oer side tsjin 'e muorre oan stean." Hja gongen oer side. Der gong in kistje foarby. Jan seach it, syn...
De Westereen
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit. Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter....
De Westereen
In soad lju hjir yn 'e Westerein ha fan tofoaren de trein riden sjoen mei ljochtsjes en al. Auke van der Sluis fortelde my, dat er de trein tiden tofoaren yn 'e nacht faek fluitsjen hearde.
Yn Sweagerbosk wenne in feint, dy kom us foar de swarte spegel to stean. Doe seach er yn dy spegel in frou mei in mûtse op en de kielbannen los. Hy sei: "Dy mei 'k noait lije!"
Mar hy hat har troud, mar it gong hast altyd op in kreauwen tusken dy beiden. Sy koenen mei elkoar as houn en kat.
De feint moest achterstofoar wer ta de tinte út.
De Westereen
Ik breide en stoppe wol foar Knjillis-om. As er dan hwat sjen moest nachts, dan rekke hy der sa hastich út, dat dan hied er de hakke fan 'e sok op 't krop fan 'e foet sitten. Sa'n drang siet der achter. It moest gebeure.
De Westereen
